Hedwig Terpstra

Petear mei Willem Schoorstra

logo.ensafh

‘Nei de dea fan kening Rêdbâd hat it Fryske folk nea wer in ienheid foarme.’

Willem Schoorstra (1959) syn nijste roman ‘Rêdbâd, kronyk fan in kening’ komt heal april út by de Friese Pers Boekerij. Syn roman ‘Swarte Ingels’ is koartlyn opnij ferskynd yn it ramt fan ‘Fryslân lêst syn toppers’. Alle reden foar in fraachpetear mei de skriuwer dy’t mei syn frou en trije bern yn Ternaard wennet.

Wat kinst kwyt oer dyn nije roman? Yn hoefier is it ferhaal basearre op de wierheid?
Willem: ‘It wie in bealch fol wurk, ik ha der fiif jier oer dien om it boek te skriuwen. It ferhaal is basearre op wat der bekend is oer kening Rêdbâd, dy’t libbe fan 648 oant 719. Oan feiten wie der net sa folle, dat dy kinst maklik werom fine yn it boek. Dêrnjonken wie der dus genôch rûmte foar ‘Dichtung’. Ik ha it libben fan Rêdbâd spegele oan dat fan Pepyn fan Herstal, de Frankyske hearsker yn dy tiid. Ik ha de werklikheid nei bêste kinnen werjûn. It hie sa gean kinnen, mei de rituelen en de wize wêrop’t minsken yn dy tiid mei-inoar omgongen. Ik ha ek in soad ynformaasje fûn op it ynternet, ûnder oare by de universiteit fan Cambridge. Yn it boek ‘De tegenwoordige staat van Friesland’ út 1785 stiet in passaazje oer wêr’t Rêdbâd stoarn is en ‘ûnder it skyld kaam’, dus begroeven is. Fan Kerst Huisman ha ik in kaart krigen fan hoe’t Fryslân derút seach om de wiksel fan de sande en achtste ieu hinne. Fryslân wie yn de tiid fan Kening Rêdbâd in selsstannich lân dat him útstruts fan de Sinkfal oant foarby de Wezer. Dy kaart stiet ek yn it boek.

It keningshof wie in reizgjend hof: Rêdbâd en syn heit Aldgillis kamen op ferskillende plakken, lykas Doarestêd, Wyltenboarch (Utert), harren boarch yn Medemblik en yn Starum, dêr’t se in houten pleats hienen. En op Fostelân (Helgolân) dat as hillich plak en residinsje fan de Fryske god Foste beskôge waard. Rêdbâd syn namme is eins yn alle Fryslannen noch bekend. En it ferhaal fan syn doop, dat er mei ien foet yn it font stie, kenne ek in soad minsken noch. Ik fyn it in hiele nijsgjirrige tiid. De Franken binne yn it jier 500 oergien ta it Roomske leauwe, wylst de Friezen heidensk wienen. Yn it suden wie altyd striid om it leauwe. Rêdbâd wie de lêste grutte heidenske kening. Hy wie fûl op it kristendom tsjin en liet de tsjerken delhelje. Oant syn dea hat er stânholden tsjin it kristendom. Nei Rêdbâd syn dea hat it Fryske folk nea wer in ienheid foarme. Syn soan waard foaroanman, mar koe it Fryske lân net byinoar hâlde en it foel yn parten út inoar.

Wat ik ek hiel nijsgjirrich fyn oan de tiid fan kening Rêdbâd is de ferhâlding tusken man en frou. By de oare Germaanske folken wie it sa dat at ien in frou wat oandie dyjinge in hegere boete krige. By de Friezen jilde yn sa’n gefal deselde boete. Dat klinkt as soe de frou minderweardich wêze, mar dat wie net sa. Froulju en manlju hiene in lykweardige posysje en froulju hienen yn dy tiid ek stimrjocht. It wie wol in hurde tiid, mar net barbaarsk. Minsken libben nei de omstannichheden fan dy tiid. At der oan in pasberne poppe wat skeelde, dan waard dy yn de bosk foar de wolven lein. Minsken mocht it net barre om sa’n bern grut te bringen. Neffens de wet mochtst sa’n bern neat mear oandwaan at it molke of huning yn de mûle krigen hie. Yn it boek wurdt in poppe berne mei in bochel en in skeind earmke. De beppe seit dan dat it bern fuortbrocht wurde moat, mar de mem hâldt fol dat it in bysûnder bern is, om’t it in flues oer de holle hat. De goademan fan it keninklik hof wurdt derby helle, en dy bepaalt dat it bern dêr in oplieding krije sil. Ik ha der by it skriuwen fan it boek bewust foar keazen om net te flechtsjen yn paranormale dingen, mar alles sa folle mooglik op in natuerlike manier te beskriuwen. Der sitte wol myten ferweve yn it ferhaal, mar dy ha ik wol ûntdien fan boppesinlikheid. Ik ha bygelyks skreaun oer it findel fan Tanfane en de oerlevering fan it swurd Asbran, ûnder oare. Dat komt allegear werom yn it boek.

De taal is it fûnemint fan it boek. Ik ha in soad moaie Fryske wurden brûkt, ha my wat dat oangiet hielendal útlibbe en foaral net ynholden. Kris Verwimp, in Belgysk tekener, is de ûntwerper fan de yllustraasje foarop it boek. Hy makket ek in soad covers foar cd’s. It boek wurdt op 16 april yn Zero te Dokkum presintearre, en der komt in band by te spyljen. Ik bin tige benijd hoe’t it boek ûntfongen wurde sil. Ik soe it boek graach yn it Dútsk oersette litte wolle en op termyn ek yn it Ingelsk. Ik tink dat dêr wol belangstelling foar is. Ik ha op Facebook kontakt mei minsken út Poalen, Dútslân en Tsjechië bygelyks, en dy binne ek hiel benijd nei it boek. Dan soe it hielendal moai wêze at der in Ingelske oersetting komt. En it ûnderwerp fan it boek is ynternasjonaal oansprekkend. Yn de tiid fan Rêdbâd lizze de woartels fan it lettere Europa. Ik hâld de blik op it bûtenlân en tink net dat it boek fuortendaliks yn it Nederlânsk útkomme sil. Boeken publisearje yn Nederlân is dreech, in auteur út Azerbeidzjan hat neffens my earder kâns op publikaasje as skriuwers út Fryslân.’

Bestiet der noch soks as in Fryske mienskip?
Willem: ‘Neffens my wol, mar it moat bliken dwaan hoe djip dat identiteits-bewustwêzen sit. Wat wol it folk, dat is de fraach. Ut ûndersyk hat bliken dien dat likernôch 90% fan de Friezen tsjin it opheffen fan de provinsje is. In groep lykas dy fan de Frije Fryske Grûn makket him sterk foar in autonoom Fryslân. Op it Leppa Akwadukt stiet ek mei grutte letters: ‘Fryslân Frij’. En de groep fan Auwerk wol lyksa ta op in grutte autonome Fryske regio. Heechleararen lykas Oosterhaven en Elzinga fan de universiteit fan Grins sprekke harren ek yn dy rjochting út. Ik bin benijd hoe’t ien en oar him ûntjaan sil. Eric Hoekstra hat yn 2005 it essay ‘Weg van de Randstad’ publisearre, dêr’t op in hiel tagonklike wize de steat fan Fryslân foar dy fan de Rânestêd oer yn beskreaun wurdt. Yn kombinaasje mei in rapport lykas ‘Top of Holland?’ jout dat in goed, sij it net in posityf, byld. We moatte besykje op eigen poaten te stean. Om ta autonomy te kommen binne der twa wegen: it kin út de polityk wei komme of út it folk wei, en it leafst dy twa byinoar. It besef dat it kin moat der earst wêze, mar hoe makkest de minsken dêr bewust fan? De FNP hie ûnôfhinklikheid earder as ien fan syn sintrale tema’s, mar dat is de lêste jierren ôfswakt ta ‘mear foech’ foar de provinsje.

Ik tink dat wy ús hjir yn Fryslân sels wol rêde kinne. It argumint dat Fryslân te lyts wêze soe kloppet net. Yn Lúksemboarch wenje mar 429.000 ynwenners, wylst dat lân ien fan de bêste ekonomyen fan de wrâld hat. Fryslân hat 460.000 ynwenners, dus dêr sil it him net oan sitte. Ik bin in foarstanner fan trijetalich ûnderwiis. It giet goed mei de trijetalige skoallen. De aksje fan Donner om mear rjochten foar it Frysk fêst te lizzen yn de taalwet komt krekt foar de ferkiezings, en beskôgje ik dêrom as in lege dop. Grins is no útroppen ta kultuerstêd. Dat betsjut dat in Grinzer wethâlder no bepale moat wat der yn de trije noardlike provinsjes barre sil op it mêd fan kultuer. Ik fyn dat te absurd foar wurden. It is wol in goede saak dat der wer plannen binne foar in universiteit yn Fryslân. We moatte alle war dwaan om de jongeren yn Fryslân te hâlden en dêrfoar ek de betingsten te skeppen, lykas wurk en goed ûnderwiis. Ik fyn it ek superyrritant dat by de Steateferkiezings lanlike tema’s sa oerhearskje. Sels de kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat oanjûn dat der foar oppast wurde moat. Ik fyn dat wol opmerklik foar in man yn syn posysje. Ik fyn it spitich dat DeFriezen net meidogge oan de steateferkiezings. Sy binne folle útsprutsener as de FNP oer Fryslân as autonome regio. De FNP makket him sterk foar kulturele autonomy, mar dat is net genôch. Fansels is it wichtich dat we de taal fersterkje en de kultuer as Friezen sels yn hannen ha, mar in maatskippij is mear as inkeld de taal. It is eins wol opfallend dat sûnt it Fryske keningsskip ferdwûn is, de Friezen noait wer in ienheid foarme ha. Yn de midsieuwen seachst dat bygelyks mei de reboelje tusken de Skieringers en de Fetkeapers. Mar we sitte hjir noch yn in lúkse posysje ast Westerlauwersk Fryslân ferlikest mei East- en Noardfryslân. De taal is yn Eastfryslân hielendal fuort, mar dochs is der noch soksawat as in Fryske identiteit. Likegoed soe it in ferearming wêze at de Fryske taal ferdwynt, want it is ien fan de âldste talen fan Noard-Europa en hat in grutte rykdom yn ferskaat. Ik fyn Liet Ynternasjonaal fandienens in moai evenemint: wat hast dêr in grut ferskaat oan eigen talen en ynstruminten. In stik nijsgjirriger as dy ‘camp’ fan it Eurovisie Songfestival.’

Do bist belutsen by it Johnny Cash yn it Frysk oersetprojekt. Wat hast krekt dien foar dat projekt?
‘Dêr bin ik no krekt mei klear; juster ha ik de lêste oersetting makke. Anne Popkema en Ate Grijpstra binne de oare oersetters. De nûmers wurde útfierd troch ûnder oare Eduard Rekker, Monstertux, de Hûnekop, Anneke Douma en Baldrs Draumar. De cd komt foar de simmer út. Dit projekt is in inisjatyf fan Jacco de Boer en Klaas Land. Yn july en augustus komt der in toernee troch Fryslân. Persoanlik hâld ik oars net sa fan dy ‘yn it Frysk’ projekten, ik ha leaver orizjineel Frysktalich wurk. Mar dit fûn ik aardich om te dwaan, ik fyn de persoan Johnny Cash ek nijsgjirrich. Ik ha by de teksten gjin literêre taal brûkt, soks wie in betingst fan de organisaasje. Johnny Cash wie in man fan it folk, en dat moast ek yn it Frysk sa bliuwe, wat de teksten oanbelange. En dat fûn ik no krekt it moaie oan dit projekt, dat it net mikt op in teaterpublyk lykas dat fan Leonard Cohen of Bob Dylan, mar op de meast brede laach fan de befolking.’

Op 17 febrewaris lêstlyn hat yn Dokkum in jûn west nei oanlieding fan it opnij ferskinen fan Swarte Ingels, yn it ramt fan ‘Fryslân lêst syn toppers’.
Willem: ‘It tema fan de jûn, ‘ûnmooglike leafde’, is út it boek distillearre. ‘Swarte Ingels’ giet oer in relaasje tusken in broer en suster. Neffens de konvinsje fan de maatskippij is sa’n leafde tusken broer en sus net mooglik. Minsken freegje my wolris hoe’t ik op it idee kaam bin. Yn de jierren santich binne ris in broer en suster ferdronken, wylst sy beide hiele goede swimmers wienen. It wie dus hiel min te ferklearjen hoe’t dat koe. Dat hat my altyd fassinearre, it hoe en wêrom en ek it byld fan twa bultsjes klean en twa pear skuon oan ‘e wetterkant. Dat hat it útgongspunt west foar ‘Swarte Ingels’, mar it is likegoed wol fiksje.

De jûn yn Dokkum waard presintearre troch René Koster fan Omrop Fryslân en fierder wienen skriuwer Bart Kingma, kollumnist en filosoof Bauke Zijlstra en skoaldekaan Klaske Kommery oanwêzich. De muzyk wie fan Hille Stellingwerf en Bart Hooghiemstra. Der waard diskusjearre oer wat ûnmooglik is yn de leafde en dat wie wol hiel nijsgjirrich. Bauke Zijlstra liet sjen dat de noarmen oer erotyk yn de rin fan de tiid feroare binne. De miening fan de reagearjende oanwêzigen yn de seal wie oars betreklik liberaal. De organisaasje hat fjouwer Fryske boeken út fjouwer ferskate tydrekken útsocht. ‘Swarte Ingels’ fertsjintwurdiget de lêste trije desennia. Der hat ek in jûn west oer Anne Wadman (1919 – 1997) mei meiwurking fan Joke Corporaal. Nei oanlieding fan ‘Swarte Ingels’ is ûnder oaren in twitteraksje opset, wêrby’t de twa haadpersoanen Hilbrand en Fardau inoar online de leafde ferklearren. En yn it ramt fan Falentynsdei is de ûntwerpwedstriid ‘Meitsje in monumint foar de ûnmooglike leafde’ holden. Marin Leus út Den Haach hat de wedstriid wûn mei de ynstjoering fan in filmke. Presintatrise Renate Kuivenhoven rikte op de jûn de priis symboalysk oan har út, om’t se der net by wêze koe. Der wienen aardich wat ynstjoerings foar de wedstriid, lykas kollaazjes, skilderijen, gedichten en filmkes. Efterôf besjoen hie de rige ‘Fryslân lêst syn toppers’ wol wat earder út ein sette kinnen. Dan hie it miskien noch op skoallen yn in programma opnaam wurde kinnen. De namme ‘toppers’ fyn ik oars net sa geweldich keazen, want dan tink ik fuort oan glitterpakjes en sa. ‘Fryske klassikers’ hie dochs better west. Mar och, wat kin it skele?’

Wat hast noch mear skreaun en wat dochst noch mear?
‘Yn 2001 bin ik debutearre mei gedichten yn de bondel ‘Ynwijing’. Myn ferhalebondel ‘Berjochten út Babel’ is in jier letter útkaam. ‘Swarte Ingels’ ha ik skreaun yn 2004 en yn 2008 oerset yn it Nederlânsk. Yn 2007 is myn roman ‘De Ofrekken’ útkaam. Hawar, en no aanst ‘Rêdbâd, kronyk fan in kening’ fansels. Op it momint bin ik dwaande mei it meitsjen fan in opsetsje foar in nije roman. Ik dichtsje eins hielendal net mear. Ik skriuw wol kollums, lietteksten, koarte ferhalen en essays. Koartlyn is op ensafh in nij, frij lang ferhaal fan my ferskynd: ‘De kwote fan Einstein’. Ik publisearje ek wol yn De Moanne en doch mei oan ferskate projekten. Njonken al it skriuwen wurkje ik ek noch fjirtich oeren wyks op de produksje-ôfdieling fan de flaggesintrale yn Dokkum. Ik bin berne yn Ternaard, mar ha ek fiif jier yn Dokkum wenne. Myn freondinne rekke swanger en we woenen graach werom nei ‘it plattelân’ (krekt as is Dokkum sa’n wrâldstêd). We ha doe, út ekonomyske redenen, in hûs fûn yn Ternaard en sa binne we hjir wer bedarre. Myn grutste hobby is gitaarspyljen. Oardel jier lyn ha ik noch in optreden dien mei Raw Deal, dat yntusken net mear bestiet. En we tinke der no oan om in band op te rjochtsjen fan Fryske skriuwers, mei ûnder oare Cornelis van der Wal en in stikmannich oaren. Mei dy band wolle we dan ek wat steviger materiaal bringe. We ha yn alle gefallen goede tekstskriuwers!’

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *