
sy iepenet himel en ôfstân loft draacht lyts har wurden satelyt nei satelyt toan fan ferbining sykje ik gau it boadskip by keunstmjittich swartljocht ik ferskik ûngemurken myn besette hert rjochting har azemje in oare waarmte fan it yntime momint dat sy oan my tinkt; har fingers op myn namme; sa tichtby