I love the whole atmosphere and can spend hours browsing’: how did bookshops suddenly become cool?

logo.ensafh

A new survey suggests that young people are shunning AI algorithms and online retailers to experience the joy of visiting bookshops.

Gen Z’s cultural tastes are heralded, maligned and mythologised in almost equal measure. But one stereotype persists above all: that young people are addicted to their phones, keen to live their lives primarily through a screen.

Lês fierder by The Guardian.Lês fierder

Blog Koos Tiemersma: Yn it spoar fan Rely

logo.ensafh

Om mar mei syn dea yn hûs te fallen: ik slút oan op it wêzen fan Rely Jorritsma. Mei as úterste konsekwinsje dat ik lykas de man sels grûnbesitter wurden bin. En dat bedoel ik yn dit gefal letterlik.

By de útrikking fan de Rely Jorritsmaprizen begjin oktober stiene wy as winners kreas op in rychje foar de foto, it slútstik fan in moaie middei. By in taspraakje foel ynienen in jiertal: 1952. Omdat ik de kop der net hielendal by hie, skrille ik op. It duorre even foardat de betsjutting de lâningsbaan fûn hie. Want it die bliken dat yn dat jier Rely Jorritsma ferstoarn is.… Lês fierder

Puzelstikjes fine

logo.ensafh

Professor Alderik Blom naam in pear moannen frij om as gastûndersiker oan de Fryske Akademy nei Ljouwert te kommen. De heechlearaar Keltology bestudearre yn de argiven fan Tresoar de nei-oarlochske kontakten tusken Bretanje en Fryslân.

Yn 1948 ferskynde in spesjaal temanûmer fan Frysk literêr moanneblêd De Tsjerne. It gie oer Bretanje mei omtinken foar it keltyske Bretonsk, dat krekt as it Frysk in minderheidstaal is. Trije jier letter ferskynde fan it Bretonske tydskrift Al Liamm in temanûmer oer Fryslân. Anne Wadman wie ien fan de Fryske skriuwers dy’t de kontakten hie.

Lês fierder by Marijke de Boer op FrisistykLês fierder

Blog Klaas van der Hoek: Mail oan Minke IV

logo.ensafh

Leaf datst nei myn wolwêzen fregest en oft wy, do en ik, noch wol fan deselde poëzy hâlde. Gjin noed. Ja, dit weblog lei in hoartsje stil, mar inkeld om’t ik it hiel drok hie op ’e saak. Dat is no dien, it wurk sit der op, ik bin mei pensjoen. En dan ‘ús poëzysmaak’, dyn wurden, wêrom soe dy deselde bliuwe moatte en net feroarje meie? Myn smaak is oars noch wakker gelyk, sit dêr mar net oer yn. Tajûn, ik haw even ompield mei de gedichten fan Erich Fried, mar mei de hân op myn hert: ik sil it noait wer dwaan.… Lês fierder

Jemke Visser

Polarisaasje

logo.ensafh

Wy ha it der mar drok mei tsjintwurdich. Guon meitsje harren der sels skuldich oan en oars is it wol ûnderwerp fan diskusje yn kranten, as yn al mar mear praatprogamma’s, al hat opperflakkich, gychelich gejeuzel dêr gauris de oerhân.
Sels hie ik in ynstjoerd stikje yn ’e NRC nei oanlieding fan in ûndersyk troch sosjolooch Quita Muis.
Och, altyd wol wer in lyts sukseske as it pleatst wurdt, net dan! Mar dêrmei is de diskusje fansels noch lang net foarby. Ek yn mear kranten waard it ûndersyk neamd.
Der is neigien hoe’t it sit mei polarisaasje yn ferskate groepearrings, ûnder oare by saneamde heech – en leechoplaten, babyboomers en de nijere jongereingeneraasjes, ek hoe’t men oer elkoar tinkt.… Lês fierder

Kollum Gerard de Jong: Fan feer

logo.ensafh

Hij het ’n groat part fan de dâg in de keuken deurbrocht. Dat kin niet âns, at je sien wat d’r foorskoateld wort, en hij wil ’t ok niet âns. Bij M. en S. ete betekent je lave an ’n weldadig bachanaal. Ete, drinke, prate fan 18.00 ant feer na middernacht.

M. haalt de kwarteltsys út de oven om te sien at se gaar binne. In ’n hoek fan ’t keukenblâd lait ’n iPad met ’n nijsstuurder d’r op, der’t konstant Arabys út klinkt. “Lústerst hier de hele dâg na? ’t Likent mij niet sônd.” “Ik mot wel,” sait hij, ‘’‘t Gaat soa hard, de sitewasy ferandert met ’t uur.”… Lês fierder

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Kroanleas en Bleat

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering fan ‘Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard’ poëzij fan u.o. Joost Oomen.

Wy wolle Oranjekoeksalade op it Frysk Ynstitút yn Brussel, wêr Gabrielle wie foar Transpoësie. Wy prate oer drûge woarst en de woarst hingje litte oant it hast in mummy is.

Wa is de “ongekroonde” stêdsdichter fan Ljouwert? Wa mei foardrage foar de Kening op 16 oktober? En hoe kin it dat Elmar Kuiper jonger liket as Arjan? Fragen, fragen!

Wy prate oer de tol fan it sukses en de drokte dy’t dichters ûnderfine, en it byld fan de dichter as immen dy’t drinkt, neukt en subsydzje krijt.… Lês fierder