Ferdinand de Jong

De taal hat de âldste rjochten

logo.ensafh

Frij fertaalde ferzje fan it magnum opus fan Dire Straits: Telegraph Road

In hiel skoft lyn wie der in taal.

Dy sweefde troch de loft oant er in gaadlik plakje fûn. Doe joech er himsels oan de minsken dy’t dêr wennen. Dy wienen wiis mei de taal. Se boarten der mei, makken him grutter en weardefoller. Sa bouden se yn gearwurking mei-elkoar oan in folweardich kommunikaasjemiddel dêr’t elts mei út de fuotten koe. Al mar mear minsken kamen oer de sânreden en oer it wetter en setten harren yn it nije taalgebiet te wenjen. Se gienen net fierder, se gienen net werom.
Doe kaam de beskaving mei tsjerken, skoallen, rjochters en abbekaten. Allegearre hienen se wat oer de taal te sizzen. Allegearre hienen se der in miening oer, kreauwerij lei op de loer.

Doe kamen bussen, treinen en fleantugen mei oare talen yn it taalgebiet. De âlde taal trille op syn fûneminten troch al dy nije ympulzen. Der kamen minsken dy’t in ramt makken dêr’t de âlde taal yn getten waard om him te beskermjen tsjin al dy ynfloeden fan bûten.
De gewoane brûkers fan de taal wienen harren net iens bewust fan alles dat om harren taal hinne spile. Se hienen it oer it wurk en harren hobbys en oer hoe min de tiid soms wie. Mar al dy tiid bleau de taal oerein as in fêst gegeven.
Yn de djippe krochten fan de taal, in gebiet foar gewoane brûkers net tagonklik, net te begripen en net te fertarren sa dreech, spile sa no en dan wol ien en oar. Fernijers, konservativen en kreativen krústen geregeld de swurden om harren eintsje fan it gelyk oer de taal te befjochtsjen. Talrike publikaasjes yn hokker foarm dan ek ferhellen hoe wreed it der soms om ta gie.

Gie?

Der wie ris in taal. Dy taal like it dreech te hawwen. Al dy talen dy’t mei bussen, treinen en fleantugen fol as in sêfte maitiidsrein oer it taalgebiet hinne dreaun wienen, hienen harren as net út te roeien túch tusken de naden fan de tegels fan de âlde taal wrotten en lieten har net mear ferjeie. De fernijers rôpen dat soks net slim wie, de konservativen spuiden de fernijers op it festje en de kreativen betochten festivals.
Al mei al gie de striid troch, no net mear mei swurden, mar mei wurden. De strammenstriid yn it taalgebiet hie in ferstikkende útwurking op guon minsken. Se joegen belies en lutsen harren werom as striders foar de taal. Oaren begûnen in guerilja oarloch. Sa no en dan in pjuk en in stek ûnder wetter. Dêr kaam faaks in noch hurdere stek as pjuk op werom.

Al dizze tiid die de taal gewoan ‘syn ding’.

Hy kommunisearre dat it in lust wie, minsken sprutsen, songen, flokten en jubelen ta Gods eare, allegearre yn deselde taal. Dochs fernaam de taal dat der oan syn stuolspoaten sage waard. Net iens sasear troch de brûkers. Die mochten de tiidwurden dan wol ferkeardom sette, dat soe de taal in rotsoarch wêze. Der wienen wol oare saken dêr’t de taal him drok om moast meitsje, fûn er sels. Nammentlik dat hy fernaam dat der oer syn rêch hinne tusken bepaalde fjilden yn de taal hast net mear kontakten lein waarden. It like de taal dat der yn de literêre, fier fan de brûkers ôfsteande skimige wrâld fan stoffige buro’s, stoffige gedachtewrâlden en stoffige opfettings fan de iene oer de oare, wolris wat aksje komme moast.
Gearwurkje ynstee fan elkoar skouderje en foar âld fet útmeitsje, as je no foar de iene as foar de oare partij wat foar de taal besykje te dwaan. It oerdomme tunneltinken en yn hokjes pleatsen, dat makket de taal op de lange termyn terminaal, wylst er no noch sûn is.

Of…
Miskien is it gewoan tiid foar wat oars. Moatte wy út de benearing fan it besteande wei springe en hiel wat oars dwaan foar dy taal. Ut it hokjetinken, delgeande spiraaltinken, minne siferstinken, dwerse koppetinken, begeanbere padetinken, besteande padetinken, goed en fertroudtinken, baantsjes yn stân hâldetinken, elkoar it ljocht net yn de eagen gunnetinken wei. Fuort. Wat oars. Wat nijs.
Mar dan wol mei dy taal, want dy hat der mear rjocht op as al dy jittikmigers byelkoar.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *