
Wat in protte froulju hawwe mei har kleankast, datselde haw ik mei myn boekekast. Der stiet mear yn as goed foar my is en ik stean der withoefaak foar en haw gjin flau benul wat ik der út pakke sil. Yn stee fan ‘sa folle om oan te dwaan, mar neat dat past’, ha ik faak lest fan ‘sa folle om te lêzen, mar neat dat past’…
Krekt as klean moat in boek passe. De outfit dy’t my omklaait foar de dei moat goed fiele en noflik sitte; in boek dêr’t ik mysels yn ûnderdompelje – faaks langer as in dei – moat oan deselde kritearia foldwaan en strike mei myn moedstastân. Somtiden ha ik nocht oan in boek as in slobbertrui en waarme wollen sokken, oare kearen mei it in deftich mantelpakje mei strange bril wêze. Boeken foar de simmerfakânsje binne ljocht en blier as slipperkes en fladderjurkjes, boeken foar de krystfakânsje binne waarm en smûk as in bûntkraach en breiden mofkes. Foar in útwaai-wykeintsje op Texel yn novimber wol ik eins noch in boek ha as in wynjek en kaplearzen dat past by de stoarm op it strân dêr’t ik sa op hoopje.
In boek kin my wringe as te lytse skuon of oanfiele as in bloeske dêr’t ik noch yn groeie moat. En inkeldris is der in boek lykas in jaske yn in folslein oare kleur of styl of makkelij as wat ik wend bin, dat ik dochs oanlûk en dat past as wie it my om de lea getten.
Tsjinoer de nije oanwinsten steane de klassikers dy’t al jierren meigeane. It lytse swarte jurkje foar alle gelegenheden dat elke frou yn har kleankast heart te hawwen, hat elkenien fêst ek yn de boekekast stean. Sa’n boek dêr’t je altiten wer op weromfalle kinne at neat oars past en dat elke kear at jo it út de kast pakke wer fielt as wie it spesjaal foar jo makke. Ek twaddehânskes nimme in bysûnder plak yn yn elke klean- en boekekast. De objekten mei in skiednis fan foardat ik minen deroan ferbûn, dy’t ynrûn en útsliten binne troch in oar, dy’t rom falle en rûke as in âlde jas, mar dêrtroch nea hielendal eigen wurde.
Sa’t in protte froulju winkelje om klean, sa winkelje ik om boeken: mei in goed each foar de ûnmisbere basisstikken, steefêst op ’e sneup nei de unike juwieltsjes foar in bytsje jild en oan de oare kant haw ik in soad jild oer foar it nijste fan it nijste of just dy iene kostbere klassiker. En ik nim altyd mear mei as ik nedich ha.
Myn boekekast is likernôch klear foar de hjerst, no myn kleankast noch.