Giny Bastiaans

Noch mear dowen

logo.ensafh

Freondin T. siet op ’e praatstoel. Se wie ferhuze. Nei in appartemint. En it wie o sa nei ’t sin. Trije heech, útsicht oer de greiden en ûnder wie ek fan alles te belibjen. Skilderje, muzyk, kofje drinke, ite, rabje.
Se hat ek in moai grut balkon. Bakken mei kleurige blomkes en fansels in hokje om wat iten foar de fûgels op te struien.
‘Sa gesellich,’ nokkere T., ‘ik mei graach oer fûgeltsjes om my hinne. Oars kin it gjin thús wêze.’
Ik wie it mei har iens. Ik siet noch mar krekt doe’t de bel gie. Har buorman kaam deryn en sa te sjen wie er wat oeral.… Lês fierder

Nederlandse auteursrechtenorganisatie Pictoright en Meta ontmoeten elkaar in de rechtbank

logo.ensafh

De Nederlandse auteursrechtenorganisatie Pictoright heeft Meta, het bedrijf achter onder andere Facebook en Instagram, succesvol gedagvaard wegens auteursrechtinbreuk. Meta weerspreekt de klacht van Pictoright, maar de rechtbank heeft bepaald dat er een zitting zal komen. En wel op donderdag 19 september, bij de rechtbank in Amsterdam.

Lês fierder by VillamediaLês fierder

Kollum Jan Schokker: Pronkfûgels

logo.ensafh

It is net dat ik in foeterjende âldman wurden bin, hielendal net, mar der is wer wat dêr’t ik my bot oan ergerje. Juster mei de auto nei de garaazje west en no al in mailtsje mei in fraach oer hoe tefreden oft ik oer it wurk dêr bin. Se wolle dêr o sa graach in tsien as sifer. Wat is dat no foar in ûnbeskamme fraach? Yn dit lân fan gewoan dwaan en foar jins wurd stean raast soks foar my oan ’e protters. Fansels, de garaazje hat it wurk netsjes ôfhannele, mar wachtsje it oardiel moai yn nederichheid ôf, soe ik sizze.… Lês fierder

Aginda 27-06-2024: Fryske Poëzij Slam

logo.ensafh

In jûn fol Fryske Poëzy

Op tongersdei 27 juny om 19:30 oere is ús kafee De Gouden Leeuw it dekôr foar de Fryske SLAM 2024. Op dizze bysûndere jûn sille tsien talintearre dichters it tsjininoar opnimme yn in poëzywedstriid dêr’t de Fryske taal en kreativiteit sintraal steane.

De dichters dy’t harren wurk bringe sille, binne Marije de Lange, Kees de Vries, Carla van der Zwaag, Karst Tjoelker, Lara Kool, Sigrid Kingma, Martsje de Jong, Syds Wiersma, Tamara Feddema en Ypie Bakker. Elk fan harren sil stride om de titel ‘Bêste Fryske Foardrachtskeunstner’ en in jildpriis fan €500. Ferline jier wûn Syds Wiersma de slam en hy sil no syn titel ferdigenje.… Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de masterclasses Foardragen foar skriuwers

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje op ‘e nij in rige masterclasses Foardragen, foar skriuwers dy’t wurkje wolle oan it presintearjen fan harren teksten. De masterclasses wurde jûn troch Zen Roorda, Nyk de Vries, Marrit Jellema en Janneke Brakels. Meidwaan is fergees.

Lês fierder by leeuwardencityofliteratureLês fierder