Fan Mildaam nei Wolvegea
Op 15 desimber 2021 nim ik de trein nei It Hearrenfean. Dêr sykje ik de bus dy’t troch Mildaam komt. It busstasjon op It Fean fyn ik bysûnder. It is in oerdekte rûnte mei perronnen deromhinne. Yn ’e midden stiet men drûch. It Hearrenfean is Sportstêd. Ik sjoch grutte, skildere portretten fan Sven Kramer, Foppe de Haan en Epke Zonderland. De bus nei Mildaam hat einbestimming Assen. In kertier wachtsje en dêr is er al. Ynchecke mei de ov-kaart en de sjauffeur in goeie dei tawinskje. Dat is yn dizze kriten gebrûklik. En by it útstappen him of har fansels betankje.… Lês fierder