Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Auck Peanstra

logo.ensafh

Se hat al sa’n tritich jeugd- en berneboeken op har namme stean: Auck Peanstra (Aukje Hoogland-Peenstra, 1954). Dêrneist skriuwt se toanielstikken, gedichten en romans. Yn 2002 kaam har earste roman ‘Elske din Datter’ út. En yn 2007: ‘Sitebuorren, myn eigen paradys’, in roman oer it plak dêr’t se opgroeide, in pleats op in eilân by Grou. Yn 2011 ferskynde ‘Skamte’, oer in opgroeiend famke dat de hûdsykte psoriasis krijt en dêr net goed mei omgean kin. Se is mei-auteur fan Studio F, de learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis, en mei-skriuwster fan de Tomke-ferhalen foar pjutten. Yn 1998 wûn se de Simke Kloostermanpriis en yn 2008 de Rink van der Veldepriis. Se wennet mei har man yn Bitgummole en hat dêr hast 25 jier foar de klasse stien op de basisskoalle.

Wat kinst fertelle oer ‘Skamte’?
Auck: ‘It boek ‘Skamte’ hat lang ûnderweis west. It wie earst in boek foar de âldere jeugd, adolesinten sis mar. Doe’t ik der foar de earste kear mei nei de Afûk gong wisten se net rjocht wat se dermei moasten. Se seinen tsjin my dat sokke boeken hast net ferkocht wurde. ‘Kinst it net bewurkje as roman foar folwoeksenen?’ ‘Dat wit ik net, hear,’ sei ik. Mar ûnderweis nei hûs tocht ik ynienen: as ik der noch in ferhaalline by skriuw, it ferhaal fan de dochter. It oarspronklike ferhaal gong nammentlik allinnich oer de mem. Ik ha it opnij skreaun en dêrby gebrûk makke fan flashbacks. It ferhaal hat in soad reitsflakken mei myn eigen libben. Ik ha sels ek psoriasis, de sykte dy’t de mem en de dochter út it boek ek ha. Ik wie alve, tolve doe’t ik de sykte krige, noch frij jong dus. Ik luts my de opmerkings fan guon minsken bot oan. Ik klaaide my der altyd op, hie altyd lange broeken oan. Ik hie it benammen op de plakken dêr’t net sa folle fleis sit, lykas op de earmtakken en de knibbels. It is troch de jierren wol minder slim wurden en learst der ek better mei om te gean. Yn de pubertiid liket alles hiel slim en it uterlik is dan o sa wichtich.

Myn dochter hat de sykte ek, mar it is har ferhaal net. Yn it boek wurdt beskreaun dat de dochter by de McDonald’s wurket en dêr ferfelende opmerkingen krijt fan klanten oer de plakken op har hannen. Myn dochter hat dat wol meimakke. Ik brûkte as bern op oanrieden fan de spesjalist swarte tarsalve en waard dan hielendal ynpakt yn plestik. In hynstemiddel, mar ik hie der wol baat by. Offisjeel is der lykwol noch gjin remeedzje foar psoriasis en se wite ek noch altyd net krekt hoe’t de sykte ûntstiet. Ik tink sels dat it ek mei focht te krijen hat. Yn de waarmte ha ik der nammentlik minder lêst fan. Yn it boek beskreau ik ek dat de haadpersoan geregeld ûnder de hichtesinne giet om fan har plakken ôf te kommen. Ik ha dat sels ek dien as bern, mar bin der dochs mar mei opholden, yn ferbân mei it gefaar op hûdkanker, want dat is fansels noch folle slimmer. Baaie yn de Deade See kin ek helpe, yn ferbân mei it hege sâltgehalte, mar dat binne fansels ek mar tydlike oplossings. Doe’t ik mei it boek dwaande woe ha ik fia ynternet frege nei ûnderfinings fan oare minsken. Dêr ha ik doe wol wat reaksjes op krigen, mar der wie net ien dy’t my wat nijs fertelle koe, dus dat foel my wol ôf.

It boek is yn de nije foarm útjûn troch de Afûk, se wiene der tige oer te sprekken. Ik fyn it sels hiel wichtich dat it boek der is. Ik wol dermei graach oare minsken, en benammen pubers dy’t dizze sykte ek ha, hope jaan. En dat jildt ek foar minsken mei oare hûdoandwanings, lykas aknee en brânwûnen. Ik kin it no ek allegear wol wat better relativearje, der binne slimmere dingen.’

En oer dyn eardere wurk?
‘‘Elske din Datter’ wie myn earste boek foar folwoeksenen. Ik hie dêrfoar altyd foar bern skreaun. Ik lies dy ferhaaltsjes wol foar oan myn eigen bern of oan de bern op skoalle. Op in bepaald stuit socht ik in nije útdaging en ha doe in ferhaal betocht foar folwoeksenen. Ik ha myn jeugd trochbrocht op de Iepleats op in eilân by Grou, Sitebuorren. We hienen dêr in hiele aparte buorman, in frijfeint, dy’t yn in arke wenne en dêr ha ik in ferhaal op betocht. Sabeare hie er in Deenske frou. Dat hie op himsels ek wol kind, want skippen út Skandinavië brochten wol hout by de Halbertsmafabryk yn Grou. Mei dy frou hie er yn it boek in dochter. Nei in pear jier liet sy him mei it bern sitte. Op it briefke dat se foar him achterliet stie ‘Elske dyn Datter’: ‘hâld fan dyn dochter’, yn it Deensk.

Letter ha ik it boek ‘Sitebuorren, myn eigen paradys’ skreaun, mei help fan myn broers. Ik ha trije broers en mei jierdeis kamen altyd de ferhalen los oer ús jeugd op dat eilân. Myn broers gongen noch mei de skoalboat nei skoalle. Yn earste ynstânsje hie ik dy herinnerings ek opnaam yn it ferhaal, mar letter ha ik se wer skrast omdat ik dy tiid sels net mear meimakke hie. Ik gong op ’e fyts nei skoalle omdat der doe in dyk troch de Burd oanlein waard. By it skriuwen haw ik brieven brûkt dy’t ús mem yn de jierren fyftich oan in stazjêr skreau. De brieven jouwe in prachtich byld fan doe, fan hoe’t it der yn de ferskate seizoenen útseach en om ’e ta gong. It is dus in autentyk ferhaal, út myn eagen wei besjoen, op myn wize belibbe. Benammen broer Oane ha my bot holpen by de rekonstruksje fan it ferhaal,  mei de jiertallen en sa. Ik hie it ferhaal foar mysels en myn famylje skreaun, mar doe’t ik it  klear hie ha ik it lêze litten oan Trinus Riemersma en hy seach it hielendal sitten om it út te jaan. Sadwaande is it ferskynd by útjouwerij Venus. It hat my yn 2008 de Rink van der Veldepriis oplevere. Ik ha in soad reaksjes krigen op it boek, benammen fan Grousters en âld-Grousters, minsken dy’t it plak koene, mar ek fan minsken út oare plakken. Se fûnen de ferhalen sa werkenber. Der hat doe ek in literêre jûn west yn de biblioteek fan Grou oer dit boek, en dêr kamen safolle minsken op ôf dat se stuollen bysjouwe moasten. Ik trof dêr klasgenoaten, eardere buorlju en in soad kunde. Geweldich wie dat!’

Do hast in soad berne- en jeugdboeken skreaun en hast meiwurke oan Studio F. Wêr bist noch mear mei dwaande?
Auck: ‘Ja, it is in hiele list; it binne boeken foar alle leeftiden. Hast alle jierren kaam der wol in boek fan my út. Njonken myn eigen skriuwerij haw ik  ek yn de wurkgroep sitten fan Studio F en taallessen en ferhalen makke foar dy learmetoade Frysk foar it basisûnderwiis. Oant de simmerfakânsje fan 2011 haw ik lesjûn oan de basisskoalle hjir yn Bitgummole, earst as beukerliedster, nei de berte fan myn bern as ynfalster, letter as faklearkrêft Frysk en de lêste jierren wer oan de beukers. Der kaam lykwols hieltyd mear administraasje by, strakke metoades en dêr koe ik my net langer yn fine. Ik joech mar oardel dei yn ’e wike les, mar ik woe leaver mear tiid ha foar it skriuwen. Dêrom ha ik yn 2011 ûntslach nommen.

Yntusken ha ik wer in nije útdaging fûn: ik bin sprekster by útfearten – frijwilligerswurk. Ik beskriuw it libbensferhaal fan de ferstoarne en lês dat foar op de plechtichheid. Sa hâld ik kontakt mei de minsken. Ik fyn it hiel moai wurk, want ik kin myn skriuwtalint deryn kwyt en ik fyn it moai om wat foar minsken te betsjutten. It leafst skriuw ik dy ferhalen yn it Frysk, mar ek mei it Nederlânsk rêd ik my wol. Ik ha foar dit wurk in spesjale kursus folge yn Hilversum. Ik fûn dat hiel fijn om te dwaan en ha dêr aardige minsken kennen leard. Mei guon meikursisten ha ik noch geregeld kontakt fia de mail. Fierder skriuw ik, tegearre mei Riemkje Pitstra, al trettjin jier de Tomkeferhalen. It figuerke Tomke is fyftjin jier lyn betocht foar Frysktalige lêsbefoardering oan pjutten. Tomke is noch altyd tige populêr. Sa skriuw ik teksten foar it TV-programma Tomke op Omrop Fryslân, foar de Weekkrant Fryslân en teksten foar de Tomke-boekjes. Alle jierren komt der in nij Tomke-boekje út. Alle pjutten yn Fryslân krije fergees it nije boekje.

Ik haw al hiel wat ferskillende boeken makke. Sa haw ik ek twa boekjes mei gedichtsjes skreaun, mei in pear dy’t troch myn broer Oane op muzyk setten binne. Ek skriuw ik wol fersen, mar  net safolle. As dingen my bot rekke ha, dan wol ik der wol ris in gedicht oer skriuwe. Lietteksten haw ik ek skreaun, foar in cd fan Rinke en Wietske, en foar it koar dêr’t ik by sjong, mei muzyk fan broer Oane en in koarbewurking fan ús dirigint Luuk de Vries. Toanielteksten haw ik ek wol skreaun, revu’s foar it eigen doarp en oare ferienings, en stikken foar it iepenloftspul fan Menameradiel. Dat is wer in hiele manier fan skriuwen, it moat wol klopje mei de persoanen, fansels. By it skriuwen set ik dan popkes op it buro en ferset dy oft se op of ôf binne. It is tsjintwurdich dreech om manlike spilers te finen en dêr hâld ik by it skriuwen dan rekken mei. Mei Jan Schotanus en Anny de Jong foarmje wy de skriuwklup foar de boeken fan de searje De Traveliers, spannende ferhalen dy’t yn oare lannen spylje. We komme geregeld byinoar en lêze dan inoars wurk en jouwe kommentaar. Dat wurket hiel goed, want je binne wolris blyn foar je eigen flaters. We binne altyd hiel earlik nei inoar ta. Sa bliuwst skerp. Ik sit ek noch yn de redaksje fan ús doarpskrante. Ik fyn it moai om allegear ferskate dingen te dwaan en stean altyd iepen foar nije ideeën.’

Bist ek mei in nij boek dwaande en wat binne dyn takomstplannen?
‘Doe’t ik mei ‘Skamte’ dwaande wie, siet ik ek al yn in nij boek mar dat is eins wat hingjen bleaun, ik hoopje dat skielk wer op te pakken. Op it heden bin ik dwaande mei pittige ferhalen foar bern yn de boppebou. Fierder wol ik dêr noch neat oer kwyt, nei myn idee bringt dat ûngelok. Njonken de skriuwerij sit ik yn it bestjoer fan it Skriuwersboun, meitsje meastentiids de ferslaggen fan de gearkomsten. Ik sit ek yn it bestjoer fan it Fryske Berneboek en we binne op it heden dwaande mei it gearstallen fan in krystbondel. Fan’t winter haw ik ‘Skamte’ oerset yn it Nederlânsk en wol dy ferzje ek graach útjaan litte, mar ik fyn wol dat myn Nederlânsk stiver is as myn Frysk. It is dochs in hiele oare taal om yn te skriuwen en je yn út te drukken.

Ik dream der noch wolris fan om in printeboek te meitsjen, mar yn it Frysk is soks hast net te beteljen en ast it by Nederlânske útjouwers besikest, rinst tsjin it feit oan dat minsken út eigen stâl foargean. Yke Reeder soe dêr prachtige tekeningen by meitsje kinne. Se hat ûnder oare myn boek ‘Krûpelhintsjes’ yllustrearre. Wy ha tegearre in programma foar bern betocht, dat we útfierd ha yn it tsjerkje fan Idaerd en dat wolle we ek útfiere op basisskoallen. We begjinne mei in fraachpetear tusken Yke en my, we litte sjen dat je dingen werjaan kinne mei wurden én mei yllustraasjes. Ik lês ferhalen foar oan de bern en sjong mei harren, Yke giet mei de bern oan de slach troch skilderjen en tekenjen. Prachtich om te dwaan, it is fijn om mei Yke gear te wurkjen. Se is jong en hat allegear goeie en aardige ideeën. Sy hat ek in moaie flyer makke foar it programma.

Mei myn broer ha ik in programma makke foar âldereintehuzen. Mei it idee fan: ‘Kenne jo dizze noch?’ Mei muzyk en koarte, soms bekende ferhalen, wolle we de minsken berikke en oanmoedigje om mei te dwaan. Ik fyn it leuk om sa mei oare minsken kreative dingen te betinken. Ik jou ek in soad lêzings oer myn wurk, by frouljusferienings en oare fermiddens. Ik ha sa’n soad dingen by de ein, dat myn wiken fleane om.’

Klik hjir foar in ôflevering fan Tsjek,  Omrop Fryslân televyzje. It item mei Auck Peanstra begjint sa likernôch op 11:38.