
Bysûndere besites
De uterlike ferskillen tusken de Tolkien-oersettings fan Anne Tjerk Popkema en Liuwe H. Westra lykje frij grut, mar mei it lêzen blykt ek al gau de oerienkomst: dat de Fryske taal bjusterbaarlik goed past by de fantasijwrâld fan Tolkien. It fernuveret hielendal net dat de hobbits Frysk prate en de lânskippen fan it Goa (the Shire) en de rest fan it lân Midierde (Middle-Earth) komme yn de Fryske beskriuwings prachtich ta libben. It Frysk is ek tige geskikt foar de droege humor fan Tolkien, mar likegoed kin it de tsjustere driging en mysterieuze saken dy’t foarfalle oangripend foarm jaan.
Yn beide boeken is der in haadstik dêr’t de reisselskippen te gast binne by frjemd mar freonlik folk, yn in hûs midden yn de bosk. Yn De Hobbit komme Bilbo en de dwergen by Beorn de omstrûper telâne oan de grinzen fan it Brimsterwâld, en yn It Selskip fan de Ring wurde Frodo en syn freonen opfongen troch Tom Bombadyl en Goudfleare dy’t yn it Alde Wâld wenje. Mei sa’n lyksoartige setting is it moai sjen te litten en te fergelykjen hoe’t de oersetters yn it Frysk te wurk gong binne.
Yn It Selskip fan de Ring binne Tom Bombadyl en syn Goudfleare tige fleurige mar ek hiel steatlike minsken. As de hobbits by harren troch de doar stappe, sjogge se Goudfleare sitten: “Har lang giel hier weage har oer it skouder; har klaad wie grien, grien as jong reiden, trochsketten mei sulver as kralen fan dauwe; en har gurdle wie fan goud, yn ’e foarm fan in keat fan barchjeblommen, beset mei de ljochte blau-eachjes fan ferjit-my-net” (Selskip s. 147). Ek Tom Bombadyl is in ymposant en mysterieus figuer, mei in aparte manier fan praten; “ ’k Haw Goudfleare wekker makke, sjongend ûnder ’t rútsje; mar neat wekket hobbitfolk yn ’e iere moarntiid. Yn ’e nacht wurd’ lytse lju wekker yn it tsjuster, en sliep’ as it ljocht wer komt! Belle dong dylgert! Fleur’ge freonen, wekker no! Ferjit it nachtlik leven! Belle dong dylge dol! Deure dol, myn popkes! Komm’ jim gau dan fine jim moarnsiten op tafel. Komm’ jim let dan krije jim gers en reinwetter!” (Selskip s. 153). It praat fan Tom is gauris wat fragmintarysk, mei frjemde fleurige útroppen, en faak in wat oare wurdfolchoarder as ferwachte. De weilittingstekens binne dêrom eins oerstallich, en meitsje it taalgebrûk fan Tom Bombadyl rommelich dêr’t it inkeld apart hoecht te wêzen. Boppedat jout it Ingelsk gjin oanlieding foar it brûken fan weilittingstekens. Mei syn aparte praat is Tom Bombadyl lykwols in betsjoenende ferteller, as er ferhaal docht fan de skiednis fan it Alde Wâld en de wrâld deromhinne; in tige âlde skiednis, mei moaie âlde wurden en in hypnotisearjend ritme, dy’t ferhellet fan ‘tsjoede dingen’, ‘ûnbidige fergetten bosken’, en ‘biente dat steurd waard yn ’e wieren’.
Ek Beorn yn De Hobbit is sa’n ymposante, mysterieuze en ûngrypbere figuer, al ferrint dy besite hiel oars. Beorn is “in kolossale man mei in tsjok, swart burd en ek sok hier en grutte, bleate earms en skonken, mei spieren as kabeltouwen. Hy wie klaaid yn in tunyk dy’t oant op ’e knibbels kaam, en line oer in lange bile. […] Hy lake mei in sterk, roljend lûd, lei de bile del en stoep nei foarren” (De Hobbit s. 133). Hjir is it Gandalf dy’t in ferhaal fertelt, fan de dwergen har ûntsnapping oan de ierdmannen en de wolven. Mei elke episoade fan it ferhaal makket Gandalf de groep hieltyd grutter en lit er mear dwergen oantrede, om’t er Beorn net oer it mêd komme wol mei de hiele kloft tagelyk, mar him wol sa nijsgjirrich meitsje wol dat er harren net gelyk wer fuortstjoert. Dit bart mei it soarte fan humor dat it yn berneboeken goed docht;
Dat Gandalf gie fierder mei syn ferhaal, oant er by it gefjocht yn it tsjuster kaam, de ûntdekking fan ’e ûnderste poarte en de alteraasje doe’t se fernamen dat Balsma poater wie.
‘Wy telden de koppen en kamen derefter dat der in hobbit miste. Wy wiene noch mar mei ús fjirtjinnen!’
‘Fjirtjin! Dat is foar it earst dat ik hear dat tsien min ien fjirtjin is. Do bedoelst njoggen, of oars hast my noch net alle nammen fan dyn selskip sein.’
‘No, jo ha fansels Oin en Gloin noch net sjoen. En ja! dêr binne se al. Ik hoopje dat jo it harren net kwea ôf nimme dat se jo ta lêst binne.’
‘Och, lit har mar komme! Opsjitte! Kom mar, jim beiden, en jou jim del.’ (De Hobbit s. 138)
De tsjoen fan it plak dêr’t Beorn wennet is minder feeëryk as dat fan Tom Bombadyl en Goudfleare, mar it is dêr apart genôch mei de skiep en hûnen en hynders dy’t Beorn helpe yn en om it hûs, en de spoekeftige lûden yn it midden fan de nacht; “Bûten wie in grommeljend lûd en it hearde as wiene der in pear grutte bisten by de doar oan it wrotten. Bilbo frege him ôf wat dat wêze koe en oft it faaks Beorn yn betsjoende foarm wie en oft er dan as in bear yn ’e hûs falle en harren opfrette soe” (De Hobbit s. 143).
Dit binne mar koarte passaazjes út beide boeken, mar se jouwe in aardich byld fan it ferskil yn toan tusken De Hobbit en It Selskip. De taal yn It Selskip is wat steatliker, argaysker en faaks breedsprakiger, wylst De Hobbit mei koarte sinnen wat flotter en kompakter is – krekt as Tom Bombadyl dy’t wat riedseleftich is, en Beorn wat koarter foar de kop.
Lês fierder yn Ensafh nûmer 6 op papier! Dat nûmer ferskynt begjin novimber.
Of yn:
J.R.R. Tolkien
De Hobbit of Dêrhinne en wer Werom
Oerset troch Anne Tjerk Popkema
Elikser, Ljouwert 2009
ISBN 97890 8954 1123
Ferkeappriis € 20,-
J.R.R. Tolkien
Master fan Alle Ringen – Diel 1: It Selskip fan de Ring
Oerset troch Liuwe H. Westra
Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2011
ISBN 97890 8566 0224
Ferkeappriis € 35,-