Spannende proazasimmer: Tryntsje van der Steege

logo.ensafh

Dizze simmer publisearret de Leeuwarder Courant yn gearwurking mei ‘de Moanne’ in searje ferhalen fan sân begjinnende Fryske skriuwers oer it tema ‘spanning’. Talintfolle yllustratoaren meitsje by elts ferhaal in ôfbylding. Skriuwer Tryntsje van der Steege en yllustrator Marije Muskens binne de lêste yn dizze rige.

Lês fierder by de Moanne

 … Lês fierder

Teleks: Bysûndere Aldfryske fragminten opdûkt yn Eastenryk

logo.ensafh

Yn de Eastenrykske Nasjonale Biblioteek yn Wenen binne twa bysûndere Aldfryske fragminten oantroffen. It giet ûnder oare om siden fan in oant no ta ûnbekende ferzje fan de Aldfryske Wilkarren fan de Fiif Dielen, dy’t taalkundich datearre wurde kinne yn de iere 14e iuw. De fynst is bekend makke troch de Eastenrykske prof. dr. Robert Nedoma yn it foaroprinnende wittenskiplik tydskrift DIE SPRACHE. Seitskrift für Sprachwissenschaft.

De hânskriftfragminten makken lange tiid diel út fan de priveekolleksje fan Josef Bick (1880 -1952), earder direkteur fan de Österreichischen Nationalbibliothek, dy’t de stikken by syn stúdzje yn Praag krige. Pas yn 2022 waard de kolleksje ferwurven troch de nasjonale biblioteek yn Wenen en beskikber steld foar ûndersyk.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Oarlòchslittekens

logo.ensafh

Bamm! Dy kwam even binnen foarege week op un doadgewoane dinsdachavend in de Groate Kerk fan Sneek. Oud-Sneker Sybrand van Haersma Buma hield un indrukwekkende toespraak op ‘e avend dat der un bijeenkomst òrganiseard was om te herdenken dat ut 75 jaar leden was dat ut braanskilderde glas-in-load Befrijdingsraam onthuld wurdde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Jelle van der Meulen oer ‘Tsjintwurdich is alles better’ fan Gabriëlle Terpstra

logo.ensafh

Vrijdagavond 6 september presenteerde Gabriëlle Terpstra haar debuutbundel Tsjintwurdich is alles better. Gabriëlle kenden we al langer als de vriendin van Sietske Harkema uit Leeuwarden. Sietske heeft nu ruim zes jaar lang een geweldige Stabij, Freya, en dat is de dochter van onze Silke. Freya is nog net zoals ze als puppy in het nest in Koudum was en ‘Klavertje’ genoemd werd: avontuurlijk. Hoe mooi was het dan ook dat Sietske dit expositieseizoen bij ons in Galerie Lytse Skientme exposeerde met kleine aquarellen die als onderwerp hebben ‘De avonturen van Freya’. Die aquarellen zijn nog tot en met 14 september in Koudum te zien.… Lês fierder

Aginda 14-09-2024: Uitfestival Warkum

logo.ensafh

Uitfestival Warkum

Sneon 14 septimber o.s. is yn Warkum it yn de Súdwesthoeke ferneamde Uitfestival,
dizkear is der yn de tún fan de Limonadefabryk oan de Nonnestsrjitte plak foar proaza en poëzij.

Optredens binne der te ferwachtsjen fan Ytsje Hettinga út Koudum, dy’t sawol proaza as poëzij bringe sil, Ids de Roos út Warns dy’t ferhalen foarlêze sil oer Laaksum en Warns.
Marije Sennema sil ien en oar fertelle oer har te ferskinen printeboek “Paula en de weirekke spegel” dat ynspirearre is op de ekspressioniste Paula Modersohn Becker, dan komt der noch in Marije en dat is Marije Roorda dy’t túngedichten foardrage sil.… Lês fierder