Tryntsje van der Steege

To tab or not to tab

logo.ensafh

Sa. In kollum foar de digitale edysje fan Ensafh. En dy lêze jo dan op it skerm fan jo desk-, lap- of palmtop kompjûter – of op in tablet. It skriuwen fan dit stikje bart op myn âlde trouwe laptopke, dy’t mei har boujier 2003 al aardich heech op jierren is. Dizze dierbere freondinne beheart (om net te sizzen: behearst) myn hiele libben; se hat ûntelbere foto’s opslein, likefolle mailtsjes ferwurke, en hat my troch trije stúdzjes hinne holpen. Mei har lêste krêftsynspanning ha we tegearre fan’t simmer myn mastersskripsje folbrocht, en no leau ik dochs dat har tiid sa stadichoan kommen is. Har ûnthâld wurdt minder, it rint allegear net sa fluch en soepel mear, it systeem hekket sa no en dan, en mear as twa dingen tagelyk oan de holle kin se eins net mear oan. En dat is fansels net mear fan dizze multi-taskende, multi-funksjonele, streamfersnellende tiid.
Dat no wol ik ek sa’n tablet.
Wêrom wit ik eins net, want wat de ‘ûnbeheinde mooglikheden’ fan sa’n ding oangiet is myn kennis dochs bot beheind. Mei myn eigen boujier 1984 rin ik foar myn gefoel alwer in generaasje efterop at it om nije en moderne gadgets giet.
It is it ferskynsel sels dat my fassinearret, sawol de ferskuorrende populariteit fan de apparaten, as it tempo wêrmei’t nije ferzjes inoar opfolgje. En dan it uterlik en funksjonearjen fan de platte skermkes sûnder toetseboerd, dat tagelyk ôfsjoen is fan prehistoaryske klaaitabletten en futuristyske Star Trek-scanners. Jo soene hiele filosofyske ferhannelingen hâlde kinne oer de ferhâldings tusken histoarje, fiksje en realiteit, en har ynfloed op de ferbylding, mar wêr’t it my om giet is: at men yn it ferline én yn de takomst al mei sokke apparaten dwaande wie, hoe ha ik der dan ea sûnder kind?
Dus ik wol sa’n tablet dêr’t ik yn it ferfolch myn stikjes op type kin, dêr’t ik myn foto-argyf yn kwyt kin, dêr’t ik mei e-maile kin, en dêr’t ik in moaie biblioteek fan e-books yn oanlizze kin. Mar hoe krij ik no myn iepen hurd mei Chesterfield-stoel en globe bar yn dy biblioteek?