Rieuwert Krol

Om wat foarfallen is – Oer Angel fan Tsead Bruinja

logo.ensafh

Tsead Bruinja hat twa dichtkarriêres. Ien yn it Nederlânsk mei Dat het zo hoorde (2003), Batterij (2004) en Bang voor de bal (2007), en ien yn it Frysk mei De wizers yn it read (2000), De man dy’t rinne moat (2001), Gegrommel fan satyn (2003) en Gers dat alfêst laket (2005). Net allinnich is de taal in ferskil ek de toan, de styl en ûnderwurpen binne oars yn it Frysk as yn it Nederlânsk. Miskien wie dat in ûntwikkeling dy’t no ta in ein kommen is mei de lêst ferskynde bondel Angel. Hjir liket de oersetting in oare (taal)ferzje fan itselde gedicht te wêzen en net mear.

Angel is in twatalige dichtbondel útjûn yn krante(tabloid)formaat, mei op ’e bledsiden lofts de Fryske tekst en rjochts de oersetting? yn it Nederlânsk. In bondel foar dyjinge dy’t leaver Nederlânsk lêze as Frysk? Of is it in bondel foar de Nederlânske merk? It giet yn Angel om de gelyktidige ferskining fan de Fryske en oersette tekst. Dizze wike seach ik dat Angel ek gewoan as bondel útkaam is. Frjemd. Wat hat de needsaak fan de eardere útjefte as krante dan west?

De bondel iepenet mei in tal fersen dy’t ôfwike fan it oeuvre fan Bruinja. Se binne beheind yn romte, yn byld en skruten hast fan toan. Mar hiel dúdlik en as glês sa helder.
Bruinja liket him te beheinen ta in lyts tal faktoaren. Yn de earste ôfdieling komt it byld fan hannen hieltyd werom. Immen sjocht syn hannen en lêst dêr wat yn. It hat wat ferûntrêstens. De titel fan dy ôfdieling, ‘lit de ûnderhannelings begjinne’ aksintuearret de driging. It earste gedicht giet sa:

septimber
de bijen binne noch net útiten

op it plein
sliept de kermis

ik jou net genôch om dy film
om derhinne

myn hân is in kûmke
gjin latte

Yn de Nederlânske oersetting sjocht dat der sa út: (september / de bijen zijn nog niet uitgegeten // op het plein / slaapt de kermis // ik geef niet genoeg om die film / om erheen // mijn hand is een kommetje / geen lat)

De útdrukking ‘ik geef niet genoeg om die film om erheen’ liket my in net bedoeld frisisme. Fierder binne de teksten hast itselde. Der is eins gjin spjeld tusken te krijen. De ein fan de simmer dy’t noch krekt net foarby is en in jonge dy’t mei de siel ûnder de earm yn in doarp wennet en in grut langstme projektearret yn de lege kûm dy’t syn hân is. Wa follet dy romte? De simmer is foarbygongen en no hat er noch gjinien.
It twadde gedicht:

it ljocht fan de fjoertoer
strykt oer de hûzen
en de tsjerke

in wolk protters
draait om ’e toer

snie dy’t net bakke wol
leit yn myn hannen

en ik ha gjin flibe mear

(Nederlânsk: het licht van de vuurtoren / strijkt over de huizen / en de kerk // een zwerm spreeuwen / draait om de toren // sneeuw die niet plakken wil / ligt in mijn handen // en ik heb geen spuug meer)

It is winter wurden. Mar kinst fan de snie neat meitsje. It doarp is stil. It ljocht komt en ferdwynt mar de jonge hat gjin flibe mear om fierder te boartsjen. Hy is allinnich en hopet dat freontsjes ek mei de snie boartsje wolle, mar der komt gjinien. It is fêst in snein. De jonge giet net nei tsjerke, hy sjocht wol hoe’t it ljocht fan de fjoertoer oer de tsjerke strykt. Hy sil dêr letter dit gedicht oer skriuwe. Dy’t binnen sieten yn tsjerke of hûs, smûk by heit en mem, dy sille him net lêze. De jonge is de taskôger.

