Teleks: Trûbadoer Adri de boer wurdt earste gemeentedichter fan Opsterlân

logo.ensafh

Trûbadoer Adri de Boer fan Lippenhuzen is de kommende twa jier gemeentedichter fan Opsterlân. It is foar it earst dat dy gemeente in eigen dichter oansteld hat.
De Boer waard winner yn in wedstryd dêr’t seis dichters oan meidiene. Yn de Museumnacht sneon yn de Tropische Kas yn Beetstersweach waard De Boer ta winner útroppen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 04-10-2024: iepening útstalling “Eppie Dam, libben en wurk”

logo.ensafh

Utstalling “Eppie Dam, libben en wurk”

Yn gearwurking mei Tresoar, Ljouwert, is der yn oktober in eksposysje oer Eppie Dam yn de Bibliotheek Franeker en hingje der in tal portretten fan Dam yn Museum Martena. De iepening fan de eksposysje wurdt dien troch wethâlder Jan Dijkstra op freed 4 oktober om 16.00 oere yn de Bibliotheek. Eltsenien is wolkom, tagong fergeefs.

Sjoch foar mear ynformaasje by Academie van FranekerLês fierder

Kollum Gabrielle Terpstra: Fryske metalbands litte Snits skodzje op it KEIHURD Festival

logo.ensafh

‘Wy binne ek mar demoanen út de hel’, sei de sjonger fan de metalband Sadotank ôfrûne sneon yn it Bolwerk yn Snits by de twadde edysje fan it KEIHURD Festival. It festival jout Fryske bands út it hurde sjenre alle jierren de gelegenheid om harren muzyk hearre te litten. Net allinne metal, mar ek grindcore en Oi! binne dêr te hearren. It is moai dat der safolle romte is foar Fryske bands, want in protte fan harren acts dogge it goed.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Blog Koos Tiemersma: Hoera!

logo.ensafh

Alwer hjerst, tocht ik okkerdeis al sintsjebaaiend. Mei it kwik heech en achter de sinnebril wei eage ik de tún oer en kaam op dy idioate gedachte. Tagelyk realisearde ik my dat ik tsjin dizze tiid, mar dan 25 jier lyn, op it idee kaam om my te weagjen oan in literêr bedoelde tekst. Wer ris wat oars nei alle lietsjes, sa dreech koe it skriuwen fan in ferhaal dochs net wêze? Gewoan in liettekst, mar dan wat langer. De tekst dy’t him foar my iepentearde, krige as titel ‘Job – in alter’. No’t ik derop weromsjoch kin ik it net litte om mysels út te gnizen: wát in pretinsjes, sa’n oanstellerige titel.… Lês fierder

‘Ik wie benijd hoe’t it eartiids wie’

logo.ensafh

Philippus Breuker hat tsientallen boeken en noch folle mear artikels op syn namme te stean. Dêr die de âld-heechlearaar Frysk in soad ûndersyk foar, ûnder oare yn de argiven fan Tresoar. No’t er meikoarten 85 jier wurdt, is er syn eigen ûnbidich grutte argyf oan it oarderjen, om it stadichoan oer te dragen oan Tresoar.

Lês fierder by Marijke de Boer en Neeltje Holtkamp op FrisistykLês fierder