Kollum Hein Jaap Hilarides: Baggere of autolou?

logo.ensafh

Wat motte se met de feerboat naar ’t Ameland doen? Motte se deurmodderen blive? Of gaan se ’n nij trajekt in? Maar wat gebeurt d’r dan met de stroming? Met ’t ôfsetten fan ’t slik? In Harlingen hewwe se ooit ’n pier maakt om de haven ôflope te kinnen. Se dochten doe dat de stroming an de noordkant komme sou. Maar hij sit an de súdkant. En doe laai de havenmonding niet goed en most d’r fan alles anpast worre.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Der sit hiel wat muzyk yn Aldfrysk!

logo.ensafh

Guon meie wol tinke dat dat it Aldfrysk mar in stoffige boel is, mar gelokkich binne der minsken dy’t better wite. “Frisia non cantat”, wurdt gauris sein, “de Friezen sjonge net”. De sanger Bernlef wist wol better. Nee, foar dy âlde Friezen docht it âlde sechje gjin opjild. Hja mochten mei alle wille ris in liet oanheffe at der wat te fieren foel. By brulloften, bygelyks, woene freonen fan it pas troude pear graach in liet hearre lite: “mei winnena sang” hjit dat dan. Dat bart noch altiten wol. Mar doedestiids woene ek ûnderhannelers nei in slagge ûnderhanneling graach har emoasjes fokaal-muzikaal uterje.… Lês fierder

Henk Nijp

Feestje?


logo.ensafh

It wie in frisse moarn mei wat in wetterich sintsje en sa no en dan in snjitterke. Mar fierder wol helder en skjin. Ik soe myn wenstige rûntsje mar wer even drave. Dat is meastal in goed begjin fan de dei; ‘een gezonde geest in een gezond lichaam’ net wier?
 Doe ‘t ik goed en wol op wei wie beluts de loft al rillegau en healwei de rûte wie ik al dweiltrochwiet. Hoe sûn is dat?! Mar gau op hûs oan, ik gong dochs dy kant al út. In lekkere dûs, nei ‘t ik de wiete brot ôfstrûpt hie, die wûnders.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: Beamke

logo.ensafh

Ik haw krekt in skoftke nei mysels sitten te sjen, op in foto yn ’e krante. Dy wie nommen fan in ôfstân fan seis miljard (!) kilometer, stie derûnder.
Heden, wat bin ik grou op dy foto! Soks falt fan tichteby net sa op. It die my tinken oan in foto dy’t ús Lúcia makke de lêste kear dat se hjir wie. Dat moat yn ’t earstoan fan 2020 west hawwe. Want it wie justjes foar de útbraak fan Covid-19. Lúcia-en-dy wiene krekt op ’e tiid werom yn it Ingelân doe’t de Portegeeske grinzen sluten waarden.
De fan Lúcia makke foto toant myn Maria, dy’t wat boadskippen yn ús auto leit.… Lês fierder