Tryntsje van der Steege

Mear roman as misdied

logo.ensafh

It nijste boek fan de ‘nije Fryske folksskriuwer’, sa’t Ferdinand de Jong troch syn útjouwerij delset wurdt, hat ‘misdiedroman’ meikrigen as oantsjutting op it omslach. No wie der yn de eardere boeken Guozzeflecht en It Dak fan de Wrâld ek al it ien en oar te rêden op it kriminele flak, mar yn De Lêste Trúk gean we werklik op ’en paad mei in resjersjeur fan de polysje. Dizze Evert Jaarsma is resjersjeur moardsaken wurden, nei’t er trije jier tebek syn frou en harren ûnberne bern ferlern hat by in slim ûngemak, in ferlies dat him noch hieltyd swier op it hert leit en in fertriet dat it bêst te bestriden is mei alkohol en jin fêstbite yn it wurk. Dat lykje de yngrediïnten te wêzen foar in swartgallige dwerse âlderwetske resjersjeur sa as yn de Skandinavyske misdiedliteratuer, mar Evert is – op syn ‘De Jongs’ – in fearkrêftige jonge keardel mei in sûne doasis humor en dito fermogen ta relativearjen. Dêrom giet Evert de measte jûnen mei Henk op ’en paad, syn buorman en bêste maat dy’t alle doarpshuzen platspilet mei syn Tommy Cooper-show. “Sa hie ik in jûnsbesteging dy’t better foar de sûnens wie as allinnich thússitte te sûpen. Want ik wist dat it alternatyf yn de regel dy rjochting út skaaide” (s. 11).

Evert en Henk kenne elkoar sûnt de beukerskoalle, dêr’t Henk wat bûten de boat foel fanwegen syn autisme. De ‘skelnammen’ dy’t Henk sûnt dy tiid meikrigen hat wurde op in moaie manier yn it hiele boek brûkt om it gedrach en de útspraken fan Henk te typearjen.

Hy krige in stoel en fage him sekuer skjin foardat er plak naam. Henkie Robot. Mem makke ek alles skjin, dat hearde sa. […] ‘Ik ha in plan betocht,’ sei Henk. Dat wie wêr’t er in wike lyn opholden wie. Henkie tunnel. […] Ik liet him mar útprate, ûnderbrekke hie gjin doel. ‘It kin neat wurde, Henk, ik mei net oer myn saken prate. Dat witst ek wol.’ […] Henk gie oerein en knikte my ta. ‘As der in slim gefal komt, hear ik it fan dy?’ Hy wachte myn antwurd net ôf en stuts de dyk wer oer. Ik skodholle. Nuvere sipel. Woe er my no net begripe? Autopilot Henkie. (s. 26)

It jout oan hoe goed oft Evert him ken en hoe goed oft er der mei om gean kin. Ek de standertbegroeting fan Evert om Henk te freegjen nei de haadstêd fan in lân wiist op de fertroudens wêrmei’t de mannen meielkoar omgean. Jo kinne Henk hast besjen as de eigenlike haadpersoan fan De Lêste Trúk, it ferhaal begjint en einiget mei him, Evert funksjonearret as syn kronikeur – al blykt Henk dat op de ein hielendal net nedich te hawwen. Ek hat Evert bytiden de rol fan in grutte broer, by gebrek oan in heit yn de húshâlding, en as oanfolling op Henk syn mem dy’t him hoedet en noedet as wie er noch hieltyd de lytse beuker mei in beheining (s. 24).

De fertroudens tusken Evert en syn kollega en goede freon Sigert Tamminga is fan in hiele oare oarder. Dêr’t de omgong mei Henk basearre is op fêste patroanen en in net te direkte oanpak, sit de ynteraksje tusken Evert en Sigert – “Hartstikke homo, leuke fint” (s. 12) – grôtfol flauwe grappen en pleagerige skellerij. Oan de oare kant binne de mannen wol sa goed op elkoar ynspile dat hja oan in heal wurd genôch ha om harren wurk goed te dwaan. Dat resultearret yn dialogen mei koarte sinnen, en ôfwaaid praat op foarsisbere mominten, in retoryk dy’t yntusken in skaaimerk wurden is fan it proaza fan De Jong. It makket de petearen soepel en maklik te folgjen, en realistysk nei myn idee. Net alle petearen wurde fierd yn floeiende folsinnen, en soms kinne je in diskusje mar it bêste ôfslute mei skouderopheljen.

De haadpersonaazjes en harren foarskiednis en ûnderlinge ferhâldings wurde foar in grut part yn de earste pear siden fan it boek úttekene, yn in knap yn elkoar flochten stream fan foarfallen, oantinkens en beskriuwings. Pas dêrnei docht de misdied syn yntree – of alteast eat dat derop liket. Der is in mysterieus stjergefal fan in ferpleechster dy’t mei de auto it wetter fan de jachthaven yn rydt. It ûndersyk dêrnei leveret neat fertochts op, en Evert syn oandacht wurdt rillegau ôflaat as syn âldere sus Lyske mei har ôfgryslik rasistyske man Ernie út Súd-Afrika op besite komt. Evert hat Lyske noch nea moete; hy is berne yn 1982 doe’t syn sus it âlderlik hûs foargoed ferliet (en dochs is Evert yn it no fan it boek al 32 – soe De Jong in takomstroman skreaun ha?). As der dan immen fermoarde wurdt liket it polysjewurk earst goed op gong te kommen, mar ek no wer wurdt Evert al gau ôflaat troch de nije snackbarhâldster Nicole dy’t fier fuortstoppe gefoelens by him losmakket.

De românse mei Nicole is net ûnmisber foar de plot. Hja makket de saken noch wat mysterieuzer, en har yntroduksje flak nei’t de moard begien is lit jin tinke dat se faaks wat te krijen hat mei de saak. Benammen omdat der ek in tsjûge is – frijwat ûnwierskynlik is it deselde tsjûge dy’t de ferpleechster it wetter yn riden seach – dy’t it slachtoffer mei in frou yn de auto sjoen hat. It docht lykwols bliken dat Nicole har mei hiel oare saken dwaande hâldt, wat noch wer mear wurk opsmyt foar de hearren Jaarsma en Tamminga.

Foar in misdiedroman binne dat eins wat te folle fertochte saken, en dêrfan wurde ek nochris te min oplost – te min alteast foar mannen dy’t “hast alles [oplosten] dêr’t [se] foar kamen te stean” (s. 16). Troch it ferskaat oan ferhaallinen, polysjesaken en privee-omstannichheden gelyk, wol it ferhaal net rjocht spannend wurde, teminsten net yn dy sin dat ik it mei in bûslampe ûnder de tekkens lêze woe. Dêrfoar is it faaks ek wat te joalich. Foar de leafhawwers fan misdiedsearjes op televyzje; De Lêste Trúk is mear NCIS as CSI. Beide kearen wurdt de saak wol oplost, mar by NCIS wurde ûnderwilens wat mear grapkes úthelle en persoanlike ferhâldings beljochte. Fansels binne je as lêzer fan De Lêste Trúk tige benijd wa’t it dien hat, en dy ûntknoping is tagelyk ferrassend en hiel yngripend. Dochs is it net sa dat it hiele ferhaal derom draait om ta dy ûntknoping te kommen.

De misdiedroman De Lêste Trúk is mear roman as misdied. De misdieden binne in middel om it ferhaal geande te hâlden, mar it oplossen fan de saken hâldt de lêzer minder yn de besnijing as de persoanlike ferhalen fan dyjingen dy’t har dermei dwaande hâlde. Dochs is it De Jong wol wer slagge om in wiere pageturner te skriuwen, troch syn werkenbere styl, de sympatike en libbendige personaazjes, en de nijsgjirrige ferhâldings tusken harren. Sels de net-sympatike personaazjes krûpe jo ûnder de hûd. In geweldige trúk fan Ferdinand de Jong.

Ferdinand de Jong
De Lêste Trúk
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2012
ISBN 978 90 330 031 34
Ferkeappriis € 17,50