Aginda 05-10-2023: Poëzie Zaterdag yn Drachten

logo.ensafh

Zaterdag 5 oktober is er weer Poëzie Zaterdag in Café Marktzicht! Dit is het poëzie-evenement van Drachten, waar tal van diverse dichters, singer-songwriters en andere taalartiesten hun kunsten vertonen. En het belooft zeker een feest te worden! Deze editie is de Dr8* N8 (Drachtster Nacht) van de Poëzie! Waarom naar de Randstad gaan, als je het ook in Drachten kan vieren?

Sjoch foar mear ynformaasje by de MoanneLês fierder

In memoriam Jarich Freark Hoekstra (Hitsum 17-2-1956 − Kiel 20-9-2024)

logo.ensafh

Op sneon 14 oktober 2023 wie Jarich Hoekstra yn de Boalserter tsjerke oan it wurd as foarsitter fan de Gysbert Japicxpriis. Jetske Bilker krige de priis foar har roman Sonde en spegel (2021). Jarich ljochte yn syn ferhaal ta hoe’t de sjuery ta syn oardiel kaam wie. Oan de ynhâld en de presintaasje fan it treflike ferhaal wie te sjen dat er in alsidich en bejeftige man wie. Nei syn stúdzje Noarsk en Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins lei er him hielendal ta op de taalwittenskip. Syn motivaasje om talen te studearjen wie net, wat men fakentiids fan talestudinten heart, omdat er literatuer sa aardich fûn, mar krekt omdat er niget oan taal, oan taalsystemen hie.… Lês fierder

Remco Kuiper

By de himel op

logo.ensafh

 

 

Heit sei: Ik soe noch sa graach ris in ljurkje hearre wolle, dy’t
heech sjongend oan ’e iepen loft nei de grûn ta falt en dêr in
plakje fynt yn krûdich gers, jim witte wol. Dat moast altyd wêze, dat
wy yn ’e auto – hy foaryn – de stoel wat efteroer, ridendewei op nei de
Warkumerwaard, mei it each en ear op skerp, dêrnei gau troch nei Skrok
en Skrins, it rút krekt sa’n bytsje op ’e skreef. Heit wie wurch, wat
mislik ek, in pear wurden waarden wiksele. It ljurkje fûnen wy net.
Op ’e weromreis moast er spuie, dat wy yn ’e berm, de motor stasjonêr,
de doar heal iepen, in pûde foar de greep, mar syn geast klom al by
de himel op, wy swijende werom, sykjende yn Google’s soundbites.… Lês fierder