Werprintinge Jentsje-boekjes: se bliuwe populêr

logo.ensafh

Seis Jentsje-boekjes ferskine op ’e nij yn in werprintinge fan 1000 stiks de titel. Al sûnt 1981 jout de Afûk de populêre rige mei Jentsje-boekjes út. Ferskynden der yn 1981 earst trije titels (Jentsje syn bear, Jentsje syn koekje, Jentsje syn auto), de searje waard stadichoan útwreide nei tsien titels. Dêrfan ferskine de seis dy’t ek yn 2007 en 2015 as kartonboekje útbrocht binne, no opnij yn in werprintinge fan 1000 eksimplaren per titel.

Lês en sjoch fierder by Henk van der Veer op Groot Sneek… Lês fierder

Teleks: Oprop advyskommisjelid Gysbert Japicxpriis 2025

logo.ensafh

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân siket in ûnôfhinklik lid út it literêre fjild foar de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2025. Jo kinne jo belangstelling dêroer oanjaan.

Deputearre Steaten rikt twajierliks de Gysbert Japicxpriis út. Dat sil wer barre yn de hjerst fan 2025. Yn 2025 wurdt de priis útrikt foar poëzij. De advyskommisje bestiet út trije leden, gearstald út in foardracht troch Tresoar, de Fryske Akademy en ien lid út it literêre fjild. De taak fan de advyskommisje is it beoardieljen fan de literêre wurken en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis. De advyskommisje sil foar de simmerfakânsje fan 2024 beneamd wurde troch Deputearre Steaten.… Lês fierder

Op ‘e nij besjoen: Afûk-kursus Psychology fan dyn taal

logo.ensafh

Ynsjoch yn dyn taalgedrach en taalgewoantes

Afûk, kursusmateriaal pyschology fan dyn taal

Yn de skoallekrante Inktzwam 11, 4, 1976: 7 fan it Nassau [no Bornego] College op It Hearrenfean haw ik it stikje ‘Praet mar Frysk’ (yn de âlde stavering) skreaun oer it hâlden fan in twatalich petear en wat dêr anneks mei is. Ik siet doe sels mei de fraach nei de taalkar: yn wat taal begjinne jo tsjin in ûnbekende; yn it Frysk of yn it Nederlânsk? Ik fûn nammentlik út dat as jo yn sa’n situaasje yn it Nederlânsk begjinne en dêryn trochgeane, dat jo by in foute kar – want de oare blykt úteinlik ek Frysktalich -, der in raar gefoel oan oerhâlde.… Lês fierder

Dré Siderius

tsjuster is it

logo.ensafh

 

 

 

tsjuster is it
tsjuster as myn ferjit
lis ik yn in klûs
de tiid is op, ik lien
fan ien dy’t te ier giet
in berutsen fjoer
dit dwyljen tsjin de nacht
dan flakkeret my wat wylds de holle út
is it eangst, ynslûpte
ûnrêst, synysk ûngemak
oer wa’t my wachtet, oft der ien wachtet
kin ik moarn wer wêze
fêst, beret
in fers útfike krekt
it ljocht wifket lang en stjoert
in stoarm foarút… Lês fierder