
De gûlende sirene yn de earste sin fan Skamte, it nijste boek fan Auck Peanstra, lûkt de lêzer fuort it ferhaal, en de holle fan de haadpersoan yn. Anke rydt yn de auto efter de sikewein oan dy’t har sechtjin-jierrige dochter Debby ferfiert. Debby hat harsels tekoart dwaan wollen en Anke hat har bewusteleas op bêd fûn. De panyk dy’t dizze situaasje teweibringt is hast taastber yn de earste pear haadstikken fan Skamte. Troch koarte sinnen, springerige gedachten en meallende fragen wurdt de moedstastân fan Anke foarmjûn; de noed om har bern, de argewaasje om minsken dy’t net like hastich binne as sy, en it stûkjende automatisme fan deistige dingen: ‘Panikerich fyn ik mysels in skoftke letter werom, fêstrûn yn it moarmeren labyrint. Wat sei dat minske ek alwer? Ik bin it kwyt. Ik moat werom. De triennen glide my by de wangen del. Debby, wêr is myn Debby?’ (s. 12)
Doe en No
Pas nei it fiifde haadstik, at Debby teplak leit yn har sikehûsbêd, har tastân stabyl is, mar se keunstmjittich yn koma hâlden wurdt, feroaret it koartamige ritme fan it ferhaal yn in weagjende beweging fan de ûnderfinings fan de dochter en de oantinkens fan de mem dy’t elkoar ôfwikselje. Op ’e siik nei antwurd op de fraach wat Debby ta har died brocht hat bemachtiget Anke it deiboek fan Debby. Oan de hân fan fragminten út dat deiboek rekonstruearret Anke de oanrin nei Debby har wanhoopsdied en tagelyk har eigen jeugd. Mem en dochter ha beide de hûdsykte psoriasis, wat soarget foar dielde ûnderfinings, dy’t hja lykwols winliken net mei elkoar dield ha.
De deiboeknotysjes fan Debby oer dokters- en sikehûsbesiken, gymnastyklessen op skoalle, jierdeifeestjes yn it swimbad, kappersôfspraken en jonges liede allegear ta lyksoartige ferhalen út Anke har jeugd oer deselde ûngemaklike situaasjes. Somtiden fertelt Anke fierder oer Debby wêr’t har deiboek ophâldt, om it ferfolch fan de beskreaune foarfallen te ferdúdlikjen, faker lykwols jout se har eigen ferzje fan sa’n foarfal, al as net by Debby yn it sikehûs. Wat it ferhaal fan Debby oangiet wurdt it op dizze manier moai yn in kontekst pleatst, en har eigen werjefte yn it deiboek jout in treffend byld fan it libben en de lêst fan dit sechtjinjierrige famke. It ferhaal fan Anke oan de oare kant fernuveret allinnich mar, want hoe is it mooglik dat mem krekt itselde mei- en trochmakke hat en dat net werkent yn har bern, en net iens de oantrún fielt om har te stypjen?
Skamte en Skuld
It is hiel frjemd dat Anke net earder snapt hat dat Debby har de hûdsykte sa oanlûkt en har der sa bot foar skammet tsjinoer oaren, just omdat se alles sels krekt sa meimakke hat. Ut it deiboek docht bliken dat Debby har mem gauris ferrifele hat, mar ek dat Anke dat eartiids sels mei har mem die. Nei alle gedachten is it Anke har eigen skamtegefoel oer de hûdsykte dat har derfan wjerhâldt der mei har dochter oer te praten. Mar mear noch as skamte spilet no har skuldgefoel op: ‘Hoe goed ken ik myn dochter eins. Hoe kin it dat minsken dy’t sa ticht by elkoar wenje sa’n bytsje fan elkoar witte. Yn grutte stêden is soks gewoan, mar hjir, by ús thús… Oan de oare kant, ik haw altyd sein dat ik net in mem wêze wol dy’t de bern neirydt. Ik woe har eigen ferantwurdlikheid jaan: kleanjild, ôfspraken meitsje. Ik miende dat it sa goed tusken ús wie, skepte der sels oer op tsjin freondinnen. Ik bin tekoart sketten. Dat docht sear’ (s. 50). En letter: ‘Hoe blyn kinst wêze datst wol each hast foar de problemen fan bern by dy op skoalle, mar datst dy fan dyn eigen oer de holle sjochst?’ (s. 136).
Lykas it skamtegefoel is it skuldgefoel meardielich. De skamte jildt net allinnich de psoriasis, mar komt ek om de hoeke as it nijs fan wat Debby harsels oandien hat oan oaren bekend makke wurde moat, en stekt sels de kop op as Anke weromtinkt oan de seksuele foarljochting eartiids by har op de basisskoalle. It skuldgefoel is hielendal in mearkoppich meunster. Anke fielt har skuldich oer it tekoart oan omtinken dat se har bern jûn hat, oer it net by har wêze kinnen bûten de besykoeren fan it sikehûs om, fansels oer it lêzen fan it deiboek, en op in stuit sels oer har eigen oandiel yn Debby har sykte: ‘De skuldfraach twong him by my op, hiene wy gjin bern krije moatten? Hie ik dit in minske oandwaan mocht? Ik hie libbe mei de stille hope dat it in geslacht oerslaan soe, krekt as by ús mem. Om ’e nocht, dus’ (s. 118).
Mem en Dochter
It is benammen de relaasje tusken mem en dochter dy’t sintraal stiet yn Skamte. De rollen fan heit Cor en soan Jorn binne beheind. De mannen binne oanwêzich, thús en yn it sikehûs, mar harren karakters en gefoelens oer Debby har tastân bliuwe wat plat. Eins ha se allinnich in gruttere rol yn de earste haadstikken, dêrnei giet it foaral hinne en wer tusken mem en dochter. As der al ien famyljelid mear oanwêzich is dan is it Anke har eigen mem dy’t al tolve jier wei is, mar dy’t no in soad yn har gedachten is. Yn de oantinkens oan Anke har eigen ûnderfinings mei de hûdsykte as puberfamke spilet ek de relaasje mei en de bemuoienis fan har mem in grutte rol. De skiednis werhellet him, al wie Anke eartiids wat iepener tsjinoer har mem en wat fûler yn har reaksjes tsjin oaren, wylst Debby alles wat mear liket op te potten en har sels net bleat jout tsjinoer har freondinnen. It is krekt as hie Anke mear stipe oan har mem dy’t gjin eardere ûnderfining hie mei de hûdsykte as Debby hat oan in mem dy’t presys wit hoe’t it fielt. Want dochs bekrûpt jin – ek nei wat der bard is, en nettsjinsteande alle gefoelens fan skuld en skamte – it gefoel dat Anke noch hieltyd net hielendal oanslút by har bern. As út it deiboek blykt dat Debby har skoalleresultaten net al te bêst wiene, mimeret Anke fierder oer it jierdeifeestje yn it swimbad dat yn itselde fragmint neamd wurdt. Wylst Debby har drok makket om har takomst, bliuwt Anke wat hingjen yn it ferline – faaks út machteleazens. Se kin net oars as weromtinke, want foarút sjen is faaks te beëangjend. Men wit pas wat men mist as men it kwyt rekke is – of kwyt driget te reitsjen.
Al mei Al
De styl fan Skamte is soepel, sels humoristysk hjir en dêr, en út Debby har deiboekfragminten en Anke har tinzen docht bliken dat mem en dochter in droech gefoel foar humor diele. Auck Peanstra jout romte oan de eigenaardichheidsjes fan taal; it ‘oanklaud’ wêzen mei in sykte as psoriasis, it jin de bûsen útskuorre wylst je oan it swimmen binne, en it waskguod dat net wist wat him oerkaam doe’t it as ôflieding op tige kreaze steapeltsjes kaam. Troch dizze heldere en lichte wize fan fertellen wurde swiere ûnderwerpen as selsmoard, skamte en skuld draachlik en ynfielber.
Fierders falt op dat it uterlik fan de personaazjes net wiidweidich beskreaun wurdt, en dat ek de karakters mear ôf te lêzen binne út hoe’t der hannele wurdt as dat se eksplisearre wurde. Wat my oanbelanget wurde dizze personaazjes yn al harren algemienheid des te werkenberder, en des te oangripender omdat it elkenien wêze koe.
Al mei al hat Auck Peanstra mei Skamte in tige oangripend boek ôflevere, mei oansprekkende problematyk en personaazjes, en lokkigernôch – mei ik dat ferklappe? – in goed ein.
Auck Peanstra
Skamte
Afúk – isbn 9789062738854