Cornelis van der Wal

Effektive symboalyk

logo.ensafh

Willem Tjebbe Oostenbrink is gjin ûnbekende by literêr tydskift ensafh. Gedichten fan syn hân binne yn it Frysk oerset en op ús side publisearre. Oostenbrink wie ek dielnimmer oan de poëzijmarathon fan ensafh yn 2014 te Snits. Okkerlêsten krige de dichter de Borslapriis.

Yn 2013 ferskynde syn kreas troch útjouwer Philip Elchers foarmjûne fersebondel Opdreugde troanen.

De bondel is skreaun yn it Westerkwartiers, in Grinslânsk dialekt dat, alteast foar jo besprekker, dy’t yn it ferline yn dy omkriten gauris útfanhûs west hat, goed nei te kommen is. En foar wa’t al wat op ‘e doele rekket is der efteryn in tige handige Liest met stoere Grunneger woorden.

De bondel bestiet út trije ôfdielingen: Wotterpoëzie, Grondgebonden gedichten en Opdreugde troanen. It oerhearskjende tema yn alle skiften is nostalgy, oantinkens oan de bernetiid: it hat west, it komt net werom. De setting is oer it generaal agrarysk, de dichter is hikke en tein op in Grinslanner pleats.

Oostenbrink brûkt betiden sprekkende bylden, bygelyks troch ‘kruuste bloaren’ (kij) te fergelykjen mei ‘piroaten die de boot mist hemmen’. Op oare plakken steure my klisjeemjittige útdrukkingen lykas ‘It wotter … geft en nemt’, en ‘t Leven is kört om alles te berekken’. En fan útdrukkingen as ‘verdedigers van vrij ondernemmerschap en noatuur’ wurd ik ek net bliid, soks komt net bepaald poëtysk op my oer.

De algehiele yndruk fan dizze samling is lykwols posityf, in gedicht as Opa, mei it tige effektive symboalyk gebrûk fan de jiske yn de lêste rigel stiicht de dichter boppe himsels út:

Stief by t roam noast e vensterbank
zit hij ien t licht met t schilmeske
en eerappelmandje.
Ien e mondhoek holdt hij zien segoar.

Knienen kregen de schillen
en vratten e met of zunder as.

En sa steane der noch wol mear slagge fersen yn Opdreugde troanen. Oostenbrink set mei dizze bondel it Westerkwartiers foargoed op ‘e poëtyske kaart.

 

Willem Tjebbe Oostenbrink
Opdreugde troanen
Philip Elchers, Grins 2013

1 reaksjes op “Effektive symboalyk

  1. Mòaie resènsje fan Cor oer de éaste bundel van Willem Tjebbe. Un driënde en intégere dichter so as hy, ies ut woddich en fetènet ut

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *