Blog Abe de Vries: Wêrom bliuwt de Provinsje dôf en Tresoar blyn?

logo.ensafh

Asinus ad lapidem non bis offendit eundem, seit it sprekwurd. Trije jier lyn hiene Koos Tiemersma en ik sei de gek in tsjin-better-witten-yn-petear mei deputearre Poepjes oer de advisearring by de Gysbert Japicxpriis.

Wy wiisden derop dat yn literêre ‘sjuerys’ literêre spesjalisten hearre te sitten, en dêrneist dat it oansykjen fan sjueryleden troch Tresoar (mei advys fan de Fryske Akademy) dat ynstitút in ûnwinsklik grutte ynfloed jaan kin op de kar fan de priiswinner.

Us advys oan de deputearre wie om in grutte ‘Gysbertrie’ yn it libben te roppen fan in m/f as tweintich om oer de priiswinner te kedizen.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: In memoriam foar in taal

logo.ensafh

Midden yn de boufak krige ik fia de mail de fraach oft ik wat dwaan koe mei Frysk en gedichten op basisskoalle Klaver Fjouwer yn Aldegea. It soe moai wêze om wat mei ‘fergetten wurden’ te dwaan, lykas skelk en ornaris en kerbûstich.

Sa waard ik ferline wike tongersdei troch in frou fan stasjon Drylts helle en nei de skoalle brocht. Dy skoalle stiet al op in bysûnder plak, op it krúspunt fan twa strjitten mei de nammen Tsjerkemar en Simmersnie. In adres dat al in gedicht wurdich liket.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Kollum Gerard de Jong: Oortsys

logo.ensafh

De regen stortte him over de wereld út. Dikke druppen deurboorden de soele lucht die’t al dagen húshoude. De boi kwam anwaaien as ‘n ongenoade gast, maar wel een die’t ’t fesy dos de moeite wirrig maakte.

De Nijstâd in Luwt is prachtig seumerdâgs, at ’t regent. Hêstregen is âns, meer fan ’t selde. In de seumer is ’t ferrassend, ferfrissend. Mînsen in korte broek en rokky spatte ônder loiven of de winkels in omdat de boi niet ferwacht worde.

Buienradar had ‘m foorspeld en ik had braaf ’n paraplú bij my stoken, al laat Buienradar mij geregeld in de steek.… Lês fierder

Teleks: Beneaming sjueryleden Gysbert Japicxpriis 2025

logo.ensafh

Beneaming sjueryleden Gysbert Japicxpriis

Foar de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2025 binne troch Tresoar, yn ‘e mande mei de Fryske Akademy, de folgjende persoanen foardroegen: Johanneke Liemburg, Sytse Jansma en Ytsje Hoekstra. Neffens it reglemint moat in tredde advyskommisjelid foardroegen wurde út it literêre fjild. Dit is spitigernôch op ‘e nij net slagge. Tresoar hat trije betûfte persoanen oandroegen. Sy binne hjoed troch Deputearre Steaten beneamd.

Boarne: Provinsje FryslânLês fierder

Aginda 17-09-2024: 65 jier FLMD en 50 jier Bûsboekje

logo.ensafh

It bestjoer fan de stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en de Bûsboekjeredaksje nûgje nigethawwers út foar in feestlike gearkomste yn it ramt fan harren jubilea.

– Op 10 septimber 1959 waard it FLMD oprjochte, no fiifensechstich jier lyn. It FLMD gie yn 2002 op yn Tresoar, “in stil jubileum”;
– It nije Bûsboekje, edysje 2025, is it fyftichste sûnt de propagandakommisje fan it warbere Kristlik Frysk Selskip yn 1975 it Bûsboekje 1976 fersoarge. In nije aginda foar ‘alle dagen Frysk’.

Sjoch foar mear ynformaasje by GoeieLês fierder

Jemke Visser

Kjirrrr …!

logo.ensafh

Sa út en troch gean ik nei it bosk Turkije/Grikelân tusken Âldtserk en Oentsjerk, dat eartiids oanlein is troch de Van Sminia’s mei de opbringst fan Turkse steatsobligaasjes en benammen bedoeld wie foar hakhout. Myn pake dêr’t ik nei ferneamd bin, wie dêr as boskwachter yn tsjinst by de Van Sminia’,s dy’t residearren op bûtenpleats De Klinze.
Myn heit en syn twa bruorren as túnman wiene dêr ek wurksum. De bruorren binne altyd yn Trynwâlden wenjen bleaun, mei letter noch in grutte túnkerij efter Stania State.
Yn myn jongesjierren wie ’k der faak útfanhûs. Lâns de bekende paden hear ik yn gedachten dan wer de ferhalen oer adellike jachtpartijen en streupers.… Lês fierder

Reitze Jonkman: Op syn Scots

logo.ensafh

As ik yn in gebiet mei in minderheidstaal kom, gean ik altyd de boekwinkel yn om te sjen oft dêr ek resinte literatuer oer dy minderheidtsaal te finen is. Yn Skotlân, dêr’t ik krektlyn wie, is dêr sels de lúkse fan twa minderheidstalen: it Keltyske Gaelic, besibbe oan it Iersk, mar ek it Scots, besibbe oan it Ingelsk. Oer it Skotsk haw ik in pear boeken kocht dy’t in moaie ferliking mei de taalsituaasje yn Fryslân mooglik meitsje. Net dat ik de earste bin dy’t dy makket, want Jelle Krol hat dat yn 2018 yn in stúdzje dien dêr’t er it plak fan it Frysk, nêst it Bretonsk en it Welsk, ek mei it Skotsk ferlike oan de hân fan de skriuwers út it tiidrek fan de Earste Wrâldoarloch.… Lês fierder