Geart Tigchelaar

Krossmediale Kimswerter kriger

logo.ensafh

Yn nûmer 7 fan jiergong 2012 fan de papieren Ensafh stie in koart sinjalemint fan it boek fan Ate Grypstra Krús fan de Hollanner. Dêrby waard oanjûn dat der in wiidweidiger besprek folgje soe wannear’t it kompjûterspultsje it deiljocht sjoen hawwe soe. Spitigernôch is der noch gjin sicht op wannear’t dat útkomme sil, fandêr dat it no mear as tiid wurdt dat it besprek oer it boek al útkomt.

Ate Grypstra fan Bûtenpost dy’t dosint Ingelsk en Frysk is, hat mei Krús fan de Hollanner syn fyfde boek ôflevere. Earder ferskynden Heftich (2008), Rinze hat de hik (2010), Tsjang tsjin tiid (2010) en It Beest fan de Westereen (2011). Mei in boek oer Grutte Pier fan Kimswert leveret Grypstra syn earste histoaryske roman/jeugdboek ôf.

It is net it earste (jeugd)boek dat skreaun is oer Pier Gerlofs Donia. De skriuwster Dieuwke Winsemius hat dat yn 1987 al dien ûnder de titel Grutte Pier (oersetting út it Nederlânsk wei troch Jan de Jong)1 en ek C. Wilkeshuis hat it NederlânskeGrote Pier van Kimswerd yn 1974 útbrocht. En sa binne der noch guon âldere titels te neamen.2 Grypstra syn boek is dêrmei in nije leat oan de Grutte Pier-beam.

Hjirûnder sil earst Pier Gerlofs Donia as histoarysk figuer beljochte wurde en wat de auteur dêrfan makke hat. Dêrnei sil yngien wurde op it boek sels yn al syn fasetten wêrnei’t ôfsluten wurdt mei in pear algemiene skôgjende opmerkings.

Grutte Pier as histoarysk figuer

De figuer fan Grutte Pier – al dan net romantisearre – is ien fan de meast ferneamde persoanen út de Fryske skiednis. Der is net in hiel soad oer him bekend as wat losse feiten oer syn komôf, striderij en mooglik ferstjerren. Under de minsken stiet er benammen bekend as de man mei it grutte swurd dy’t allegeduerigen ‘Bûter, brea en griene tsiis’ rôp en syn fijannen de fuotten spielde. Om’t der net it measte oer him bekend is, hat de auteur frij spul en betink der fan alles omhinne. Sa te lêzen hat Grypstra dêr tankber gebrûk fan makke. Hjirûnder in útiensetting mei de histoaryske feiten keppele oan it boek.

Der besteane ferskate sjochwizen oangeande Grutte Pier. De iene sjocht ’m as grouwélige grousumsma dy’t sûnder moraal elk dy’t gjin mûlfol Frysk prate, de kop ôfsloech. De oare sjocht him as frijheidsstrider pur sangDe Kanon fan de skiednis fan Fryslân3 iepenet mei dy twaspjalt en ek Breuker en Janse sizze dat der gjin gefoeliger motyf bestiet as de relaasje Hollân-Fryslân yn ’e figuer fan Grutte Pier.4 Nei it lêzen fan Grypstra syn boek – en dat is ek krekt it moaie – soe men konkludearje moatte dat beide ferzjes rjocht dogge oan Pier. Yn Krús fan de Hollanner wurdt er as frijheidsstrider optekene dy’t dreaun wurdt troch wraak op de moard fan syn frou om Fryslân frij te meitsjen fan de ûnrjochtfeardige Saksen. Tagelyk is er sa ferbittere dat er wreed elk in kopke lytser makket dy’t mar in bytsje rûkt nei in frjemdling. ‘Pier waard wreder en wreder.’ (side 119).

Grypstra hat der foar keazen om it ferhaal fan de Kimswerter te fertellen út it eachweid fan syn omkesizzer Wijerd Jelckama wei. De gruttens siet blykber yn ’e famylje, want Wijerd mocht der ek wêze. Om dy reden waard er dêrom ek wol Grutte Wierd neamd. Hy wie Pier syn rjochterhân en makke sa alles fan tichteby mei. It ferhaal begjint yn de herberch dêr’t Wijerd oer de ferneamde Grutte Pier ferhellet. Wa kin dat better fertelle as Donia’s omkesizzer en ûnderbefelhawwer. Om it personaazje wat smeuiïger te meitsjen, dichtet Grypstra him in grut fermogen ta om it ferhaal moai op te snolkjen en himsels perfoarst net wei te siferjen. Fuortdaliks is dat in handich narratyf trúkje. Dan wurdt der net op in deade mear of minder sjoen, want dat soe dan taskreaun wurde moatte oan Wijerd syn fantasij dy’t mei him op de rin giet.

Lykwols is it mar de fraach oft Grutte Wierd de omkesizzer wie fan Donia. ‘De neef van Grote Pier, die ook door de verhalen spookt en die dan Grote Wierd heet, is zeer waarschijnlijk helemaal geen familie van Pier.’5 Technysk sjoen docht dat der faaks net ta, want wis is al dat Wijerd of Wierd it befel nei’t Donia him weromlutsen hie, oernommen hie. Hy moat hoe dan ek Pier fan tichteby meimakke hawwe en kin sa as betroubere boarne opfierd wurde.

Donia syn frijheidsstriid begjint wannear’t syn pleats – want hy wie fredich boer – ôfbaarnd wurdt mei dêryn syn ynleave Rintsje en twa bern. Allinnich syn dochterke Wobbelke is it dy’t it libben der ôfrêdt. Hja fertelt fan de oanstifter fan it klupke dy’t it op syn gewisse hat. It is in man mei in sneed op ’e kop: ‘Se besoarge him in bluodderige winkelheak fan it rjochtereach oant it kin.’ (side 82). It is de persoan fan Marius Ulrich. Donia makket der syn libbenstaak fan om him te efterfolgjen en as it kin fansels te deadzjen. Grypstra fiert net in soad optochte personaazjes yn op syn ferhaal, mar dit is der ien fan. Fansels klassyk om in wat snedich mantsje op te fieren dat it grutte ûngelok fan de protagonist oandien hat. Klassyk en dêrmei net botte orizjineel, mar it wurket wol yn it ferhaal.

Dat komt mei troch it opfieren fan Karel fan Gelre. De hartoch biedt him oan oan Grutte Pier as soarte fan freon.6Opportunistysk as de hartoch is, kin er Grutte Pier skoan brûke yn syn striid tsjin ’e Saksen dy’t it fierhinne foar it sizzen hawwe. Dêr rjochtet Grutte Pier syn gram tsjin. Dêrmei wurdt er as marionet brûkt. Karel fan Gelre liicht him foar dat Marius Ulrich dêr en dêr sit. Om’t Donia in grut betrouwen hat, twivelet er net en stoarmet dêr mei syn mânske liif en mânsker swurd op ôf.

Ek wurdt de fjildhear Maarten fan Rossum, de greve fan Nikkelenboarch en Donia syn freon Petrus fan Thabor oanhelle. De earste wie yn tsjinst fan Karel fan Gelre. Fan Rossum hat noch mei Grutte Pier striden tsjin de Saksen. Petrus fan Thabor wie lekebroeder yn it kleaster Thabor by Snits. Hy wie in skiedskriuwer en hat ek oer Grutte Pier skreaun. Men soe sizze kinne dat er syn biograaf wie. Oan ’e ein fan it boek wurdt der in passaazje út syn Historie van Vrieslant oanhelle dêr’t Grutte Pier yn omskreaun wurdt as in grut man mei grutte eagen sa’t Grypstra him ek typearret yn syn wurk.

De greve fan Nikkelenboarch dat in nijsgjirrich ‘typke’ is, seit de dea fan Grutte Pier oan. Dat moat in grut effekt op in folksman as Pier hân hawwe, sa docht Kalma ús te witten.7Grypstra makket ek gebrûk fan dat gegeven om op side 126-127 it neikommende te ferklearjen:

It mantsje syn ynfallen bekje, dêr’t hast gjin tosk mear yn siet, foel him wiid iepen en syn eagen liken wol yn syn holle wei te draaien. “Pier Gerlofs,” sei er mei nuvere ferdraaide stim, “wês wach! De duvel longeret nei dyn siele en de dea loert oeral. En as it hast safier is, as it hást safier is, kom ik dy warskôgjen!”

It giet te fier om elk histoarysk feit by del te gean. Sa hat ek Grypstra syn eigen ynfolling jûn oan wêrom’t Grutte Pier Medemblik ynfalt. Ik sis eigen ynfolling, om’t oare boarnen wer in oare reden jouwe. De tocht nei Emmerik, de reden dat Pier ynienen in seeman wurdt, it symboal fan ’e biddelsek, galge en rêd en folle net genôch krije allegearre harren gerak yn Krús fan de Hollanner.

Gearfetsjend kin sein wurde dat Grypstra alle feiten dy’t der op te skarreljen binne oer Grutte Pier handich befrissele hat yn it boek. Alles kriget in plakje en sa kriget it boek in swym fan leauwensweardigens mei en wurdt it ferhaal an sichsterker ûnderboud.

