Mainzer Beobachter: Lanceloet en het hert met de witte voet

logo.ensafh

Lanceloet en het hert met de witte voet vind ik een van de tofste ridderromans. Vooral ook omdat het een kort verhaal is. Qua queeste zijn er uiteraard langere en dus betere verhalen te vinden, maar die vervelen mij op een gegeven moment. Lanceloet en het hert met de witte voet is lekker compact, en alles zit erin. Zelfs die arrogante Keye. Kortom, iedereen zou het moeten lezen.

Daarom heb ik er een vertaling van gemaakt, en die vertaling stel ik gratis beschikbaar aan de samenleving.

Lês fierder by Jona LenderingLês fierder

Teleks: 2,5 miljoen euro ekstra frijmakke foar nij Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer

logo.ensafh

Minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken lûkt 2,5 miljoen euro ekstra út foar de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). De minister die dizze tasizzing woansdei ûnder it twaminutedebat oer de BFTK yn de Twadde Keamer.
Foar de AFUK is de kommende fiif jier oardel miljoen ekstra beskikber en foar it oanstellen fan koördinatoaren meartaligens by de Fryske gemeenten lûkt it Ryk 1 miljoen euro út. No’t dit regele is, kin dy nije bestjoersôfspraak neffens minister De Jonge wol gau tekene wurde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 23-04-2024: RIXT Literêr Sirkwy – Wrâldboekedei en San Jordi

logo.ensafh

RIXT Literêr Sirkwy – Wrâldboekedei en San Jordi

Tiisdeitejûn 23 april, op Wrâldboekedei, organisearret Dichterskollektyf RIXT wer in Literêr Sirkwy. Dizze kear by Tresoar yn kafee De Gouden Leeuw.

Dielnimmers oan de RIXT-kursus ‘Poëzy Skriuwe’ fan ôfrûne winter drage foar út wurk dat sy by de kursus skreaun hawwe. Nei it skoft is der Katalaanske poëzy yn it Frysk. Ignasi Ripoll en Syds Wiersma drage fersen fan ferskate Katalaanske dichters foar, dy’t sy it ôfrûne jier yn it Frysk oerset hawwe.

Op 23 april is it UNESCO Wrâldboekedei. Sûnt 1995 is der dy dei yn in soad lannen bysûndere oandacht foar it belang fan lêzen en boeken.… Lês fierder