
Sa’t de âlden songen, sa piipje de jongen. Even in brún hûntsje, fersûpe, de deule. It echte Frysk is it rûch yn de bek Frysk, sa spriek in jonge boufakker fannewike oan myn keukentafel en wy koene it skoander mei him lykfine, want dit wie in gewoane, earlike jonge. Gjin Fryske yntellektueel, potferjanhinnekont. In echte Fries is in ûnbesniene Filistijn, in rûchhouwer, in Marianne Vaatstramoardner, in Eije Wykstra, en hy hat altiten in drup oan de noas hingjen. En in brún jaske oan, fansels.
Jierrenlyn die eega in ûndersyk nei de útspraak fan beskate Fryske wurden, by trije ferskillende generaasjes út deselde famylje, dy’t lykwols noch altyd yn deselde hoeke fan Fryslân wennen en ek sosjaal net tefolle út inoar groeid wiene.
It wie noch in hiele toer om sokke famyljes yn trije generaasjes te finen, want yn tsjinstelling ta it alfte gebod – neffens dûmny Ype Schaaf silger it iennichste dêr’t Friezen har oan hâlde (“Alles sil altiten bliuwe sa’t it is”) – emigrearje nochal wat Friezen nei oarden bûten Fryslân wêr’t it better jild fertsjinjen is.
De echte autochtoane Fries ferriede him troch de útspraak fan brún jaske: mei sa’n ûnbewuste noasklank tusken de kleur en it jaske. Tink der mar ris om: minsken dy’t it Frysk oanleard hawwe, dogge dat net. Dy sizze gas ynstee fan gòs of Grins op in wize dy’t hielendal bûten de noas om giet.
En dochs is it slimste wat jo as echte DNA-identiteitssuv’re Fries oerkomme kin: jo wurde beskuldige fan it oanlûken fan in brún jaske. It bart om it hoartsje de lêste tiid. In alderaardichste Fries dy’t in oare yngreven Fries betrape op syn sleauwe taal waard foar taalfaksist útmakke. It ûnskuldige gruteagige knyntsje dat boargemaster fan ús haadstêd is waard lûd piipjend smoard troch in falske njirre (tink derom: dy binne altiten froulik yn it Frysk). Earder mochten wy genietsje fan de diskusje oer Haadstêd 2018, dy’t ek op de Ensafhside fierd of sitearre wurdt. Sjoch it fod fan Eeltsje H. Fertochtmakkingen en skelpartijen by de rûs: soks is de literêre folkloare te uzes. In ûnfertocht persoan as J.P. Wiersma sit ynienen yn it ferkearde kamp. In Abe de Vries is … uh, uh, ik gean hjir wat te fier want ik bin derfan oertsjûge dat it hjir eins om in priveefete giet tusken de net sa eale Hettinga en de fiere mar wat ûnnoazele Vries, mar hy is sa brún as mar kin, want hy is foar 2018. En sa giet it mar troch. Sels de Ljouwerter hie it der wer oer dit wykein. Wat is dat dochs mei dy frjemde Friezen dat it F-wurd of de suggestje allinne al sa faak op tafel komt?
It slacht noait earne op, dat om te begjinnen. Ik haw Abe de Vries sa’n fjouwer jier fan tichtby meimakke en wier minsken, hy wie miskien wat Winamosintrysk yn syn tinkwize, mar in brún plakje haw ik nea oan him ûtdekke kind. It is al frjemd dat soks überhaupt ûntkend wurde moat.
It hat te krijen mei ús frjemde selsbyld, tink ik. F- en N-wurden binne de maklikste manieren om in diskusje te smoaren want echt op nivo prate en earne oer neitinke leit guon minsken net. Dy minsken fine harsels pas de echte Friezen, ûnbesniene Filistijnen, rûchhouwers dy’t nêsten jonge katten fersûpe, minsken dy’t uh, uh, uh. Ik hâld mar op. Ik wol gjin Fries mear wêze.