Jierren letter, de jonge is in man en in dichter wurden: ‘fan ’e moarn // wekker yn âld farwetter’. ‘mear as tsien jier / troch dizze slinke fearn / iten skiten en dien // ik swim troch myn eigen smoargens’. Dan folget in gedicht yn en út it no fan de dichter. Op de folgjende bledside in gedicht yn in lettertype, twa kear sa grut oer in boat dy’t besiket om stil te lizzen en dêrby de modder fan de feart omheech spat. Dat is wat de dichter yn dizze bondel wêze wol en faaks wol wêze moat: in skroef dy’t de modder en smoargens út it âlde farwetter de loft yn spuitsje moat. Moai wurk.

It twadde part fan de earste ôfdieling giet fierder mei in ik, de jonge, dy’t de dichter in do begjint oan te sprekken. No komme we telâne yn it werklike drama.

mei in prûmke yn de mûle
yn de iene hân de boarnamer
en yn de oare de tuolle
rint hy by de groppe del

boarstbern

salvje him

En it folgjende gedicht:

it baarnt my yn ’e bûse
wat er sein hat

klopjacht fan fingers
ik wol dy by my ha

fêstbûn
opjage wyld

krûpt út ’e bûse
krûpt út ’e mûle

Stiet in pear fersen fierder:

‘soe ik dit tsjin dy sizze
at ik net sa benaud wie?’

Wêrom is er sa benaud? De folgende ôfdielingen yn de bondel fertelle dêr net sa’n protte oer. Ik fyn dy ek net sa oertsjûgend, foaral It boek en de dea, liket mear in fers dat tefolle driuwt op in darling dy’t de dichter fermoardzje moatte hie. Mar dan op side 34 yn it part dat apen hyt, begjint it wer. Wer komme de hannen út it earste part werom. ‘sy ferlegen mei syn hannen is’. En: ‘al lulk foardat ik hannen hie’. ‘de binnenkant / fan myn hannen projeksjeskerm / dêr’t ik yn spuide // en wriuwde / oant it nei fjoer rûkte // fûsten dy’t ik net oan it wurk sette’.
De dichter giet fierder mei it tinken oer plakken dêr’t er de do ophingje kin; oan hokker beam? Mar dan komt er ta in soarte fan bittere ferjouwing yn it lêste fers dat ik sitearje sil:

der is in soad dêr’t wy net oer prate
at wy deroer prate

ik sjoch dy oan
en achter dyn wetterige eagen
skynt it fertriet

spitigernôch baarnt der gjin twifel
leit der gjin ark

ûnder it ôfdak fan dyn tinzen

gjin fûsten
om wat foarfallen is
rjocht te breidzjen

De nije gedichten fan Bruinja litte in nije ûntwikkeling sjen yn it oeuvre fan in skriuwer mei in grutte produksje. Yn syn earste, Fryske bondels wie er beheind, mar spruts er altyd immen oan. It wie hast sentiminteel. Mar wol keunstich en moai. Letter, yn syn Nederlânske fersen foaral, wurde de gedichten grutter en wurden se droegen troch it ritme fan in swolch wurden dy’t net botte subtyl is, mar wol moai. Moai? It wurke. Der wie immen oan it wurd dy’t wol wist wat er sei en sizze woe. No yn Angel is er foar in part werom by de earste fersen en giet it ek wer oer wat út syn bernejierren dat nea beneamd wurde kinne sil. Wer is de romte yn de fersen oar it algemien net grut. De foarm en de oansprekfoarm fan dizze gedichten liket noch it meast op notysjes. De (emosjonele) spanning is dêrtroch wat fuort, mar it drama is grutter wurden.

Tsead Bruinja
Angel
Bornmeer 2008

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *