Martsje de Jong

Lubbert Jan de Vries presintearret ‘Liet fan mysels’

logo.ensafh

Yn de tsjerke fan Jellum, dy’t tsjintwurdich as teätertsjerke It Mammemahûs bekend stiet, presintearre Lubbert Jan (Bert) de Vries sneon 13 april syn Fryske oersetting fan ‘Song of mysels’, it grutste en bekendste wurk fan de Amerikaan Walt Whitman (1819 – 1892). In gedicht, sûnt 1862 besteande út net minder as 52 fersen, mei as neigesetsje ek noch de oersetting fan it folsleine foarwurd fan Whitman sels sa’t dy dat yn 1855 skreau yn de bondel ‘Leaves of grass’, dêr’t de earste ferzje fan ‘Song of myself’ yn stie. Doe noch mar tolve fersen lang, trouwens. Om dat foarwurd ek oer te setten, wie it idee fan útjouwer Piter Boersma.… Lês fierder

Blog Jaap Slager: De jeugd en de takomst fan it Frysk

logo.ensafh

It is faaks wat in skriele treast, mar it rint mei it Hollânsk noch folle hurder op ’e non as mei ús memmetaal. Hoe oft ik dat wit? No, ik moat bytiden fan oare lju oerset wurk proeflêze. Dat wol sizze dat men in tekst kritysk lêst en wat troch de mesken kin, gewurde lit. Ommers, in bytsje bryk is minskelyk. Mar yn ’e praktyk stiet dizze Slager allegeduerigen mei it filearmes dwers yn ’e bek.
Ien fan ’e boeken dy’t ik de ôfrûne wiken ûnder hannen naam, wie wakker yn oarder. Dat moat fan in Fries oerset wêze, tocht ik fuort.… Lês fierder

Blog Sigrid Kingma: Lytse Huber

logo.ensafh

Fosite hat har earste gedichten foardroegen yn de styl fan Diet Huber! It wie tidens in foarstelling fan de badskyldpodden. Ien foar ien sette se de bisten op de kraan, want dat wie tagelyk it poadium en de dûkplanke. Alle fjouwer skylpodsjes mochten in gedicht foardrage en ik wie it publyk. Ik ha gau in stik papier pakt en skreau sa fluch mooglik mei. Dit is it resultaat fan de fjouwer performers.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Aginda 25-04-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Friese Befrijdingsdach

logo.ensafh

Ut is fandaach Friese Befrijdingsdach en ok in Sneek wappert de flach fan’e koepel fan’e Groate Kerk. Bij oans thús hangt de flach trouwens ok út.
Ondertussen is ut op’e kòp ou 79 jaar leden dat in Sneek De Waach in braan stond, ok de titel fan un boek over de oarlòchsjaren in Sneek.
Op 15 april 1945 fonden de wechtrekkende Dútsers ut noadech om gepast ouskeid te nimmen fan Sneek. Se staken de Waach in braan. Spitech genoech is butterwaach noait herboud, mar dat tersijde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder