
By Heerenveense Boys spile ik yn de D1, doe’t ik in tik op ’e knibbel krige en net wer fuotbalje koe. Dat fûn ik wol skande, mar it wie net oars. In kear as wat mocht ik op it haadfjild spylje, wylst de F- en E-pupillen op de byfjilden oan it balskoppen wienen. Omdat ik pas let op fuotbal gien bin, ha ik nea yn de F-kes sitten. Wol ha ik der faak nei stien te sjen. De wille dy’t se hienen. Allegearre efter de bal oan, gjin plan fan oanpak, gjin teory oer de wize fan spyljen, hast gjin technyk en al hielendal net dwaande mei resultaat, nee, gewoan op sneon lekker efter in bal oandrave. Gjin ferantwurdlikheden, gjin soargen oer de ôfrin en it ferrin. Wille as iennichste plicht.
Wat fielden wy ús yn earsten as dy F-kes fan doe. Gjin ûnderfining mei suteljen, mei foarriebehear, mei administraasje of mei de logistyk fan it kroadzjen. Neat. Wy hienen it gefoel of ien in bal yn ús fermidden smiten hie en wy draafden der mar wat achteroan. Dat gefoel duorre op syn meast in wike. Nei de earste gearkomste hienen wy de struktuer yn de positive gaos fûn.
It makke de tarieding foar ús ta ien grut feest. Doe’t nei snein 13 oktober dúdlik waard dat it net by wurden bliuwe koe, ha wy de lapen gear smiten, om samar te sizzen. Yn goed oerlis, sûnder steurings op de line. Dat is nammentlik it moaie oan F-kes, se drave altyd deselde kant út. Letter neame se soks ûnprofesjoneel, mar as je krekt begûn binne, dan hjit dat noch entûsjasme en ienriedigens. Wy wiene begjinners. Dan mei alles.
Fan dei ien ôf kamen berjochten op ús ta fan skriuwers dy’t helpe woenen. In oprop ha wy noait dien. Sy kamen gewoan. Dat sterke ús yn ús foarnimmen om de skouders ûnder it projekt te setten. Fansels wienen wy ús der fan bewust dat soks wol wat wurk opsmyt, mar wy fielden ek daliks in hiele soad stipe en positive enerzjy. Al dy skriuwers en al dy frijwilligers, sy wiene as de heiten en de memmen op sneontemoarn. Nei foaren! Nei foaren! En dêr gienen wy wer.
De media ha hjir in rol yn spile. Skreaun en yn bylden en lûden. It soarge der foar dat it noch mear begûn te libjen. Wy beleinen ús oprjochtingsgearkomste en neamden ús chatkanaal Lijn 250, neamd nei de Skype-line dy’t we by de útrikking fan de Gysbert en de boekemerk yn Drachten oanlein hienen. Wy stelden ús ta doel om mei in posityf lûd nei bûten te kommen. Net mear en net minder.
Twa wike letter wie de aksje al foar it grutste part yn kroade en earte. De frijwilligers streamden noch hieltyd ta, de catering wie sûnder dat wy der ek mar in fergaderpunt fan meitsje koenen ferwurden ta in hammerstik. Ferfolchopmerkings waarden net op priis steld. ‘Komt wol goed.’ Trije biedwurden. En it kaam goed. Sels mei it waar. Dat sil de ynbring fan de KFFB wol west hawwe. Ek mei de oanfier fan 50.000 (!) euro oan hannel kaam it goed. Hulde.
Wy ha alles yn sekuer skjinne kratten setten. Mei in man as wat in pear oerkes wurk, muoite net wurdich omdat je ûndertiid smout praat en kofje mei oranjekoeke ha. Wille. Nei foaren.
De oare moarns wie it samar 9-11-2013. De dei dat it barre soe. En it barde. Mei fyftich minsken en in heale ton oan hannel op ’n paad. In pear oeren letter wie der foar in hast dûbele omset yn fergeliking mei de foarrige kear oan skreaun Frysk ferkocht. Underweis oars net as aardich folk, dat wol as net in boek kocht. Om ien oere stienen der in pear pannen snert klear dêr’t de leppel jo hast rjochtop yn stean bleau. Hearlik, hearlik. En de hiele dei net in wanklank. Sterker, de frijwilligers (en skriuwers) ha holpen om alle boeken dy’t oerbleaun wienen wer kreas op stapels te lizzen en yn de doazen te dwaan sadat se wer nei Ljouwert brocht wurde koenen.
Stikem tinke je geandewei sa’n dei wolris oan de ferantwurdlikheid foar de hannel, de minsken, it evenemint. Net te lang. Dat mei net. Komt wol goed.
Seinen wy no evenemint? Ja, it evenemint. Oansluting sykje by in evenemint? As de aksje fan sneon 9-11-2013 in ferfolch krijt, binne der grif in soad eveneminten dy’t harren dêr by oanslute wolle. Net omkeard. De sutelaksje, mits op poaten setten sa’t wy it yn grutte linen foar eagen ha, is in evenemint fan grutte wearde. Sawol foar omset, fersprieding fan boeken, fersprieding fan kultuer, fersprieding fan taal en dêrmei it op in folwoeksen wize omgean mei skriuwers. Want literatuerbefoardering is prachtich hear, mar motivaasje om moaie boeken te skriuwen trochdat minsken jo boeken lêze en der op reagearje is minstens sa belangryk. Sûnder lêzers gjin skriuwers en sûnder skriuwers gjin boeken.
Doe’t wy dwaande wienen mei de kroaden, kamen der in stik as wat jonge fuotballerkes foarby. Ik frege harren oft se wûn hienen. Se hellen de skouderkes op. Gjin flau idee. Ik ha it efkes neisjoen, Beetgum F1 moast tsjin Frisia F4. De útslach wie 2-2. Gjin ferliezers, allinnich winners. Wat in wille.
Lit ús sa lang mooglik F-kes bliuwe. Wille as plicht. Nei foaren.
Ferdinand de Jong en Jacob Stelwagen.
Wer sa’n prachtich ferhaal, as wjerjefte fan in geweldich moai evenemint, wêrfan ik grutsk en bliid bin der oan meiwurke te hawwen. As de materiële beheinings fan ôfstan en ferfier der net wêst hiene hie ik graach mear dien. Want ik ha it krekt sa ûnderfûn sa as jim it beskriuwe: de wille fan it mei syn allen op itselde doel ôfgean, dêr giet it om. En in hiel soad wille ha ik hân. Oare kear doch ik wer mei. Jim roppe mar. Fleanende kiep, dat liket my ek wol wat… B-)
Boppe!