‘Fan ’t simmer sil ik in moanne nei Barcelona ta om dêr te skriuwen’, fertelt dichteres Albertina Soepboer oer wat sy dizze simmer by de ein hat. ‘Dat doch ik yn it ramt fan Leeuwarden City of Literature. Skriuwe kin foar my net sûnder lêze. Ferhalen meitsje de wrâld grutter, dus nim ik boeken mei. Dat binne papieren boeken, mar ek e-boeken en audio-boeken. Dat is fansels fanwege de beheinde romte yn myn koffer, mar ik mei ek graach in ferhaal harkje as ik ûnderweis bin.’
Lês fierder by Frisistyk… Lês fierder