Live út Studio Eastewyn Rôljende Sipels mei ‘Yn it park sûnder fûgels’
Klik op de foto fan ien fan de twa Sipels foar de opname
Live út Studio Eastewyn Rôljende Sipels mei ‘Yn it park sûnder fûgels’
Klik op de foto fan ien fan de twa Sipels foar de opname
Dêr tinkst yn it nije jier wer wat mear oan. Want de takomst bliuwt, ast wolst as net, boppedat ûnfoarsisber. ‘Meitsje dy net drok,’ wurdt dêrom gauris sein, ‘it komt dochs oars ast tinkst,’
It makket in soad út hoe’tst dermei omgiest. In pessimist sjocht allerhande apen en bearen, wylst in optimist mient dat it allegear wol goedkomt. By de measten is it faaks ôfwikseljend beide, ôfhingjend fan allerhande bykommende faktoaren.
Mar … dochs sitte guon earder yn ’e lytse loege as oaren dy’t wat minder swier op ’e hân binne.
Hoefolle takomst is der noch ast 83 bist? It grutste part fan it libben leit dan efter dy, mar hoefolle tiid is der noch, sitst al yn blessueretiid en hoe giest dêr dan mei om?… Lês fierder
Se binne fan alle tiden: Gebedsgenezers. Dy luie bliëve, as un gebed sonder end. De earste frijdach fan jannewary dit jaar, was der as un donderslach bij heldere hemel Tom de Wal in Tilburg.
Hij kon ut nyt moaier krije, terwyl orakel Tom un flitsinterview an un ferslachgever fan Omroep Braband gaf wurdde hij arresteard. Tom had fòlgens de gemeente gyn toestemming kregen foar un gebedsbijeenkomst, mar ut lekker tòch deen. Dikke fette mazzel, want de lokale omroep fan ’e Brabo’s het un groat bereik en dêr geile sukke mantsjes as Tom op, ut binne autokraten in ut kwadraat.
False profeten dy’t radeloase minsen foar de gek houwe en ok nòch us geld út ’e búse kloppe.… Lês fierder
ik sjoch har swalkjen troch de tún, sabeare
ûnkrûd rikt oant boppe har holle
sêft gers op okselhichte
wol tikboartsje
sûnder ferlos
it leafst ferdwine
yn ‘e hoksen tusken de broeiers
weeft se in jurkje fan koweblomkes
it rûkt dêr nei rust en kerrelige ierde
ljocht dat troch it grien brekt
bringt libellen mei, dûnset
noch fier fan sneinsguod, gesangen
en ferbeane bleate fuotten
de klok slacht
der is oant tsien teld
it stek giet ticht
mei fatsoen moat sy
ta minske makke
ôfskied nimme
fan hommelfreontsjes… Lês fierder
It rûn tsjin it lêst fan novimber. Tsjuster en skrousk waar, wat wietich ek. Yn ‘e maitiid hiene wy hjir ek west. Doe lei it lân der hiel oars hinne. Ik soe it paad noch wol witte, miende ik, mar de ôfslach kaam my dochs oer it mad. Ik gong efkes te gau fan it smelle dykje ôf en, nei wat wy altyd in bûtenlânske manoeuvre neame, stie ik wer yn de krekte rjochting. Doe wie it ek samar klear.
Yn it kantoar baarnde ljocht. Ik parkearre de auto op it ferhurde stik hiem en doe’t ik by de foardoar oankaam, gong dy fuort iepen; der waard blykber al op my wachte.… Lês fierder
foar de wippers* fan de Hounspolder
ik dol skatten op
fan hege wêzens mei belied
oant ik moksels brek – miskien
spit de earste ljep fan in foarbye maitiid –
de fuotstappen fan in jonkje
dat lâne oare kant sleat
(hy hie bôle mei, priuw de krommels noch)
in gouden ring skaaf ik ta grús
in jongfaam bedobbe it geskink –
se woe him net
dy rike boer mei syn praatsjes
hakje yn it izer fan in rider
de holle dizenich nei in kâlde tocht
ferlear hy syn redens op it fjild
ik graaf tsjin miljarden yn
wat kostet it ferline eins?… Lês fierder
Mei krysttiid hearst bysûndere ferhalen. Sa fertelde ús mem dat der in jonge by har yn ’e klasse úteinlik op ’e LOM-skoalle bedarre wie. Hy hie op skoalle by de sprekwurden de foarset: zo wit als … ôfmakke mei… een luier. Ta hilariteit fan ‘e klasse. Ik fûn it krekt kreatyf en hielendal gjin teken fan dommichheid. ‘In ruft is dochs ek wyt,’ oppere ik. Sa bespotlik fûn ik it net.
Us mem luts de skouders op. No ja, dochs op ‘e LOM-skoalle belâne, dy earme Jan. Ach, oare tiden. Der gongen wol mear dingen nuver op skoalle, eartiids. En wylst ik seach nei de rollade wist ik al hokker ferhaal no fan stâl helle waard, want ik haw it al tûzen kear earder heard.… Lês fierder