Teleks: Organisaasjes binne it net iens mei besunigings taal en kultuer: “Unakseptabel en net nedich”

logo.ensafh

Tal fan organisaasjes foar Fryske taal en kultuer lieten woansdei hearre dat se tsjin de foarnommen besunigings binne. Dat dienen se op de saneamde Steatemerk. In gelegenheid om mei Steateleden te praten.
Yn dit gefal diene se it om te besykjen de besunigings fan tafel te krijen. Tsientallen minsken út it ‘taal- en kultuerfjild’ praten dêr mei Provinsjale Steateleden. Dy wolle se oertsjûgje om net yn te stimmen mei it foarstel fan Deputearre Steaten om struktureel te besunigjen op taal en kultuer.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

“Trije krânsen yn ’t kessen”

logo.ensafh

Heksen maken een groot onderdeel uit van volksverhalen. Vooral in sagen komen ze heel veel voor; een subgenre van volksverhalen waarin mensen vroeger vaak echt geloofden, in tegenstelling tot sprookjes die wel degelijk fictief waren. Alleen al in de Volksverhalenbank van de Lage Landen krijg je zo’n 13.000 resultaten met het trefwoord ‘heks’. Onmisbaar voor het genre dus.

De Volksverhalenbank is een initiatief van het Meertens Instituut, dat de volksverhalen van Nederland in kaart wil brengen. Recent zijn hier ook volksverhalen uit Vlaanderen aan toegevoegd. Een van de grote verzamelaars uit een eerder verzameloffensief was Dam Jaarsma (1914-1991), een Friese schrijver, dichter en verhalenverzamelaar.… Lês fierder

Teleks: Simmerskema ensafh.nl 2024

logo.ensafh

01-06-2024

Bêste lêzer,

yn Juny, July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde.

De earstfolgjende publikaasje is op 05-06-2024.

De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.

Redaksje ensafhLês fierder

Kollum Froukje Sijtsma: De wylde boerinne

logo.ensafh

Presys 100 jier lyn wûn de Fryske skriuwer Teatse Eeltsje Holtrop fan Drylts de belangrykste skriuwwedstriid yn Nederlân mei syn briljante ferhaal ‘De wilde boerin’.
Tsien jier dêrfoar hie hy it koarte ferhaal al skreaun yn it Frysk. De wylde boerinne waard doe publisearre yn in Frysk tydskrift, mar gjinien hie der echt each foar.
Mei tank oan dy lanlike ferhalewedstriid, sprekt dit pronkje yn de Fryske literatuer aldergeloks noch altyd ta de ferbylding.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Arjan Hut: Doe hiene we pas mankelikens!

logo.ensafh

Dichters fan hjoed-de-dei hawwe amper mear it fermogen om mankelyk te wurden! Ja, dizige oantinkens oan de tiid foar wifi, of oan de tiid dat yn in húshâlden mar ien auto nedich wie, of doe’t kabel-tv nei Fryslân kaam en MTV fideoklips útstjoerde. Wy binne opgroeid yn nijbouwiken, foar de tv, en alles wat we misse, kinne we fia Youtube maklik werom sjen.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Jemke Visser

Boas

logo.ensafh

Hoe langer ik meirin, en dat is bêst in aardich skoftsje, hoe minder ik der sa stadichoan fan begryp.
In grut part fan de minsken is boas, hearre je hieltyd mar. Wilders ek, alteast dat seit er. Hy lûkt der yn elts gefal gâns stimmen mei. Faaks komt it om’t er yn in kokon fan algeduerigen befeiliging sit. Dan ferlieze je it gewoane libben miskien wat út it each en ha je net yn ’e rekken dat it mei dy lilkens wol wat tafalt. Der is genôch te genietsjen en te laitsjen.
‘Nederland is weer van ons’ … Wie dat ús dan ôfpakt?… Lês fierder