Blog Lomme en Jan Schokker: Tiid, jo my tiid!

logo.ensafh

No, as ik it dan leaver net mear oer de dea hawwe mei, dan mar oer in oare boech wat fierder sjoen. Wat betsjut tiid fan libben as wy de grinzen foarby tinke? Dizze dagen kom ik dan moai út by Louis Leroy. Sjochst him noch fytsen?

Op syn swarte Fongers mei wapperjende jas en ivich alpinomûtske, op wei nei myn middelbere skoalle oare kant it Hearrenfean, dan wol de oare kant út, troch it Wâld rjochting Ketlik nei Mildaam om dêr by moai én min waar fierder te arbeidzjen oan syn ecokatedraal oan de IJntzeleane. Op wei nei de Albertine Agnesskoalle yn it Wâld kamen wy minstens twa kear lâns syn hûs op ’e hoeke fan de Heideleane, dat wenninkje datst meidertiid fan foaren noch fan siden amper mear ûnderskiede koest tusken it beamtegrien en de selssteapele muorkes mei rûchte op manshichte.… Lês fierder

Gabrielle Terpstra nei Transpoesie: in ferslach!

logo.ensafh

Tongersdei giene we betiid mei de trein fan Frjentsjer nei Brussel. Wy stapten op yn it tsjuster en stadichoan waard it ljocht. Yn Ljouwert, Zwolle en Breda stapten wy oer. Yn Breda hiene we in healoere skoft, wat betsjutte dat we Starbucks helje koene, want dat hawwe wy yn Fryslân net. Yn alle gefallen gjin Pumpkin Spice Latte. Dus dat koe lang om let wer: it hjerstdrankje mei pompoen. No, it wie goar en ultraswiet, dus dat wie in tsjinfaller.

Wy sieten yn’e trein dy’t de grins oerstuts; it wie bêst drok mei minsken dy’t út Rotterdam of Amsterdam nei Brussel reizgen.… Lês fierder

Trijelûk-mei-ynlieding oer Sybe Sybesma (1924-1986)

logo.ensafh

Op 5 novimber 2024 is it 100 jier lyn dat skriuwer Sybe Sybesma (1924-1986) berne waard. Tresoar hat syn omkesizzer Rint Sybesma frege yn in trijelûk-mei-ynlieding stil te stean by it libben en wurk fan syn omke. Rint Sybesma (Utrecht, 1960) is heechlearaar Sjineeske taalkunde oan de universiteit yn Leiden. Sûnt 2018 publisearret er ûnder it pseudonym Ruerd Smaling gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk.

Lês en sjoch fierder by TresoarLês fierder

Pier Boorsma

fergonklikheid

logo.ensafh

 

 

 

ynienen yn ‘e modus
fan de fergonklikheid
ik hie der weet fan
ommers alles is fergonklik
mar myn eigen fergonklikheid
stiet fier fan mij ôf
hoe moat ik mij hâlde en drage?
moat ik de minsken
earnstich yn ‘e mjitte komme?
moat ik ienlik gûle yn ‘e nacht?
it oerfalt mij
ik haw der gjin antwurd op
moarns wurd ik wekker
en tink
is it wier
dat minsken stjerre
bestiet de dea werklik?
yn hokker wrâld bin ik bedarre?
miljoenen minsken 
hawwe foar mij it trajekt nei de dea ôflein
dan moat ik it dochs
ek kinne?
mar ik wol net dea
ik wol libje
libje as in hert… Lês fierder