Hedwig Terpstra

Petear mei Hanneke de Jong

logo.ensafh

‘Dat is it moaie fan skriuwen: yn myn holle kin ik alles betinke.’

Hanneke de Jong is berne yn 1952 yn Aldetrine. Doe’t se trije jier wie kaam se yn Sint Nyk te wenjen, har heit waard dêr haad fan de legere skoalle. Hanneke folge de fuotleasten fan har heit, die de Kweekskoalle en waard ûnderwizeres. Har earste baan krige se yn de Betuwe. In jier letter waard se beneamd oan de Hjerre Gerritsskoalle yn Grou. Nei’t se mem wurde wie, stapte se út it ûnderwiis en sette se útein mei de stúdzje Frysk. Letter krige se in baan as learares Frysk en noch letter as meiwurkster kommunikaasje oan OSG Piter Jelles yn Ljouwert. Nei it skriuwen fan mearkes woe se wat oars en begûn se mei berneboeken en út en troch ris in koart ferhaal. Yn 1990 wûn se mei in ferhaal de Rely Jorritsmapriis. Har earste berneboek De kraan seit: drip ferskynde yn 1992. Dêrnei folgen noch in tal berneboeken. Yn 1999 kaam it jongereinboek De lêste brief út. Yn 2010 krige se de Simke Kloostermanpriis foar it boek Salsafamke. Dit jier krige Hanneke de Jong foar de twadde kear de priis foar Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen. Hanneke wennet no mei har man yn Frjentsjer. Harren trije bern binne it hûs al út. Se hawwe fjouwer pake- en beppesizzers tusken 1 en 6 jier.

utrikking-simke-kloostermanpriis-trettjin-dagen-foto-tresoar-haye-bylsma

Simke Kloostermanpriis. Foto: Tresoar, Haye Bylstra

Wannear bist begûn mei skriuwen?
‘Oare jier is it 25 jier lyn dat myn debút De kraan seit drip útkaam. Ik skreau as bern al foar de Kleine Koerier. As dyn stik dêryn kaam krigest in kadootsje, lykas Pim-pam-pet of briefpapier. En ast der seis kear yn stien hiest, wiest Kleine Koerier-sjoernalist. Doe’t ik dat wie, wie de wille der foar my ôf en bin ik dêrmei opholden. Dat wie net yn it Frysk. Ik haw lêzen en skriuwen leard yn it Frysk op de legere skoalle, op de twatalige skoalle fan ús heit. Yn it earste jier wie alles Frysk, yn de twadde klasse kaam der ien dei Nederlânsk by en fan klas trije ôf wie der ien dei Frysk en de rest Nederlânsk. As ik nei ús beppe skreau, die ik dat altyd yn it Frysk. Ik ha lêsten myn opstelskrift fan skoalle werom lêzen en it foel my op dat ik noch deselde skriuwstyl ha. Dus eins haw ik altyd al skreaun. It earste serieuze skriuwwurk begûn doe’t ik myn earste poppe krige. Doe wennen wy yn Grou en dêr waard alle jierren it Sint Pitermearke opfierd. It waard spile troch de juffen en de masters, mar sa gau ast net mear foar de klasse stiest, wie it dien. Ik fûn dat sa ferskriklik dat ik besleat om in mearke te skriuwen, dan die ik dochs noch in bytsje mei. Jierren letter kaam de fraach fan it Sinteklazekomitee fan Wytmarsum oft sy dat stik spylje mochten en oft ik dat regissearje woe. Ik woe beide wol. Ik ha doe in pear jierren efterinoar it stik foar Wytmarsum skreaun. Nei it fyfde stik bin ik opholden, want ik fûn dat it te folle in keunstke waard.’

Yn 1994 kaam dyn twadde boek út: Tsien fersnellingen. Hoe gong it doe fierder?
‘Yn dy tiid wie Bouke Oldenhof literatuerbefoarderer by it FLMD. Hy lies Tsien fersnellingen troch en hy sei: “It brekpunt is op side 16, dan kinst twa kanten út. Do kinst de Kameleonkant út of do kinst de oare kant út en dat past mear by dy. Mar dan moatst fan side 16 ôf wer opnij begjinne.” Dat hat my o sa holpen. Doe krige ik de smaak te pakken. Nei in pear berneboeken woe ik in jeugdboek skriuwe. Yn ’e krante seach ik dat der in sjaletsje te keap stie yn Aldemardum en dêr kaam ús heit wei. Ik sei tsjin myn man: “Dêr wol ik it skriuwe”. Op dat plak stiet ûnderwilens in nij sjalet en ik skriuw dêr noch altyd. Eins waard mei De lêste brief it skriuwen serieuzer. Doe’t ik dat skreaun hie haw ik it oersetten yn it Nederlânsk, want ik woe dat mear minsken it lêze koene. Ik haw de oersetting nei útjouwerij Van Goor stjoerd en trije moanne letter krige ik in telefoantsje dat se it graach útjaan woene. Letter learde ik dat it hiel bysûnder is dat dat direkt mei je earste boek by de earste útjouwer foarinoar is. It kaam troch de earste sin: “Us mem is gek.” Doe tochten se fuort: dit is oars. Sa kaam fan it iene it oare. Hieltyd hie ik wer nije ideeën, sa hurd koe ik eins net skriuwe.’

by-de-presintaasje-fan-dertien-dagen

De lêste brief wie in tige súksesfol boek. Wêr hie dat súkses mei te krijen, tinkst sels?
‘It waard yn Fryslân in súkses omdat it yn it Nederlânsk in súkses wie. It waard yn it Frysk earst net opmurken. Pas doe’t ik der in earfolle fermelding fan krige fan de Zoen-sjuery kaam de belangstelling. It boek krige boppedat in fantastyske resinsje yn de Volkskrant dêr’t ik echt sawat fan myn stokje fan gie. It krige ek in hiele goede yn de Standaard der Letteren. Dat hat syn wurk dien troch de ynhâld fan it boek sels. Nei dy earfolle fermelding ûntstie it idee by Omrop Fryslân en Jeugdteaterskoalle ’n Meeuw om in toanielstik fan De lêste brief te meitsjen. It waard in multymediaal spektakel en dat wie in hiele moaie oanfolling op it boek. It stik waard spile troch trije aktrises, Nynke Heeg, Tamara Schoppert en Lianne Zandstra. Der wie livemuzyk by en der waarden filmkes by fertoand fan Bart Kingma fan Omrop Fryslân. Yn it boek giet it oer briefkes fan de mem oan de dochter oer har jeugd en fan dy briefkes hie er filmkes makke. It stik is yn 2003 sechtjin kear opfierd yn Fryslân. Omrop Fryslân hat nei oanlieding fan it stik fjouwer ôfleveringen skoaltelefyzje makke oer Fryske Jeugdliteratuer foar it fuortset ûnderwiis.’

Dyn lêste boek Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen giet oer ADHD.
‘Ik wit sûnt in jier as tolve dat ik ADHD haw. Trettjin dagen haw ik earst yn it Nederlânsk skreaun, ek om der wat mear ôfstân fan te nimmen om’t it ûnderwerp sa tichtby wie. Ik oanbieding-boek-kuliet dat oan in pear minsken lêze mar dy seine dat se der knettergek fan waarden. Blykber siet der tefolle ADHD yn. Dan kinst twa dingen dwaan: ophâlde of wer opnij begjinne en dan yn it Frysk. Ik begûn it oer te setten en dat paste hielendal net. It moast gewoan echt opnij skreaun wurde, en doe waard it hiel oars, want doe kaam myn gefoel derby. En dêr haw ik de Simke Kloostermanpriis mei wûn. Dat boek haw ik doe weromfertaald nei it Nederlânsk. Dat is in hiel oar boek wurden as de earste ferzje.’

utrikking-simke-kloostermanpriis-2-trettjin-dagen

Utrikking Simke Kloostermanpriis foar Trettjin dagen

Hoe uteret ADHD him by dy?
‘It ferfelende fan ADHD is dat der altyd safolle prikkels binnenkomme. Dy prikkels kin in normaal minske him foar ôfslute mar ien mei ADHD net. Dêr kinst neat oan dwaan, ja medisinen nimme, mar de medisinen dêr’t ik oer kin binne djoer. By bepaalde gelegenheden brûk ik se wol, mar normaal net. It hat as gefolch dat ik hiel ympulsyf reagearje kin of dat ik dingen hielendal ferkeard doch. By it skriuwen kin dat hiel lestich wêze om’t ik de bysaken net altyd fan de haadsaken skiede kin. It duorret lang foardat ik in boek ôf ha. Oan de oare kant haw ik altyd wol hûndert ideeën yn ’e holle, nachts haw ik ek ideeë-oanfallen. Ik sjoch en fiel mear as in oar. Twa fan ús bern hawwe ek ADHD. It is noflik dat ik thús net de iennichste bin, want wy kinne der goed mei-inoar oer prate. En foar my wie de bêste terapy om it boek Trettjin dagen te skriuwen.’

Salsafamke is ien fan de boeken dy’t dit jier meigong nei de Frankfurter Buchmesse. Wêr kaam de ynspiraasje foar dat boek wei?
‘Yn 2005 haw ik seis wike nei Curaçao west. Earst ien wike en letter noch fiif wike. Us âldste soan rûn dêr staazje en ik hie in boek yn ’e holle oer dûnsjen, mar ik wist net krekt hoe en wat. Op Curaçao waard altyd salsa dûnse. En doe wist ik: dêr moat it boek oer gean. De simmer dêrnei haw ik dêr fiif wike west. Earst twa wike allinnich. Ik mocht doe fan myn soan net allinnich Willemstêd yn, want dat is net fertroud. Letter kaam myn skoansuster en gong ik mei har op ’n paad. Wy wiene twa dames fan 50+, mar foar it boek seach ik út de eagen fan in 15-jierrige. Wy gongen ek nei de disko op it strân, Kontiki Beach, en dêr dûnsen se ûnder de stjerren. Ik prate dêr mei minsken en seach nei de salsa en sa krige ik myn ideeën foar it boek. Ik kin sels net dûnsje, want ik haw fybromyalgy, foaral as it fochtich is haw ik dêr bot lêst fan. Mar de haadpersoan yn it boek dûnset de stjerren fan de himel. Dat is it moaie fan skriuwen: yn myn holle kin ik alles betinke. It famke rekket op Curaçao swanger en it twadde diel fan it boek giet oer hoe’t se dêr werom yn Nederlân omgiet. Der kamen ûnder it skriuwen hieltyd haadstikken by dy’t ik fan tefoaren net betocht hie om’t it famke hieltyd keuzes meitsje moast dy’t ik leaver eins foar my útskode. It boek is úteinlik sa wurden en gong no mei nei de Frankfurter Buchmesse; dat is moai.’

mei-dolf-verroen

Mei Dolf Verroen

Do hast ek tegearre mei Dolf Verroen it jongereinboek Time-out skreaun.
‘Ja, dat wie ek hiel moai om te dwaan. Ik hie tsjin him sein dat ik graach ris in boek mei him skriuwe woe en hy fûn dat bêst. Ik mailde him it earste stikje fan in boek en hy oanbieding-boek-kureagearre dêrop. Ik wist net wat ik dêrmei moast, want neffens my wie it boek al út. Doe lies ik syn reaksje nochris troch en ûntduts ik dat der eins wol in fraach yn siet dêr’t ik op reagearje koe. Pas doe’t we twatredde fan it boek skreaun ha binne we ris byinoar kaam om te sjen hoe’t it ôfrinne moast. It wie foar ús beide in leuke útdaging, want we woene inoars stikken oertreffe. En Dolf hie noch nea foar de jongerein skreaun, by him hold it by tolve jier altyd op. Wy hiene ek noch graach in diel twa skriuwe wollen, mar om’t it boek net genôch ferkocht gong dat oer.’

Bist op it momint mei nij wurk oan ’e gong?
‘Mei trije boeken. It iene is foar groep 7 en 8 en wurdt útjûn by Bornmeer. It twadde is in oanbieding-boek-kujongereinboek, dat komt yn desimber út by de Afûk en is ûnderdiel fan it projekt Lês No. Ferline jier gie it oer De Koers, in boek skreaun troch Bart Kingma, en dit jier mocht ik it boek skriuwe. De titel fan it boek is: Wês net bang (mar wol foarsichtich). It tredde boek komt út by in noch ûnbekende útjouwer en is foar begjinnende lêzers. Ik ha noch nea wat foar beukers skreaun, want ik kin dat net, ik skriuw te folle. Myn âldste beppesizzer leart no lêzen en dat fyn ik geweldich, want it boekje dat ik no oan it skriuwen bin kin hy aansen lêze. Ik bin gek op pubers, dêr kin in oar miskien wer neat mei, mar dêr skriuw ik hiel graach foar.’

Wat betsjut skriuwen foar dy?
Dat wist ik pas doe’t ik in skoft net skriuwe koe. Sân en in heal jier lyn bin ik fallen by myn sjalet, doe noch in karavan. Doe moat ik út de tiid west ha, mar dat wit je net, want allinnich de hûn wie derby. Doe tocht ik al: hjir is yts net goed. Myn man hat my doe de oare deis ophelle. Ik hie net spuid, it wie gjin harsenskodding, mar ik moast wol lizze, ik hie ferskriklik pineholle en ik fielde my raar en oars. Pas nei twa jier die bliken dat it in whiplash wie. Hoe langer it duorre hoe minder ik waard. Ik begûn allegear taalflaters te meitsjen. Ik koe hielendal net mear skriuwe, myn hiele kreativiteit wie fuort en ik foel yn in djippe put. Doe fernaam ik pas hoe belangryk it skriuwen foar my wie en dat ik der eins net sûnder koe. Fia allegear terapyen bin ik der wer boppe-op klommen. Dêrom fûn ik it ek sa geweldich dat ik foar Trettjin dagen dy priis krige. Dat wie it earste boek dat ferskynde nei’t ik fallen wie. Ik moast der wol mear wurk foar dwaan, mar ik koe it noch.’

untfangst-skoalskriuwer-troch-de-wethalder-fan-underwiis-yn-minnertsgea

Untfangst Skoalskriuwer troch de wethâlder fan ûnderwiis yn Minnertsgea

Do dochst mei oan it projekt De Skoalskriuwer. Wat is dat foar projekt?
‘In pear jier lyn waard ik dêrfoar frege. Dat fûn ik sa’n moai inisjatyf. Nei de earste gearkomste ha ik it beslút naam earder mei wurkjen op te hâlden en my folslein op skriuwen en Skoalskriuwen te rjochtsjen om’t ik it sa prachtich fûn. Dus no bin ik zzp’ster. Earder wurke ik as meiwurkster kommunikaasje by OSG Piter Jelles. Dêrfoar haw ik dêr Frysk en Nederlânsk jûn. En noch earder siet ik yn it basisûnderwiis. Doe’t ik foar it earst as Skoalskriuwer wer foar de klasse stie, wie ik eins werom wêr’t ik weikaam en dat wie geweldich.
In Skoalskriuwer wurdt in moanne as fjouwer oan in skoalle ferbûn en jout tsien lessen oan trije ferskillende groepen. Ut dy trije groepen wurdt in groepke learlingen helle dat it mear nedich hat of troch de lessen o sa troch feroare is. Mei dy groep giest ekstra oan it wurk, wy ha bygelyks skoalkranten makke. De folgjende kear doch ik wer wat oars. Elke skriuwer follet op syn eigen manier de lessen yn. Dat is krekt it hearlike: hast in grutte frijheid. Foar it begjin fan it skoaljier stel ik in boekekiste gear mei boeken dy’t te krijen ha mei in bepaald tema, dus dan sit ik hiele middeis yn de biblioteek en dat doch ik graach.’

de-skoalskriuwer-aldermoarn

Wat is de ynhâld fan de lessen?
‘It giet derom om bern in grutter taalfermogen te jaan, dus in bredere wurdskat, en op in oare manier nei lêzen te sjen. Yn de ûnderbou leare bern op skoalle foaral technysk lêzen en yn de boppebou begripend lêzen. De Skoalskriuwer besteget oandacht oan it ynlibjen yn de teksten, it herkennen fan moaie wurden, sinnen of alinea’s. Ik doch in berop op harren fantasy en dat liedt ta bysûndere risseltaten. Soms lês ik in eintsje foar en dan freegje ik wat se de moaiste sin fine en wêrom. We skriuwe fansels ek en dat giet net op de gewoane lesmanier. We gean bygelyks earst in kertier nei bûten ta en dan meie de bern alle wurden opskriuwe dy’t te krijen ha mei de sintugen en dan meie se dêr in gedicht fan meitsje. Dy sintugeles doch ik meastal yn it Frysk. It is sa moai om te sjen dat guon bern, as se harren eigen taalboarne yn it Frysk ûntdekke, folslein oars skriuwe as yn it Nederlânsk, want dan komme se by har gefoel. Dejingen dy’t soms lestich binne yn ’e groep kinne sa har sêfte kant ûntdekke. En guon bern krije o sa’n aardichheid oan lêzen. Ik doch geregeld in priisfraachje en dan kinne de bern in boek winne. Sa wûn in famke dat it mier oan lêzen hie it boek De dikke Jubelientje fan Hans Hagen. Doe is se begûn te lêzen yn De dikke Jubelientje, se lies alle jûnen mei har mem, en se fûn it leuk. Sy hat yn dy tiid echt ûntdutsen dat lêzen in moaie bezichheid is. Mem bliid, it famke bliid, juf bliid en dat is geweldich.’

de-skoalskriuwer-sintugeles

Is dat op in skoalle yn Frjentsjer?
‘Nee, it binne skoallen rûnom yn Fryslân. It is mar krekt welke skoallen harren oanmelde. Yn Fryslân is it de bedoeling dat de lessen sa folle mooglik twatalich jûn wurde, want it wurdt ek meisubsidiearre troch de provinsje. Op de doarpen ûntdekke se soms de wearde fan it Frysk. Op guon skoallen prate se op bepaalde dagen Frysk en op oare dagen Nederlânsk en dan mei de oare taal der net by. Dan sis ik dat ik sa net wurkje kin, omdat ik de talen neistinoar brûk. Bern ûntdekke faak hokker taal har it bêste past foar wat se yn ferskillende sitewaasjes skriuwe. Dat jildt foar mysels ek, guon dingen skriuw ik maklik yn it Nederlânsk want dan nim ik wat mear ôfstân. De bern wiene yn it begjin wol wat bang om flaters te meitsjen, mar ik lei út dat dat net hoegde. Ien fan de bern skreau oan ’e ein fan it jier: “Door de Schoolschrijver heb ik mijzelf beter leren kennen en weet ik nu pas hoe mooi mijn leven is.” Dêr waard ik wol even stil fan. Dat is wat in Skoalskriuwer dwaan kin en dat is echt fantastysk.’

Hokker boeken lêst sels?
‘Ik mei graach lêze, mar sûnt ik fallen bin kin ik minder fluch lêze. Blykber haw ik bliuwende skea oprûn en mei de leeftyd komme der allinnich mar groanyske dingen by. Ik lês in hiel soad berneboeken, gjin searjes, mar yn myn eagen de bettere boeken. Ik bin o sa gek op Anna Woltz, sy hat dit jier de Gouden Griffel wûn. Har boeken binne prachtich. Ik bin op it momint dwaande yn Jasper en zijn knecht fan Gerbrand Bakker. En ik moat aansen wer foar de boekekiste lêze. Troch de Skoalskriuwer lês ik ek mear printeboeken, bygelyks Groter dan een droom fan Jef Aerts. Dat giet oer in jonkje dat mei syn deade suske te fytsen giet, sa’n prachtich boek mei fantastyske yllustraasjes. Se fytse hieltyd heger, boppe de protters út en nei de moanne.’

oanbieding-boek-ku-2

oanbieding-boek-ku

Hanneke: ‘Yn 1995 bestie de Koperative Utjouwerij 25 jier. Alle moannen, as it ljochtmoanne wie, kaam der in boekje út fan ien fan de skriuwers fan de KU en dat waard oanbean yn it berteplak fan de skriuwer. Ik wie yn oktober oan bar, mar om’t ik neat hie mei Aldetrine, woe ik it graach ha yn de bosk fan Jonkhear Van Eysinga, dêr’t wy in pear jier tsjinoer wenne ha. Yn dy bernejierren waard myn fantasije oanwakkere troch it moaie plak en de natuer om ús hinne. It boekje, De griene Fretop, hie him yn dy bosken fan Sint Nyk ôfspylje kind. Ik frege Van Eysinga oft wy by ljochtmoanne yn syn bosk tahâlde mochten, mar hy bea oan om de presintaasje by him yn de tún te dwaan. Dat kaam goed út, want dy tún spile in rol yn dat boekje. (It wie eins mear in skriftke, wat suterich en dat wie skande fan it ferhaal…). It earste eksimplaar soe ik oan ús heit oanbiede, hy wie myn heit, opfieder, skoalmaster en dejinge fan wa’t ik de skriuwgenen ha. Us heit wie grutsk en wiis dêrmei. It wie noch bysûnderder, want de oare deis soe er operearre wurde oan kielkanker en hoewol’t er graach fertelle mocht, koe er dat de jierren dêrnei amper mear dwaan om’t er in stoma hie. Mar dy ljochtmoannejûn wie it moai helder waar, de moanne skynde geweldich, Jonkhear Van Eysinga en syn frou hiene it geweldich foarinoar en it waard in ûnferjitlike jûn.’

Lês ek Hanneke’s bloch.

 

Geef een reactie

Je e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *