Imke Hooijenga

It sil simmer wêze

logo.ensafh

Maart doart it net lûdop te tinken, mar se wit net hokker dei it hjoed is. Se sjocht dat it moai waar is. It sil simmer wêze. (s. 9)

It sykteproses en de dea fan in heit as mem is net in ûnbekend tema yn de literatuer. Ek Margryt Poortstra weaget har der oan. Har roman Minskebern hannelet oer de demintearjende Maart en lit it ferrin fan it sykteproses sjen út wikseljend perspektyf: dat fan Maart sels en dat fan har man en dochters.
De titel Minskebern slacht op Maart en har oerbeppesizzer Daan. Op de achterflap fan it boek stiet te lêzen: ‘Twa minskebern spylje yn dit ferhaal in rol. Maart is oan ’e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn ’e dize fan Alzheimer. Daan, krektberne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis.’
Hoewol’t Daan wol in rol spilet yn it boek, is Maart de haadpersoan. De roman draait sa as sein om har proses fan demintearjen, dat al op har sechtichste begjint. Dêrby moat Maart it libben loslitte en har man en bern hàr.

It boek begjint mei in prolooch. Geke, de âldste dochter fan Maart, sil har mem tegearre mei har suster Janny nei it ferpleechhûs begeliede. Mar op it selde stuit stiet Geke’s dochter op it punt te befallen: ‘Moat se ôfslute of by it begjin wêze?’ (s. 8), freget Geke har ôf. Troch dit dilemma wurdt de lêzer maklik meinaam yn it ferhaal.
Yn it earste haadstik springt it ferhaal in jiermannich tebek yn de tiid, at by Maart de earste symptomen fan Alzheimer foar it ljocht komme. Dit earste haadstik jout de lilkens en eangst fan Maart oertsjûgjend wer. It lit sjen hoe’t de tinzen fan Maart it iene momint net mear witte wat har krekt dêrfoar noch yn ’e besnijing hie. Sa lit Maart Jelte, har man, witte dat se bang is krekt as har mem te wurden, dy’t deselde sykte krige. At Jelte dan begjint te gûlen freget Maart har alwer ôf wêr’t hy him sa drok om makket.
Nei dit earste haadstik rint de tiid gronologysk fierder yn it boek dat út twa dielen bestiet. Dêr’t it earste diel yn 9 haadstikken ferdield is, hat it twadde 19, meast wat lytsere, haadstikken. De oergong tusken de twa dielen bestiet út twa gedichten. Dizze gedichten markearje in omslach yn it ferhaal – Daan wurdt berne en Maart giet nei it ferpleechhûs – en meitsje de wei frij foar it ferfolch op de prolooch. Nei dit ferfolch yn it twadde diel slút it boek ôf mei in epilooch.

Yn de njoggen haadstikken fan it earste diel wikselt it perspektyf tusken dat fan Maart en har man en dochters. Dêrby nimt, njonken dat fan Maart, it perspektyf fan de âldste dochter Geke, it wichtichste plak yn.
Stadichoan wurdt it ek foar de neisten fan Maart dúdlik dat der wat mei Maart oan de hân is. Geke en har suster Janny sitte yn de auto at sy by harren âlden weikomme. ‘Wy reitsje mem kwyt,’ seit Geke tsjin Janny, dy’t seit: ‘Seachst dat se omke Jan in borrel joech, wylst de kofje noch net ienris ynskonken wie? En se woe kofjetiid mei alle geweld mei de taart wachtsje. Dat hearde sa, sei se, dat koe sa betiid noch net.’
Maart giet hieltyd mear efterút, op in stuit wit se net mear hoefolle bern se hat at Geke har dat freget. Tegearre romje se de souder op. Geke begrypt dat it no hieltyd minder wurde sil mei har mem: ‘… noait mear sille se noch in echt goed petear mei har hawwe kinne.’

Pakkend is it stik dêr’t Jelte besiket mei Maart te praten oer hoe’t it fierder moat:

Hy seit dat it sa net mear giet, dat sy yn ’e war is, siik, en dat hy net mear wit hoe’t er mei har omgean moat. Hy wol help sykje, want sa kin it net mear. […] As er syn hân oer harres leit, is se wer hielendal fereale, mar tagelyk wit se dat dit net doocht, dat hjir wat ôfgryslik ferkeard giet. Se wol him tútsje, mar syn eagen warskôgje har dat se dat net dwaan moat. Se wol him yn ’e earmen hâlde, mar se wit dat it te let is, dat se him foargoed oan it kwytreitsjen is.

Dan komt it twadde diel fan it boek, it ferfolch op de prolooch. Maart wurdt troch har dochters Geke en Janny nei it ferpleechhûs brocht en Daan wurdt berne. Wylst hy oan it begjin stiet fan syn ûntwikkeling is Maart op it paad werom.
By Alzheimer komme der ynearsten swierrichheden mei it ûnthâld. Wat krekt bard is, wurdt fergetten, mar fan langer lyn wit de persoan alles noch. At it proses fan demintearjen fierder giet, ferrint it proses krekt oarsom as de ûntwikkeling fan in bern nei folwoeksenheid. Prate, rinne, sitte en laitsje, stik foar stik hâldt it op, oant it stadium fan in lytse poppe wer berikt is. Dat gegeven brûkt Margryt Poortstra yn har opset fan it twadde diel fan it boek.
Dêr’t Maart yn it werklik libben har eigen bern net mear ken en har oerbeppesizzer Daan alhielendal net, lit de skriuwster Maart ‘it jonkje’ moetsje yn de tinzen en dreamen fan Maart:

Maart stekt har hannen nei him út. ‘Bist dêr wer.’ Hy wol nei har takomme, mar it slagget net. Hy ropt, mar der komt gjin lûd út syn mûle. Hy is, mar bestiet noch net. ‘Noch even wachtsje,’ ropt Maart. ‘Aanst meisto.’ (s. 102)

It libben fan Daan en Maart komt foar in part oerien yn dit twadde diel, sa lizze se beide yn in bêd mei traaljes om der net út te fallen. Mar wêr’t Daan begjint te laitsjen en syn earste stappen set, hâlde de ferskillende funksjes by Maart krekt op.
Hoewol’t dit idee moai fûn is, stûket it ferhaal yn dit twadde part. Dit komt benammen om’t der gjin ûntwikkeling yn sit: it ferhaal bliuwt tefolle hingjen op it beskriuwen fan de fazen dy’t Maart en Daan trochmeitsje en krijt dêrmei wat útlizzerichs. Bygelyks: ‘Wa wit komt by Maart fan earder mear omheech as fan krekt lyn.’
En dat is spitich, ek om’t de skriuwster wol konflikten oanstippet. Sa spilet der wol it ien en oar tusken Maart en har man Jelte. Maart fertinkt har man der bygelyks fan gefoelens te hawwen foar famkes út Ynje: ‘Se hie se jûns let wolris sjoen, de famkes fan plezier, de ljochtbrune famkes dêr’t er syn hiele libben mei har ûnwennich fan west hie, de famkes út Ynje…’
Wêr’t dit weikomt wurdt lykwols net dúdlik. Hat der yn it ferline sokssawat spile? Sit it allinne yn Maart har holle? Krekt sa is it mei de gefoelens fan Geke, dy’t as âldste dochter har eigen fertriet hat: sy hat it gefoel dat sy mear mem west hat as dochter. Mar der ûntstiet net in konflikt en dus gjin suspense.
Hjirmei gear hinget in twadde punt fan krityk, nammentlik dat de personaazjes oerflakkich bliuwe. Maart komt it bêste út de ferve, benammen yn it earste diel. Yn de stikken dêr’t it perspektyf by Maart leit, slagget it de skriuwster it bêste de lêzer mei te nimmen yn hoe’t Maart har libben besjocht. En dat is knap dien. Mar de oare personaazjes krije net echt djipgong, ek net at it perspektyf by harren leit. Wy krije bygelyks net te witten hoe’t Jelte oer syn frou tinkt, oer it libben dat sy hân ha, oft er fan har hâlden hat. Foar alle personaazjes jildt dat se benammen sjen litte hoe’t it proses fan de Alzheimer by Maart ferrint.
In oar punt fan krityk is dat it somtiden wat ‘oer de top’, wat sentiminteel skreaun is. Sa is op side 20 te lêzen: ‘It neigeset bestiet út sûkelade-iis mei in berch slachrjemme. Se ha dêr spesjaal om frege’. En wannear’t it perspektyf by de oerbeppesizzer Daan, dy’t noch yn ’e búk fan syn mem sit, leit: ‘Op ’t lêst waard er grimmitich. It hie lang genôch duorre. No woe er wolris ljocht sjen en de gesichten fan ’e minsken dy’t him sa faak wolkom hieten…’
In fraach dy’t my dwaande hâlde, wie de fraach wat de auteur my no krekt sizze wol. At ik sjoch nei de ynhâld fan de roman, liket it dat de skriuwster it syktebyld Alzheimer fan ferskillende kanten sjen litte wollen hat. Dat hat se dien oan ’e hân fan it libben fan Maart. Mar hoewol’t de stikjes út it perspektyf fan Maart wei somtiden hiel moai skreaun binne, wurdt it net écht it ferhaal fan Maart. It stippet allerhanne swierrichheden oan dêr’t minsken dy’t te meitsjen krije mei dizze sykte, tsjinoan rinne. Mar de personaazjes krije te min djipgong om in ferhaal op himsels te wurden.
Dochs hat de skriuwster noch wat sizze wollen. Sy besiket in link te lizzen tusken de begjin en ein fan it libben; sa as wy berne wurde geane wy ek wer dea. It giet dêrmei ek oer it trochjaan fan it libben. Dit wurdt hiel moai yllustrearre troch wat Maart yn it Harnzers antwurdet wannear’t Geke har twinge wol de namme fan Geke’s dochter te neamen: ‘Lieve kyn, dat is nou jouw ferantwoardlikheid.’ (s. 94)

Margryt Poortstra
Minskebern
Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 2008

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *