Alwin van der Toorn

In vino veritas

logo.ensafh

 

 

 

doe’t ik acht wie, waard ik troch de rûne
noflik rûkende freondinne fan myn mem
ynwijd yn ’e geheimen fan it sûpen
gewoan thús oan ’e keukentafel
myn mem dielnimster en tsjûge

heit en mem holden der in mediterrane styl op nei –
by it jûnsiten wie ik wend in glês wyn te drinken
dat hearde by myn opfieding, fûnen sy

dy jûn wie de iterij fan ’e beide freondinnen
in wier bacchanaal, dêr’t de twa doazen wyn
oars goed foar in wike wille
der yn ien jûn trochhinne jage waarden

de freondinne fan myn mem hold fan in slok
en hie gjin muoite mei it trochsykjen fan it hûs
sadat us heit de flessen ferburch
as hja lânskaam

de yngrediïnten foar in hearlik Italiaansk miel
leinen te fertutearzjen yn har plestik jaskes
útsein de pekorino dy’t yn stikken snien
mei oliven en stokbôle behimmele waard
fuortspield mei in soad midsmjittige
drûge reade

wylst ‘muoike Sas’ har toarst fersloech
rekke myn mem efter de pûst fan it laitsjen
my waard ûnachtsum byskonken
der waard proaste op it libben
of soksawat

nei in koart skoft fernaam ik
mei it ferwegen fan myn holle
dat it efkes duorre foar ’t de harsens
deselde kant út gongen

ik betrape mysels dat ik djip yn ’e blûze
fan muoike Sas siet te luorkjen
en seach fernuvere dat se my willich
in romme eachopslach gunde
yn har wiidweidige dekolletee

ik fernaam ynienen dat myn mage leech wie –
brabbele mei dûbele tonge wat oer patat
en wie ferbjustere doe’t elkenien oerein kaam
om ôf te setten nei de snackbar

dêr waard de rook fan ferskrale frituerfet
my al gau tefolle, ik kokhalze
en wie midden yn ’e patattinte oer de nekke gien
as ik net tafallich de goede kant op fallen wie

troch de iepen doar nei bûten tsjin in lampepeal
dêr ’t ik ynmoedich en út ’e teannen wei
begûn te koarjen

út ’e fierte hearde ik
de stim fan muoike Sas: ‘sjoch no!… Lês fierder

Op syn Bildts

logo.ensafh

By it ferskinen fan: Sytse Buwalda, Grammatica van het Bildts. Sint Annaparochie 2024.

Yn Op syn Meslânzers (1 april ll.) gie it ûnder oare oer de ûnbekende oarsprong(en) en ûntsteanstiid fan dit Hollânske dialekt op Fryske grûn. By in oar lid fan dy famylje oan de foaroerlizzende kant fan it Waad binne beide gjin inkeld probleem. De komst is mei de ynpoldering fan de opslike Middelsee goed fêst te stellen fanwegen de dokumintaasje út dy tiid. Fan febrewaris 1505 ôf kamen de ynpolderders út Hollân del om der foar te soargjen dat de earste dyk tusken 1505 en 1508 lein waard om it gebiet hinne dat op de âldste kaart mei Bilt (1570) oantsjutten wurde soe, letter mei Het (Oud) Bild en úteinlik mei Het Bildt (Frysk: It Bilt).… Lês fierder

Blog Johan Veenstra: Pries en brillen

logo.ensafh

Gerard Marcel de Jong, mien kollega-kollumnist in de Liwwadder Kraante het de Rink van der Veldepries wunnen veur zien en de eerste Bildtstaelige roman Blau fan dagen, griis van onrust. Ik hebbe Gerard d’r votdaolik mit fielseteerd. Ik kreeg een peer jaor leden as eerste de Rink van der Veldepries veur een boek dat niet in et Fries schreven was. Dat was de roman Vroeger is veurgoed veurbi’j. Ik vien et hatstikke mooi dat die mooie pries now een Stellingwarver en een Bildtse winner het.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Aginda 16-05-2024: De Fryske Dichtersjûn

logo.ensafh

Verrassend, scherpzinnig en puur. Op donderdagavond 16 mei toveren we het café om tot Fries dichterspodium. Met Friestalige beat- en jonge dichters. De beatdichters brengen teksten over dood, eenzaamheid en verlies terwijl de jonge dichters gedichten over liefde en verlangen voordragen. Kom langs en dompel je onder in Fryske gedichten!.

Lês fierder by NeushoornLês fierder

Aginda 24-05-2024: Bondelpresintaasje ‘Oantinken’ fan Pieteke de Boer

logo.ensafh

Freed 24 maaie presintearret Pieteke de Boer har earste bondel/skrift mei poëzij. Gongbere teksten oer fertriet, rou en treast. Neist poëzij is der ek muzyk te hearren. Fan 16.30 – 17.30 oere.

Dichter Pieteke de Boer wûn yn 2016 in Rely Jorritsmapriis en skriuwt foar grut en lyts. Se stiet ûnder oare mei ferskes foar bern yn It Grutte Foarlêsboek I en II. Ek hat se twa jier lang gedichtsjes skreaun foar it Instagramakkount Biebguppies.

Sjoch foar mear ynfo by Biblioteek WommelsLês fierder

Teleks: Gerard de Jong wint Rink van der Veldepriis

logo.ensafh

Gerard de Jong is dit jier de winner fan de Rink van der Veldepriis. Hy krijt de twajierlikse priis foar syn boek ‘Blau fan dagen, griis fan ônrust’. It boek is in romandebút, en tagelyk de earste roman yn de Biltske streektaal.
Yn in earste reaksje seit De Jong út de skroeven te wêzen. “Ik bin der hiel wiis mei, it is in hiele eare.”
It boek giet oer skilder Sierd, dy’t wrakselet mei fan alles: mei syn keunst, mei It Bilt, mei in trauma en mei de leafde. Hieltyd wer moat er kieze: gean ik links of gean ik rjochts.… Lês fierder

It Gasterlâns belöchte

logo.ensafh

Op 2 maaie stiet der in pilotgearkomste pland foar in kursus Gaasterlânsk. By genôch animo jou ik de kursus yn maaie en juny yn ’e biblioteek yn Balk. In parseberjocht is op syn plak. Dêrfan fine jimme lykwols alle ynformaasje op ’e webside fan ’e biblioteek. (Pilotbijeenkomst, z.d.) Ik tocht, ik weagje my hjir ris oan in dialektologysk fergelykjend ûndersyk mei in mear provisoaryske as profesjonele ynslach. Even it Gaasterlânsk útljochtsje tusken oare soarten Súdwesthoeksk Frysk. Te begripen mei in lichte toan.

Lês fierder by Joël Hut op Frisistyk.… Lês fierder