Dat wy troch ús pake Keimpe Piters Dykstra, bakkerssoan út Froubuurt, oan Waling-om besibbe binne, haw ik alris ferteld, wol my oan.
Us oerpake Piter is net âld wurden. Hy seach in buorfamke troch it iis sakjen en is hol oer bol efter de gleone ûne wei de bakkerij út barsten. It famke hat it libben der ôfswitten, mar ús oerpake net. Hy kaam net droech oer de feart, om samar te sizzen; hy koe mei de Fearman mei nei de ûnderwrâld.
Lês fierder by Jaap Slager… Lês fierder