Grutte Pier as fiktyf figuer

Oant safier Grutte Pier as histoarysk figuer, no sil der yngien wurde op Grutte Pier as fiktyf persoan, dus hoe’t er opfierd wurdt yn it boek fan Grypstra.

Hjirboppe is al neamd dat it in handich narratyf trúkje is dat Grypstra Grutte Wierd as ferteller fan it epos fan Grutte Pier opfierd wurdt. Der komme twa mannen yn ’e kroech dêr’t Wijerd Jelckama him ek ophâldt. It praat komt op Grutte Pier en syn omkesizzer skoot himsels nei foarren as de meast gaadlike figuer dy’t de skiednis fan Pier út ’e doeken dwaan kin. Grutte Wierd is in smeuiïge ferteller dy’t himsels ek gjin lytse rol tabedield. Sa’t Grypstra him beare lit: ‘Mar ja, dit is ek in bytsje myn ferhaal, is’t net? Syn striid is myn striid wurden.’ (side 20). Dat makket it ferhaal libben en dat it gjin tel ferfeelt. Sa bringt Grypstra ek twa ferhaallinen yn it boek. Jelckama ûnderbrekt sa út en troch syn eigen ferhaal om Swarte Geart bier of iten helje te litten by de kastlein. De ynbrekken hawwe dêrtroch fakentiids in humoristysk karakter en jouwe in kwinkslach oan it gewelddiedige ferhaal fan Grutte Pier. Fierders jouwe se tagelyk ynfolling oan it karakter fan Grutte Wierd.

Lykwols is it perspektyf fan Wijerd hjir en dêr net alhiel slagge. Gauris ferfalt er nammentlik yn in opsizzer fan in skiednisleske. ‘Witte jimme wol,’ komt de man krekt wat te faak oer de lippen. Op ’t lêst begjint men jin dêr as lêzer oan te steuren. Grutte Wierd adressearret fansels oan de twa dy’t er syn relaas fertelt, mar as lêzer fielt men jin oansprutsen. Dat op dy wize ynbrekken docht ôfbrek om’t it op it lêst in trúkje wurdt dat tefolle werhelle wurdt. In kear is net slim en it neikommende foarbyld is ien dy’t better slagge is: ‘Sa’t jim grif noch wol witte, ferkocht Georg yn maaie fan dat jier Fryslân foar hûnderttûzen goudgûnen oan de Habsboarger Karel de Fiifde.’ (side 52). En dan folget in relaas oer alderhanne bûtenlanners yn Fryslân. Dat wurdt gewoan meidield sûnder in omslachtige wize fan ferheljen, om’t ien fan syn taharkers delbûgjend reagearre hat. Dat is earder wol sa as Wijerd útleit wat in Katzbalger is. Earst wurdt de fraach steld oft syn taharkers witte wat dat is. Der wurdt reagearre dat it in stekwapen is. Om’t dat yn Wijerd syn optyk denigrearjend is, spat er grimmitich op en sil wol efkes útlizze watfoar in moai wapen oft it is. ‘“Stekwapen”… pfff… as oft it in bûsmes is.’ (side 35) Dat wurdt dan wat over the top dien.

Mei dat over the top kom ik op in twadde punt. Nammentlik it feit dat sawol Grutte Pier as Grutte Wierd ferfalle ta karikatueren. Grutte Wierd docht oars net as swetse en sweare en Swarte Geart dy’t er ris goed te fiter hawwe wol de grûn yn boarje. Hy moat hieltyd bier en iten helje, sadat de kiel smard wurdt en Wijerd net fan syn plak en út syn ferhaal hoecht. Dat er Geart op ’t lêst ek noch in kromme noas slacht, is wol it toppunt. It karakter is dus oars net as in rûchhouwer en tagelyk in smoute prater.

Om’t it ferhaal logyskerwize yn ’e haadsaak oer Grutte Pier giet, is it wol sa dat dat karakter wat mear útiten wurdt. Mar echte djipgong kriget ek hy net. De stereotype ferhalen dy’t der oer Grutte Pier binne wurde allegearre oanhelle en brûkt yn it ferhaal. Dat er djip rekke is troch it ferlies fan syn frou leit foar de hân en dêrtroch kriget it ferhaal ek in wat mear emosjonele wearde. Lykwols is it ien en al slaan en bûtsen wat de klok slacht. Fryslân moat befrijd wurde fan de frjemde ynklauwers en op persoanlik mêd wol Pier ôfweve mei Marius Ulrich, syn deadsfijân (de reden dat Grutte Pier Medemblik mei de grûn ôfbaarnd, om’t er dêr blykt te wêzen). Dêr komt nochris by dat in hiele lange histoarje yn in frijwat koart bestek beskreaun wurdt oer guon saken hurder gien wurde moat as se feitliken fertsjinje. Sa geane gefjochten en strideraasje de Arumer Swarte Heap betiden wat te maklik ôf dat it oerflakkige yn ’e hân wurket. Dêrmei is in moaie link te lizzen mei it spultsje en dat is it feit dat it spultsje cartoonesk is, it eins ek sa is mei it boek.

Dêr trochhinne prikkend hat Grypstra in pracht fan in jongesboek skreaun dat de hjoeddeistige generaasje oansprekke moat. It boek sit nammentlik grôtfol aksje, it is ien en al bluodderich geweld. Der wurdt wat ôfraasd en sûpt. Troch de flamboyante figuer fan Wijerd Jelckama wurdt it boek net ien lang ferhaal folle mei strideraasje. Dêrmei bringt de auteur ek genôch humor deryn, sadat der nochris gniisdwurde kin. Lykas sein fertelt er it ferhaal op smoute wize, mar troch sokke útspraken is it gauris grappich. Sprekkend moai foarbyld is it neikommende op side 46 (spitich fan itHollanisme ‘de wang’):

Dy [Grutte Pier, GT] stie mei de hannen yn ’e side nei de fruchten fan syn arbeid te sjen, helle in kear djip azem en sei tsjin de muonts: “Sei ik it net, âlde? Lit se mar komme? No, se kamen. En dêr lizze se.” Petrus antwurde sêft: “De Heare Jezus learde ús oars dat wy ús fijannen de oare wang takeare moatte.” “Hmm,” joech Pier as replyk, “dan wienen de fijannen fan de Heare Jezus grif gjin Saksers, of wol?”

Einkonklúzje

Ofsjoen fan it feit dat Grypstra sa út en troch wat knoffelich de lêzer it ien en oar fertelle wol, doocht de histoaryske setting wol. It is oan de skriuwer om dy feiten fierders yn te foljen en oan te foljen. Dêryn is er prima slagge.

Dêr komt by dat it gegeven sels al hiel sterk is en dat Grypstra dat feit allinnich mar op hoecht te pakken en der wat mei te dwaan. Spitigernôch dêrby bliuwt Grutte Pier – en noch mear Grutte Wierd – stykjen yn in karikatuer. It boek kriget gjin djipgong, oars net as dat beide kanten fan Grutte Pier beljochte wurde. Hy bliuwt grut en sterk mei grutte eagen dy’t wraak nimme wol op de moard fan syn wiif.

As de lêzer net siket om djipgong en graach mear witte wol oer it inerlike libben fan Pier Gerlofs Donia hat mei Krús fan de Hollanner in boek yn hannen dat flot lêst, spannend is en folop aksje befettet.

Brûkte boarnen

Breuker, Ph. H. & Janse, A. (red.), Negen eeuwen Friesland-Holland: Geschiedenis van een haat-liefdeverhouding(Ljouwert/Zutphen 1997), s. 49-50.

Kalma, J.J., Grote Pier van Kimswerd (Ljouwert 1970).

De kanon fan de skiednis fan Fryslân yn 11 en 30 finsters(Ljouwert 2008), side 10-11. Ek op http://www.11en30.nu/global/fri/artikel/23 te riedplachtsjen.

Peter van Thabor, Historie van Vrieslant, yn: H.W.C.A. Visser & H. Amersfoordt (red.), Archief voor vaderlandsche, en inzonderheid Vriesche geschiedenis, oudheid- en taalkunde(Ljouwert 1824-1827; werprintinge mei ynlieding fan R. Steensma: Ljouwert 1973).

Krús fan de Hollanner

Ate Grypstra

Afûk/Triangle Studios, Ljouwert 2012

ISBN: 9789062739288

Ferkeappriis: € 14,95

1 Ek hja hat in figuer njonken Grutte Pier opfierd as ferteller.

2 Kalma, Grote Pier van Kimswerd, 167-173.

3 Kanon, 10.

4 Breuker & Janse, Negen eeuwen Friesland-Holland, 49. Ek Kalma komt hieltyd op dy twaslachtigens fan Grutte Pier werom.

5 Kalma, Grote Pier van Kimswerd, 50.

6 Om dy reden wurdt de Arumer Swarte Heap ek wol Gelderske Friezen neamd.

7 Kalma, Grote Pier van Kimswerd, 117-118.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *