Skoander Frysk

logo.ensafh

Doe’t wy sawat oan de kofje ta wiene (maat hie in baas Wienerschnitzel en ik in grouwe fisk hân) bleaf it famke efkes langer by ús stean en frege letterlik: ‘Ut watfoar krite komme jim?’

Jo nukke sawat fan de stoel by it hearren fan sok skoander Frysk. Ha wy efkes sekuer út de doeken dien wêr’t wy wennen mar dan moatte jo dat fan sa’n famke ek witte fansels. Komt se út Sint Anne. En praat thús Bildtsk!!!

Lês mear oer sokke Fryskpratende revelaasjes op ‘e freedtejûn by Daam de Vries.… Lês fierder

O, spreek mij niet van liefde

logo.ensafh

O, spreek mij niet van liefde,
Van vriendschap en van trouw;
Die zijn al sinds lang overleden,
‘k Ben lang er al van in den rouw.

Neen, spreek mij van ‘s menschen ellende,
Van al zijn kommer en nood,
En hoe hij zijn broeders leven
Verbittert, – dan lach ik mij dood!

Ien fan de grutste Fryske dichters wie fansels Piet Paaltjens. De Contrabas makke in filmke oer dizze Immortelle, sjoch hjir foar ferslach en film.… Lês fierder

Wayne

logo.ensafh

In frjemde namme foar in bern yn Ruslân, Wayne. As er de earste dei op skoalle syn namme seit, laitsje de bern him út. Hy komt gûlend thús en freget oan syn mem wêrom’t se him sa’n rare namme jûn hat, en net gewoan Pjotter, as Vladimir. ‘Dat sil heit dy aanst wol fertelle,’ seit mem geheimsinnich. Se stoppet him in pear koekjes ta, dêrmei is it grutste fertriet gau ferjitten.

Lês fierder by Ferdinand de Jong. … Lês fierder

Twittergedichtewedstriid 2011

logo.ensafh

Wa skriuwt de moaiste Twicht?

In twicht bestiet út 1 tweet (berjocht op Twitter.com).
In twicht wurdt publisearre op it eigen persoanlike twitteraccount. Yn elke twicht moat it sykwurd (hashtag) #twicht opnommen wurde.

De wedstriid rint fan 15 augustus 2011 oant 30 septimber 2011 24.00 oere.

De ynhâld en foarm is frij. De twichten moatte yn it Frysk of in oare streektaal yn Fryslân pleatst wurde.
Elkenien mei safolle twichten ynstjoere as hy of sy wol.

De winner fan de bêste twicht ûntfangt de sulveren “TWICHT”.

SPULRIGELS
TWITTERGEDICHTEWEDSTRYD MOANNE FAN IT FRYSKE BOEK

Rintiid en slutingsdatum
De wedstriid rint fan 15 augustus 2011 oant 30 septimber 2011 24.00 oere.… Lês fierder