Tryntsje van der Steege

Libbene oantinkens omteare ta skiednis

logo.ensafh

It minsklik ûnthâld is in nijsgjirrige miks fan wat we sels meimakke ha, fan wat oaren ús ferteld ha en fan wat we der sels by betocht ha. We ûnthâlde de dingen net altiten sa’t se wier gebeurd binne, mar meitsje soms – bewust of ûnbewust – de kar om in oantinken oars of moaier op te slaan. Faak wurdt in oantinken in ferhaal op himsels en somtiden wurdt it yn de oerlevering troch de jierren hinne noch wat mear oanpast en omfoarme. Mearkes en leginden ûntstiene op sa’n manier, mar ek romans en memoires binne faak it resultaat fan sok ‘opkreazjen’ fan persoanlike oantinkens.

In kop as in almenak – gjin roman, gjin memoires – is de delslach fan de sammele oantinkens – wier, opkreaze en optocht allyk – fan en oan de famylje fan Elske Schotanus, dy’t se ús foarleit ûnder de skûlnamme Elske Hindriks. It boek beskriuwt it ferhaal – nee, in ferhaal – nee, de ferhalen fan hast seis generaasjes, en is dêrmei in ferslach fan feroarjende tiden, fan feroarjende gewoanten en fan feroarjende minsken. It is de skiednis fan in famylje fan skûtsjeskippers, seefarders en lytse middenstanders út ferskillende hoeken fan Fryslân. It boek beskriuwt it libben en de komôf fan mem Sjoerdtsje en heit Hindrik, harren heiten en memmen en pakes en beppes – en sels Sjoerdtsje har oerpake wurdt neamd. Tagelyk is In kop as in almenak ek it ferslach fan it ûndersyk nei dy foarâlden, en it ta stân kommen fan it boek sels. Boppedat is it net allinnich de histoarje dy’t sketst wurdt, mar komme ek de generaasjes dy’t no libje en de maatskiplike problemen dêr’t hja tsjinoan rinne op it aljemint.

Mei troch de fassinearjende foarm dêr’t dy oantinkens en observaasjes yn getten binne, is In kop as in almenak in prachtich en meislepend boek. It is yndie ‘oanienwei assosjatyf’ sa’t Doeke Sijens stelt yn de LC fan 19 july; it boek is tige fragmintarysk fan opset, mar skreaun yn in soepele styl en mei in linige struktuer. Langere en koartere ferhalen jouwe fergelykbere situaasjes yn ferskillende generaasjes wer en ferbine sa de beskreaune libbens oan elkoar, bygelyks as it giet oer Elske har beppe Elske dy’t trouwe moast om’t se swier rekke, mem Sjoerdtsje dy’t har twivels hat by it pilgebrûk fan hjoed-de-dei, en Elske sels dy’t de pilstrypkes altiten soarchfâldich ferburgen hâlde (s. 59-60). It is ek hiel moai dien hoe’t it ferhaal oer heit Hindrik en syn eardere ferkearing Cornelia begjint en einiget mei in opmerking fan Sjoerdtsje dy’t Elske net krekt mear fertelle kin hoe’t it siet (s. 52 -6); “ ‘Wêrom sei er eins Cornelia tsjin jo?’ Se lûkt in tear yn ’e foarholle. ‘Wêr’t er dat wei hie, dat wit ik sa net’”.
De ferskillende tiden wurde op in noch yngeandere manier mei elkoar ferfrissele yn ien fan de moaiste sênes yn it boek: wylst se ûnderweis is nei it keukentsje fan har oanleunwente tinkt Sjoerdtsje har kreupel rinnende suster Tryntsje werom oan dy kear dat Sjoerdtsje har derom útlake, en Elske Hindriks hat dat opskreaun yn in raffinearre en hast hypnotisearjende stream-of-consciousness-styl. De hiele sêne is te lang om hjir te werheljen, mar om in yndruk te jaan is hjir in fragmint; “[…] se set de stok in eintsje nei foaren op it swilk, earst de lofterfoet, dan de rjochter, acht jier âld is se, har suske, de lêste kear dat se har seach siet dy strobbe noch net iens op skoalle, yn de keuken stiet de trôch mei foer klear, dêr ha wy ús Sjoerdtsje al, se hat gjin sin oan koal, yn it rút fan de bus sjocht se harsels, yn beppe har fermakke jurk, dêrboppe it âldske gesichtsje, sok krisisfretten mei se net, troch de spegeling huppelet en springt in famke by de bushalte, dat moat har wêze, mem jout har in koele hân en helpt har fan de treeplanke, wat soenen se hjoed as neigesetsje ha, fjouwer jier ha Sjoerdtsje en sy inoar net sjoen, soe se har werkenne, de kraan dript mankelyk út ’e berûne loft, har suske laket blier, ‘kom hier Rosa, je bent mijn zusje, je bent mijn zusje’, at it mar gjin sûpenmoallen brij is, […]” (s. 40).

Troch it hinne-en-wer springen tusken de ferskillende tiden, oantinkens en kanten fan de famylje duorret it lykwols frij lang foardat de ferbannen tusken de ferskillende nammen en generaasjes helder binne. Dochs past dat op ien of oare manier wol by de syktocht dy’t In kop as in almenak ek is. De ferhalen oer har foarâlden komme ek net gronologysk by de fertelster telâne en faker as ien kear moat se har ferzje fan in ferhaal oanpasse as se nije ynformaasje boppe wetter hellet. Har persoanlike driuw om út te finen hoe’t it echt sit komt it dúdlikst nei foaren as it giet om de oarlochsjierren fan har heit Hindrik. It ferhaal sa’t se it yn de holle hat blykt net te klopjen mei de feiten en gegevens dy’t se tsjinkomt en yn dit gefal liket it net genôch te wêzen om it sa mar te litten of der sels wat by te betinken. Op side 153 falt it wurd ‘obsedearre’ yn ferbân mei it sykjen nei it skipperskamp dêr’t har heit hinne west hat. Faaks omdat Hindrik syn aktiviteiten yn de oarloch net hielendal rûn makke wurde kinne, leit yn dit part fan In kop as in almenak de klam op de fragen dy’t de skriuwster dwaande hâlde en it ûndersyk dat sy útfiert. Ek dat heart by it ferhaal fan har famylje, krekt omdat it miskien it measte seit oer harsels.

De skriuwster as fertelster en ûndersykster nimt in nijsgjirrich plak yn yn In kop as in almenak. Se is ûnderdiel fan it ferhaal as lid fan de famylje dy’t se beskriuwt, mar se kreëarret tagelyk in ôfstân tusken it ferhaal en de wrâld deromhinne mei de skûlnamme dy’t se brûkt en de meidieling oan de ein fan it boek dat der tsjinstridichheden ynsitte, ûnfolsleine oantinkens en subjektive mieningen en heal optochte anekdoates, en dat der út en troch mar wat hinne liigd is (s. 215). Mei it brûken fan in skûlnamme wurdt ek de skriuwster sels in personaazje yn de kreëarre werklikheid fan In kop as in almanak. Dat wurdt fersterke trochdat it ferhaal ferteld wurdt yn de twadde persoan iental. Dy fertelkonstruksje soarget foar mear ôfstân tusken de skriuwster en har eigen part yn de fertelling, op dizze manier kin se harsels as personaazje objektiver beskriuwe as dat it yn de earste persoan ferteld wurde soe. Tagelyk lûkt it de lêzer tichter nei it ferhaal ta omdat it somtiden fielt as wurde jo en jo eigen oantinkens persoanlik oansprutsen.Jo wurde sels yn it plak fan de fertelster set en wurde sa oantrune om ek oer jo eigen ferline nei te tinken. “Jurken draacht Sjoerdtsje al jierren net mear. Har gesicht, it sulvergrize hier sportyf koart knipt, is noch jeugdich. Wiest altiten al in kop grutter as har, no twa. ‘Ast like âld bist as ik,’ sei sy doe’t sy like âld wie asto no bist, kup E en maat seisenfjirtich, ‘dan wurdst grou, lykas ik.’ Se is ôffallen, miskien troch it dieet, miskien is it de leeftyd. Se krimpt, mar yn plak fan nije klean te keapjen, in maat lytser, lûkt se de broek, dy’t har fierstente wiid wurden is, omheech sadat de pipen har in ein boppe de ankels sitte. Skammest dy der allang net mear foar, krekt net, it makket dy earder tear, sokke dingen” (s. 12).

Neist in yntrigearjende famyljeskiednis is In kop as in almenak benammen in earbetoan oan de memmefiguer, in leafdefol, ûnferbidlik en hertferskuorrend portret fan mem Sjoerdtsje dy’t de greep op har eigen skiednis en op de wrâld om har hinne stadichoan ferliest. Elske tekenet de famyljeferhalen op salang’t Sjoerdtsje der noch wat fan wit. “ ‘Yn tachtich jier hat in mins safolle meimakke’, seit sy en út it ûnthâld wei dolt se har oantinkens op, ferhalen dy’t gjin begjin en gjin ein ha” (s. 21). Tagelyk docht se ferslach fan it ferjitten en it ôftakeljen fan har mem, en de problemen dy’t de hjoeddeiske maatskippij opsmyt yn sa’n gefal. Mei de hjoeddeiske maatskippij bringt de fertelster ek har eigen bern yn byld, de kânsen dy’t sy al as net krije, de dingen dy’t sy al as net oars dogge. As se Elske freegje of de wrâld yn har libben feroare is andert se “ ‘No, nee, ik leau it net, neu…’ en do dy’t der noait by stil stien hiest dat it net allinne de wrâld fan de paken en beppen is dy’t hurd feroare is, setst útein mei it ferhaal oer hoe’t de wrâld yn de rin fan dyn libben likegoed in oar foarkommen krigen hat. Der komt altiten in momint dat libbene oantinkens omteare ta skiednis en it is pas yn it fertellen datst besefst yn hokker tiden ast libbe hast” (s. 180).
It is hiel bysûnder hoe’t sa’n persoanlik boek mei hast yntime oantinkens en details dochs sa’n werkenber byld en universeel gefoel oproppe kin.

in kop as in almenak

Elske Hindriks – In kop as in almenak
Afûk, Ljouwert 2013
ISBN 97890 6273 9165
Ferkeappriis € 16,50

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *