Lubbert Jan de Vries

De dichter, de grûn en it wetter

logo.ensafh

De redaksje fûn dat it tiid waard en set besprekkers en harren wurk yn it sintsje. Besprekken roppe op ta diskusje, biede nije lêsmooglikheden en hâlde de literatuer libben, ek bûten de siden fan it boek. Fan juny oant en mei septimber set Ensafh dêrom de literêre besprekking sintraal, online en yn tydskrift nûmer 3, dat op 18 juny útkaam.
Lubbert-Jan de Vries (1963) is dichter en oersetter. Yn syn besprek fan Grûnwetter (Remco Kuiper) giet er op syk nei de ûnderstream fan it boek: de bylden, de tema’s en de poëtyske logika dy’t de bondel byinoar hâlde.

 

 

De dichter, de grûn en it wetter

‘it wetter fan de rivier streamt altyd
en nea keart it nei de boarne werom’

Rispje en dienmeitsje

It dochs wer hifkjen fan de graad fan echtens, it nochris nifeljen mei hokker foarm it dichtwurk dienmakket en it wer oertinken fan de ûntjouwing fan wierens.… Lês fierder

Jan Kooistra

Mar it goede hawwe is genôch…

logo.ensafh

De redaksje fûn dat it tiid waard en set besprekkers en harren wurk yn it sintsje. Besprekken roppe op ta diskusje, biede nije lêsmooglikheden en hâlde de literatuer libben, ek bûten de siden fan it boek. Fan juny oant en mei augustus set Ensafh dêrom de literêre besprekking sintraal, online en yn tydskrift nûmer 3, dat op 18 juny útkaam.

Tweintichtûzen hinnen yn in hok, hûndertfyftich kij yn in lisboksstâl (ik kom de stâl fan de famylje Spylman foarby mei kij dy’t net iens witte wat deiljocht is), tûzenen tomaten yn in kas, twaentritich bern yn in klasselokaal en sa kin ik noch wol efkes trochgean.Lês fierder

Anne Feddema

Pica pica

logo.ensafh

 

 

 

Fûgelpanteon
Bjirk fol lûd

Aksterakteur
Spilet hjoed de rol
Fan alle oare túnfûgels
Dy komme yn it stik
Net mear foar
Oerstallige wjukken wurden
Yn ús klimmerplant

Soe ik faaks in
Dieresiel hawwe?
Alteast by ús efter
In fûgelsiel?

Sûfflearje my mar akster
Graach tekst
Gaadlik foar
Alle seizoenen

Ea by it weireizgjen:
Fûgelflechtperspektyf
Garuda pica pica
Sjammesjamaan

Net benaud wêze
Túnsitter
Ik bin it ommers
Mei in grut ferskaat
Oan oare stimmen
En…it is wier in pear wjukken

Ab ovo yolo
Kom ik wer foar
Yn it stik

 

 

 

 

 

 

 … Lês fierder

Teake Oppewal

Hy hat bliermoedich libbe

logo.ensafh

De redaksje fûn dat it tiid waard en set besprekkers en harren wurk yn it sintsje. Besprekken roppe op ta diskusje, biede nije lêsmooglikheden en hâlde de literatuer libben, ek bûten de siden fan it boek. Fan juny oant en mei augustus set Ensafh dêrom de literêre besprekking sintraal, online en yn tydskrift nûmer 3, dat op 18 juny útkaam.

Fan Marga Claus har nijste roman Libbe kaam yn febrewaris fan dit jier in werprinting út. It boek ferskynde earder yn oktober 2024. Yn july waard bekend dat oan de skriuwster foar dit boek de Rink van der Veldepriis 2026 takend is.Lês fierder

Dirkje Brouwer

It is wól in kadootsje

logo.ensafh

Ik fiel my net gau hiel dom, mar as ik in winkel fan Douglas yn stap, begjin ik my dochs echt ôf te freegjen wat ik oan myn IQ ha. Ik kom der dêrom ek net graach, mar ja Tsjerk krijt altyd in Douglas-bon mei de krystdagen fan syn wurk. Dy jout er altyd oan my en ik jou him altyd oan ús mem want ja, it is sa’n gedoch om hielendal nei dy winkel. Dit kear tocht ik yn it ramt love yourself nee, ik sil mysels bedjerre en gean dus wól sels nei de Douglas.

Ik woe BB-krêm hawwe, want dat brûk ik al jierren en foldocht my poerbêst.… Lês fierder

Jemke Visser

Hjit waar en tonger

logo.ensafh

Hoe slim wie it no wrychtich? Ast alle ûnheilsberjochten leauwe meist wie dit noch mar it begjin, benammen troch de opwaarming fan de ierde stiet ús noch wol it ien en oar te wachtsjen.
Mar earlik sein wurd ik der op dit stuit hjit noch kâld fan. Dat hat fansels te krijen mei de lizzing fan Harns, sa fuortby see. Doe’t wy hjir yn 1973 belânen waarden we warskôge: it waait der hast altyd. Mar ek as it dat net docht is it altyd in pear graden kâlder as yn de rest fan ús lân.
It skeelt in jas, sei myn skoanheit altyd.… Lês fierder