
Pake Hinne en beppe Oeke wienen myn pake en beppe fan memmekant. Yn 1982 wienen se 50 jier troud. Ik wie doe 20 jier en hie krekt in pear jier ferkearing. Doe ‘t wy simmers in kear yn it lân rûnen te kijopheljen, frege ik pake: ‘Pake, hoe hawwe jim dat sa lang folhâlden? Wol 50 jier lang! Hawwe jim dêr in geheim foar?’ Pake spruts doe de wurden: ‘Laat de zon niet ondergaan over uw toorn’. Ik fûn dat antwurd mar nuver mar krige gjin fierdere útlis. Ik moast it mei dy wurden dwaan.
Lês fierder by Hinne Wagenaar