Geart Tigchelaar

Unwennich omdoarmjend yn it ferline

logo.ensafh

Besprek As gong dêr in oar fan Leo Popma

De nijste roman fan Leo Popma is in ‘geheimsinnige roman oer ferfrjemde en ûnwennige minsken ûnderinoar’ sa lit de efterflap witte. Dy sin is treffend, seit alles oer it boek. Spitich is it dat it omkaft sels net treffender is, want dat is planút ûnsjoch. It boek hie in moaiere ferpakking fertsjinne.

Foaryn it boek stiet in sitaat oer it feit dat Ingelsk net mear in adekwaat medium is foar de wierheid fan Súd-Afrika (‘…Like a dinosaur expiring and settling in the mud, the language has stiffened…’) fan de Súd-Afrikaanske skriuwer J.M. Coetzee. Net allinnich it sitaat is fan tapassing op Popma syn boek, mar dy syn boek docht tinken oan Coetzee syn skriuwstyl en komposysje. Lykas in skilder mei in pear koarte, heldere pinsielstreken fuort al hiel wat delsette kin, dogge Popma en Coetzee dat mei harren skriuwpinne. Men sjocht der wat yn, kin jins tinzen der oer gean litte en jin der oer ferwûnderje wat der fierders noch op it doek komt. Stadichoan komt der mear kleur yn en krijt it mear foarm.
Sa wurde de lyntsjes hieltiten mear oaninoar knope, de lêzer kriget stadichoan mear ynformaasje. Mare en Johan hawwe inoar kennenleard yn in plakje oan see yn Frankryk (St. Enogat, dat hja Stenogat neame) dêr’t Mare as au pair tahold en Johan as lifter fersille rekke. Letter moetsje hja inoar wer by tafal op in kongres. Foar in wykje fakânsje gean se werom nei it hûs dêr’t Mare wurke en dat no ferhierd wurdt oan toeristen. It wurdt fuort al dúdlik dat Johan Mare net altiten likegoed ferneare kin en hy in wike lang fynt. ‘It hie noait wêze moatten, tinkt er, mar se hold mar oan.’ (s. 15). Hy hat sa syn redenen om by har te wêzen. ‘Har lichaamlike oanwêzichheid wie in segen dy’t er lang net mear kend hie en dêr’t er kopke-ûnder yn gong.’ (s. 21). Mare wit ek dondersk goed dat hja net op nûmer ien stiet by Johan. Dat wurdt oan ’e ein nochris dúdlik makke as der in wikseling fan perspektyf tapast wurdt. ‘Sy wie it tafal, no likegoed as doe.’ (s. 236). Johan hat nammentlik in relaasje mei Josi hân en sjocht Mare as ferfanging. Mare hat just hár redenen om Johan fêst te hâlden, dêr’t de lêzer stadichoan efter komt, of better sein, syn betinkingen oer hat.
In reden is har pubersoan Nyk, dy’t in pear dagen delkomt. Dêr sjocht Johan tsjin op, want wat moat hy mei sa’n opslûpen jonge oan? ‘Ik wit net heal hoe’t ik it oanpak mei sa’n knaap, wêr moat ik it mei him oer ha?’ (s. 120). Dat falt hûndert parten ta, hja kinne goed mei-inoar oer wei. Dêrneist fermakket Johan him skoan mei guon minsken út it doarpke. Dêrtroch wrimelet er yn it ferline fan Mare om dy’t op dat plak in soad skiednis hat, want sels hat se der nea in soad oer loslitten.

Har tiid dêr as au pair bestie mear út geheimen as út ferhalen, like it soms. As er deropyn frege sûnt har plan om dêr hinne, prate se der inkeld ris oer, oer de famylje, oer it hûs, hoe’t se de dagen dêr trochkaam.
(s. 14)

Johan wurdt op in stuit troch Mare beskuldige as bûtensteander. Hy sjocht de dingen oan, wol him der net alhiel byjaan, mar jout wol kommentaar op wat Mare fielt, docht en seit. De lêzer komt yndied út it perspektyf fan Johan wei dingen oan ’e weet. En it is Johan dy’t troch it praten mei minsken út it doarp it ien en it oar te witten komt. Wat dan steurt om’t it net doocht is it feit dat Johan wakker sit te pinfiskjen, mar as Mare somtiden wat fertelt hy der argewaasje fan hat. ‘Hy wit net wêrom, soms hat er it gefoel dat se dingen oaninoar breidet en him yn saken behellet dêr’t er neat mei te krijen hat.’ (s. 124). It sil grif te meitsjen hawwe mei Mare har bedoelings mei him en om dúdlik te meitsjen dat Johan har komplottearjen net wurdearje kin, mar sa’n passaazje wriuwt mei’t it net strykt.
De man dêr’t Mare au pair wie is fersûpt yn see, men freget jin ôf wêrom’t dat krekt sa is. Lykas elk minske hat Johan syn eigen skiednis dêr’t de lêzer bytsje by bytsje mear oer te witten komt. Hy hat de treinkaping fan de Molukkers yn 1977 meimakke. Syn âld-skoalkammeraat, Max (Papilaya) ek, mar dan as Molukske kaper. Dat moat foar Johan in traumatyske ûnderfining west hawwe dêr’t er foar yn terapy west hat en oan ’e medisinen sit. In freondinne fan Mare yn ’e persoan fan Inge Kaumwasser is ek wat mei. Beide froulju hawwe in mienskiplik lot, binne ta inoar feroardielde. ‘Dy twa wiene freondinnen? Froulju dy’t oaninoar hongen troch in mienskiplik lot, mear as troch aard en wêzen, like it.’ (s. 202).
Lykas earder sein, binne dingen fakentiids net sa’t hja lykje, want stadichoan komt de lêzer der efter hoe’t it sit, wat de haadpersoanen bewege, hoe’t de skiednis yninoar stekt. De skerpe ynformaasjedosearring is keunstich opsetten troch Popma. Troch subtile bewegings fan ’e kwaste komme der hieltiten mear fegen op it doek. Sa komt men derefter dat in soad dingen mei-inoar gearhingje, dat de personaazjes yn it boek om mear reden as ien in mienskiplik ferline hawwe. Sa wie de broer fan Mare ek by de treinkaping, mei’t hy yn it leger siet. De arsjitekt fan it hûs fan de Lungs hat ek wat mei taal en syn komôf. Der is mear oan ’e hân mei Josi en dêr hat ek in trein by yn it spul west. Sa binne der folle mear oerienkomsten te neamen dat it in hechte en gearhingjende roman makket. Mar krekt dêr sit teffens it gefaar dat it somtiden wat té wurdt. Dat in beskate keunstner ek wat mei taal hat bygelyks, of sterk hinget oan syn komôf ensafuorthinne. Dat jout de skriuwer oanlieding om syn stokhynderkes te beriden oer ferline, it besykjen dêr los fan te kommen, mar dan tagelyk ek ûnwennigens hawwe, (minderheids)taal ensafuorthinne. Der wurde in soad nijsgjirrige observaasjes yn As gong dêr in oar makke, mar somtiden komt it oer as in werhelling fan setten en hat men it idee dat der wer in arsjitekt of komponist bysleept wurdt om de auteur syn punt nóchris meitsje te kinnen. It boek wurdt dêrtroch té fol. Hie de auteur hjir en dêr wat fuortlitten, dan hie der in strakker komponearre boek ûntstien.
Dat nimt net wei dat oare dingen ferhipte moai en fakentiids subtyl yninoar stekke. René Lung is foarby de Hûnekop fersûpt, mei’t dêr de streaming oanhellet. De rotspunt oan ’e ein fan de súdlike pier wurdt sa neamd, mei’t men der in hûnekop yn sjen kin. Inselde katastrofale betsjutting kin ek oan it type lokomotyf jûn wurde fan de treinkaping. Dat kin as Leitmotiv sjoen wurde, dêr’t mear fan binne yn As gong dêr in oar. In oare sublime fynst is wannear’t Johan en Mare oan ’e ein scrabble dogge, mar dan mei nammen. Mare leit Nyk oan troch it brûken fan de ‘n’ fan ‘Ingu’ sa’t Johan it dellein hat. Mare seit dêrby: ‘“Mei help fan Inge, sjochst?”’ It is yn it echt ek dat hja help kriget fan Inge by it yn stân hâlden fan it geheim fan Nyk. De subtile foarútwizinkjes binne sterk dien en ferget fan ’e lêzer om it boek twa kear te lêzen om dy derút fiskje te kinnen. ‘In trits fan oantinkens en gefoelens dêr’t se him mandélich oan makket, as heart it likegoed by him.’ (s. 26). Dat it by him heart, wurdt stadichoan dúdlik. Dy lêste bysin is sterk formulearre mei’t dêr yn besletten leit dat Mare him der graach yn behelje wol, wylst Johan op it emosjonele flak krekt bûtensteander bliuwe wol. Der sitte genôch dingen yn dat makket dat de lêzer tinkt ‘wat bedoelt de skriuwer dêr no mei?’. It knappe oan As gong dêr in oar is dat men oanfiele kin dat de skriuwer der krekt in bedoeling mei hat.
Lykwols, dy heimsinnigens kin ek betiizjend wurkje om’t der tsjinstridichheden oan te wizen binne of dat men somtiden it gefoel hat dat it it doel foarby sjit. Sa ferliest de lêzer út en troch grip op it ferhaal, wylst er dy grip perfoarst nedich hat. Dat is spitich en foar it geheimsinnige karakter fan it boek net nedich. Krekt wat mear hâldfêst, jout just dat de lêzer him mear yn it ferhaal fêstbite kin en der sa mear fan genietsje kin. No bliuwt er gauris mei fraachtekens sitten en dat makket dat men op ’t lêst oer dingen hinne lêst, om’t men wit dat it dochs net dúdlik wurdt. Wêrom wrot Johan eins sa bot yn har ferline om mei’t er eins net folle om har jout. Of is dat in gewoane sûne nijsgjirrigens? It is benammen it liiflike dat er salang mist hat, mar as se frije wol, docht er krekt as sliept er. Letter yn it boek seit er dat er net fan Mare hâldt mar wol in wykje mei har fuort wol, wylst yn it begjin fan it boek al dúdlik wurdt dat er in wike lang fynt. ‘“Grappig, dat je nu praat zoals je bent,” seit de jonge.’ (s. 167). Omdat Johan neat seit en it krekt oerkomt as sit er stil en lit Nyk jeuzelje, komt sa’n opmerking nuver oer.
Ek de skriuwstyl sjit út en troch syn doel foarby, mei’t it te koart om ’e hoeke is. It liket derop dat Popma de styl strak hâlde wol om sa mei in pear wurden safolle mooglik sizze te kinnen, wat oer it generaal manjefyk útpakt, mar it kin de master misse. ‘Deis nei jimme oankomst wie se hjir al, it is ús earste suver.’ (s. 205). Mar wat bedoelt de skriuwer mei ‘it is ús earste suver’? En: ‘Aanst wurdt it drokker hat wol aventoer…’ Of is dat gewoan in brike sin mei’t de ynterpunksje mist?

Wat docht it ferline mei ús, dat ús foarme hat sa’t wy binne, mar dat ús ek letter beynfloedet, en ús in beskaat referinsjeramt meijûn hat? Unwennigens wurdt aardich útdjippe yn it boek, wat dat mei jin docht, hoe’t dat wurket, hoe’t dat by elk wer oars manifestearret. Taal spilet dêrby in wichtige rol dêr’t yn As gong dêr in oar djip op yngien wurdt. Dat wurdt fuort al dúdlik troch twa passaazjes fan kollega-skriuwers foaryn it boek. Dat ûnwennigens in grutte rol spilet, wurdt yn de earste alinea dúdlik mei’t dêr de toan setten wurdt.

Unwennigens is as in roppich bist dat yn it fjild omdwaalt, tinkt er; op frjemde hiemen om oanhâld skoait en wat te fretten; in swerfhûn, dy’t skril de streek troch sjuttelet en jankerjend in plakje siket foar de nacht.
(s. 13)

Dy ûnwennigens is de reade tried troch it boek, mei’t men troch ferwidering fan jins ferline ûnwennigens fielt. Oan ferline en komôf hinget jins hiele lettere wêzen, dêr’t taal ûnskiedber in wêzentlik diel fan útmakket. Dy ôfstân makket it mooglik om weromsjen te kinnen en te reflektearjen. Dat is wêr’t de titel op weromslacht, dat men jinsels rinnen sjocht as gong der in oar. Dat men oan eardere tiden tinkt, dat men foar jinsels suver in frjemd wurden is. It is in kontinu werynterpretearjen fan jinsels en ôffreegjen wêr’t men stie en stiet. Dêr sit ek in stikje iensumens yn, want net ien kin dêrby helpe. ‘Dat bisto, dysels in frjemd, do moatst der sels mei rêde.’ (s. 224). Elk docht dat op syn eigen wize, en elk sjocht dat by in oar ek wer oars. Sa’t Johan Mare foarhâldt dat har soan neat mei har ferline yn in doarpke op ’e Fryske klaai hat. ‘Syn woartels lizze wêr’t er is, dêr moatst mei libje.’ (s. 142). Dat wurdt nochris fersterke troch it feit dat er Nederlânsk en gjin Frysk praat. As lêzer kin men tinke hoe’t jins eigen ferline en taal wurket. It oproppen fan fragen is wat keunst heart te dwaan en oan dat kritearium foldocht As gong dêr in oar mear as.

Mei oare wurden, in soad streken op it doek, men kin der lang genôch foar stean bliuwe. It is in doek dêr’t men letter skoan werris foar stean kin om jin deroer te ferwûnderjen. Lytse ûneffenheden falle spitigernôch yn it grutte gehiel wol op, mar stiet it wurdearjen fan it keunstwurk perfoarst net yn ’e wei.

As-gong-der-in-oar-voorkant

Leo Popma
As gong dêr in oar
Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2013
ISBN: 978-90-8566-027-9
Ferkeappriis: € 25,00

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *