Willem Winters

Swarte Waaksens (1)

logo.ensafh

Foaropwurd

Yn de byldzjende keunst is it net ûngewoan dat in keunstner seit ûndersyk te dwaan nei de ferhâlding tusken X en Y, tusken it iene en it oare.
Yn dat ramt hat ûndersyk in tige subjektieve betsjutting, dat yn tsjinstelling ta wittenskiplik ûndersyk dat objektyf heart te wêzen.

Sa moat men Swarte Waaksens ek sjen as in eksperimintsje (in ûndersyk) om nei te gean hoe’t tekst en byld harren ta inoar ferhâlde en wat it effekt is.

Ik fûn wûnderlike plaatsjes fan in man yn in ûnderbroek mei frjemde rûtes op syn liif.*
Sokke foto’s, dêr moast ik wol teksten by meitsje.

De bysûndere spanning tusken byld en tekst dy’t dan ûntstiet, dêr giet it my om, it suggestive útgeand fan krekt dizze teksten mei dy bylden.
Earder kombinearre ik ta dat doel tekeningen út in âld gymnastykboek** mei sitaten fûn yn Geheimen uit Egypte** fan Sax Rohmer. En yn 80 bollen***, keppele ik 80 foto’s fan bolfoarmige strjitlampen oan 80 teksten oer bolfoarmen.
It resultaat is elke kear in ferrassing.

* yn J.C. Mom, Physische therapie [1927]

**Willem Winters, Egypte [Perio 2005] ill. út: Leichtathletisches Wintertrainig fan dr Otto Bäurle; sitaten út Sax Rohmer Geheimen uit Egypte

*** Willem Winters, 80 bollen [Venus 2007]

(Swarte Waaksens wurdt yn fjouwer ôfleveringen publisearre, dit is ôflevering 1.)

Swarte Waaksens (1)

1

Swarte Waaksens 1

Om binnen te kommen moast men in tal treden op om by de swiere byldhoude bûtendoar te kommen.
De sknieren kreaken, wy seagen in lange gong mei moarmeren flier.
Wat der oan de wand hong wie amper te sjen no’t it tsjuster waard. Hoeden stapten wy nei achteren. Dêr stie in doar iepen. Yn de keamer stie in ûnbekende man, klaaid yn in soarte koarte boksersbroek. Hielendal stil, wylst makke Henri foto’s.

2

Swarte Waaksens 2

Hy woe hiel krekt witte wêr’t de besikers oer te kleien hienen. Hy easke folsleine iepenheid yn sokke saken, Nimmen soe teloarsteld nei hûs ta gean.Dêrom trune er sa oan. Wienen de klachten reëel? Wat hiene se dien om de besikers yn de mjitte te kommen?

3

Swarte Waaksens 3

Yn dizze souderkeamer soe it barre kinne. We hiene dagenlang metten, rekkene en op ’e nij metten. As wy it hjir heger meitsje, dat dêr weibrekke, dêr in bytsje útbouwe.
Nei in healjier wie alles klear.
Hjir koene de wechselstromen kontrolearre wurde.

4

Swarte Waaksens 4

In hûn lei op it paad nei de pleats. Nettsjinsteande dat er it bist nea earder sjoen hie, kaam er kwispeljend oerein doe’t er sêft fluite.
Nea frege er him ôf oft dit der wat ta die.

5

Swarte Waaksens 5

‘Hjir stienen se,’ sei de gids en wiisde nei it stiennige grûnflak foar him.

(wurdt fuortset)

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *