Tryntsje van der Steege

Romte

logo.ensafh

Romte is nijsgjirrich guod, ik ha der wer aardich wat fan makke de ôfrûne tiid. It giet mei opromjen al krekt as mei himmeljen; as je ien kear begjinne dûkt der hieltyd mear op dat oan de kant moat. Mar no binne der dus wer seeën fan romte, romte yn ’e kast, romte yn de wurkkeamer, romte yn de mailboks en as gefolch fan al it foargeande, romte yn ’e holle.
No ja, romte wie fansels oeral al, it is lykwols wat je dermei dogge dat it gefoel fan romte bepaalt.

It opromjen fan de wurkkeamer wie noch de grutste put. Dat is typysk sa’n romte dêr’t de dingen dy’t noch barre moatte har stadichoan opsteapelje, yn doazen sitten gean en midden yn it paad stean bliuwe. Ha jo in byld by ‘hoarding’? No dat ûngefear, mar dan op lytsere skaal. De kompjûter – dêr’t dochs it grutste part fan it wurk op plakfynt – hie fan klearebare ûnberikberens in plakje op de keukentafel socht. Wat wer net befoarderlik wie foar de romte dêr.
Doe’t nei in dei hurd wurkjen de stofwolken yn de wurkkeamer wer oplutsen wiene, stiene der wrachtich in (sa goed as) lege tafel, in stoel mei in foarhinne ûnsichtbere sitting, twa folle boekekasten en fierder neat! Mei’t de wurkkeamer wer rom wie krige ek it wurk wer de romte om te barren. Gau de kompjûter wer te plak set en doe koe de firtuele romte fan de mailboks ek ris útmjokse wurde. Sá’n skiterich postfakje yn de skynber ûneinige romte fan it ynternet, en dochs al sá fol.

Dêr’t mei opromjen in plak wer rom makke wurdt, kin mei ynromjen nij ûntsteane romte opfolle wurde. Beide aktiviteiten hawwe in goeie útwurking op de romte yn myn holle. Dizze romte is hielendal nijsgjirrich en ûngrypber guod, en faaks noch it dreechst om te meitsjen ek. Tagelyk mei it behoffenjen fan de fysike romte om my hinne, wurdt ek de figuerlike ynderlike romte wer op oarder brocht. De nije mei leafde timmere boekekast yn de wenkeamer wie dêrom in prachtich projekt. Net allinnich sit der in soad yn te romjen romte yn, hy hat ek noch in soad romte om him hinne. It is in hearlike pielerij om út te finen wat de moaiste yndieling is, kwa ynhâld en uterlik, fan sawol de boeken as de kast. Oars as mei de boekekasten yn de wurkkeamer giet it my der mei sa’n kast yn de wenkeamer net yn it foarste plak om dat it spul der praktysk yn stiet, mar dat it in moai en rêstich byld jout. Tegearre mei fotolystjes en oare ûnûntkombere fimeltsjes steane de boeken der no foaral moai te wêzen, mei moaie kleuren dy’t by inoar passe, en moaie skriuwers dy’t by inoar passe. Sa is de kastromte yn lykwicht mei de romte deromhinne en jout dy betsjutting. Soks jout mear romte as dat it winliken ynnimt.

Romte hat lykwols de eigenaardige eigenskip om suver fansels en hast ûngemurken wer te ferdwinen.
No ja, romte bliuwt der fansels wol, it is wat je dermei dogge…
Ja, romte is nijsgjirrich guod.