Giny Bastiaans

Trainde kaakspieren yn it nije jier

logo.ensafh

It binne de lêste dagen fan it jier. Yn de sportskoalle wie it drok fan ’e moarn. Elk woe de krystkilo’s der leafst yn ien moarn wer ôf switte. Want te hearren oan de ferhalen hie elk noflike dagen hân. Tafels fol mei iten en alle bern en pake- en beppesizzers der omhinne. Yn goeie harmony.
Nei de krystferhalen kaam it petear op foarnimmens foar it nije jier. En de sfear op en om de apparaten waard suver wat oerémis. Der waard mear praten en lake as switten. ‘De kaakspieren wurde aardich traind hjoed,’ sei R. de sportskoallehâlder.

In grutte keardel dy’t ik dêr wol faker sjoen en benammen heard hie, stie foar de spegel syn búkje te besjen.… Lês fierder

Anne Feddema

Selsfoarsjennend

logo.ensafh

 

 

 

Hoeden Bûddha
Fan ’e Action
Unferweechlik
Op tsjeppe túntafel
Yn syn skerte blêd
Oranje, read, giel,
Fan bjirk en kornoelje

Ik gean der
Ek by sitten

Bûddhabruorren
Binn’ wy waarm
Gol en rûn
Wekker wurdend yn
Wer in oar sinnefjoer
By no sliepend nachtlampke

Leafde, ljocht
Hoop, mooglikheden
Tinzen dwarrelje
Op weagen hjerst

Ik praat tsjin wat
Hjir groeit en bloeit
As tsjin hûn, kat
Of Pakesizzer
Stim heger as oars
Stim fan myldens
Sêftmoedigens

Reade kornoelje syn
Stâlen binn’ tsjok
Hiel hurd hout
As it ritme
Fan myn dagen
Stadich wurdt
In skonk no en dan
Net wol wat ik wol
Meitsje ik dêrfan
In gongelstôk

Rin ik wer
As in ljip
Yn myn ierdsk
Blomryk Paradys.… Lês fierder

Jelma Knol

Janneke Spoelstra ûndersiket de posysje fan de Fryske dichteres

logo.ensafh

Wêr bliuwe de froulju? is de titel fan Janneke Spoelstra har stúdzje nei de posysje fan de Fryske  dichteressen fan de lêste 35 jier. De ûndertitel is: Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023). Dy ûndertitel is my suver te beskieden, krekt as de fermelding fan de auteursnamme (Der stiet op it omkaft net Janneke Spoelstra, mar: Gearstald troch Janneke Spoelstra). Ik fyn dit in yndrukwekkende, erudite stúdzje, grôtfol analyzes, literatuerferwizings nei stúdzjes oer de rol fan de frou yn de literatuer, de posysje yn oare taalgebieten en boppedat moaie, djipdollende ynterviews mei tsien dichteressen. It boek is de opfolger fan myn essee út 1993, ‘Ut syn aerd wei froulik’, de Fryske dichteressen en it misferstân.Lês fierder

Henk van der Veer

Manderijntsje

logo.ensafh

Tussen geboarte en sterven leit ut leven. De enege sekerheid dy’t un mins bij syn geboarte het, is dat der oait un einde an syn òf har leven komt. Klisjé en nyt su’n bitsje ok. Mar omdat ut klisjé is, sit der ok un allemachtegste groate kern fan waarheid in.

Ut binne twee intieme gebeurtenissen, wêr’t noait hòrdes minsen bij anwesech binne. Teminsten at ut nyt om ekstremen gaat. Nà de geboarte en ut sterven is dat faak wel anders.

Bij un geboarte binne der talrike rituelen en gebrúken. In ut Frys ferskeen in 1984 ut boek met as titel ‘Om ’e wivedei hinne’, met as ondertitel kreambrûkmen yn ’e trije Fryslannen.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Leaf kattich: ja, it kin!

logo.ensafh

Kommer en kwel hat syn yntree dien. It is ús hûs ynslûpt. It wie hiel lyts. Sa lyts dat we it mei it bleate each net sjoen ha en no falle we by boskjes om. It hat him fêstset yn ús sellen en wol ús ûnderút helje. Earst kaam der pineholle. Hiel djip en ynkringend en dan no koarts. Gelokkich, koarts. Ik wie dêr bliid mei, want it like my goed ta, mar ik wie dochs te hjit en foel even flau op ‘e oerloop. Ik sleepte mysels nei ûnderen en gong mei in tekken op ‘e bank lizzen. Ik treau ek de ôfwaskmasine fol en fielde my in held.… Lês fierder