Ferdinand de Jong

Gaskachels

logo.ensafh

Twa saken dy’t lêsten yn it nijs wienen. Foarop moat sein wurde dat it beide slimme saken binne, dêr’t allinnich mar ferliezers fan kamen.

Saak ien.
Earst it rapport oer de brân yn Ljouwert. Tige foarsisber, moat ik sizze. Fansels is der yn alle âlde gebouwen wat mis. Fansels is de wetlike tiid dy’t immen ha moatte soe om te flechtsjen net realistysk. Kul. Krekt of is soks te regeljen mei alle ynfloeden sa as hurde wyn, wynrjochting en sa mear. Krekt of soe in lôgjende fik him oan dat skema hâlde. Typyske Nederlânske wetjouwing, yn in ideale Haachske wrâld ha je sels noch tiid om earst ûnder de dûs en kreas de klean oan foardat je dêrnei yn panyk de doar út fleane, it each op jo mobyl, dy’t de tiid byhâldt.
Berjochten út de risikoleaze mienskip. Mar sa ha we it meielkoar ôfsprutsen. Dat is de wet. Sorry, fjoer hâldt him dêr net oan. Sels mei alle oanpassings sil der noch altyd brân ûntstean. Spitich, mar sa is it.

No komt it.
Nimmen mei in bytsje ferstân sil tinke dat dizze slimme brân mei opsetsin feroarsake west hat. Dochs? Nimmen tinkt hooplik dat de Drachtster fan 39, dy’t om in stikje brea te fertsjinjen yn Ljouwert oan it wurk wie, de saak mar ris yn de brân stutsen hat omdat er dêr nocht oan hie? Dochs? Dat er foar de aardichheid der foar soarge ha soe dat der immen op freeslike wize oan syn ein kaam is? Dochs?
De man wurdt ferfolge. Omdat er in ûngemak feroarsake hat. Dat ha we sa meielkoar ôfsprutsen.

Saak twa.
Op deselde side yn de krante stiet it ferhaal fan in studint fan de Stenden hegeskoalle. Dizze jongeman hie syn jierdei. Hy waard 24. Feestje, fansels. Yn de kampusbar fan dy skoalle yn Súd-Afrika. Syn ‘maten’ skine in slange yn syn mûle treaun te hawwen mei dêrop in trachter. Dat jit wat makliker, jo wolle gjin skoandere drank fergrieme, no?
De studint is letter nei’t it no liket yn syn eigen kots smoard. Dea. Op syn jierdei, trochdat moedwillich in stel dwazen him sa laveloas dronken fierden dat er út ‘e tiid rekke en letter dus ferstoarn is.

En?
Wat tinke minsken mei in bytsje ferstân no? Oppakke dy kloatsekken, se ha de moard fan in maat op harren gewisse?

De plysje sjocht gjin reden om fan in misdriuw út te gean.

Konklúzje.

Dy meie jim sels betinke. Mar ik soe Ljouwerter boargemaster Ferd Crone fan herte útnoegje wolle om by ús yn hûs in bakje kofje te drinken. Wy ha gaskachels. Dy wurde alle jierren kard. Troch in ynstânsje, dy’t folslein oan alle wetten sa as wy dy meielkoar ôfsprutsen ha, foldocht.

Immen ferfolgje dy’t troch in dom ûngemak syn libben lang mei in skuldgefoel omrinnen bliuwt en in stel idioaten dy’t immen himsels deasûpe litten ha, gewoan rinne litte.

Bananerepublyk.

1 reaksjes op “Gaskachels

  1. Ja in Nederland is het zo,regels zijn regels,en helaas zijn er teveel mensen die zich daar gelukkig bij voelen.
    Nu zijn er doden gevallen en de verantwoordelijke mensen draaien nu hun hoofd om,ineens weten ze van niets en kennen zij de wetten niet.Maar o o als er een tafeltje bij een cafe te ver op de stoep staat,bekeuring,het staat in de wet.

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *