Op ‘e ledegearkomste fan it Obe Postma Selskip, juster yn Tresoar, is de stân fan it kulturele libben yn Fryslân hifke.
Mar om te begjinnen waarden Philippus Breuker en Siebren van der Zwaag unanym as earsten earelid fan it yn 2006 oprjochte selskip beneamd. Beide manlju stiene mei Jan Gulmans oan ‘e widze fan it selskip en hawwe gâns in skoft yn it bestjoer sitten en as sadanich in protte wurk ferset. Breuker hat lykas bekend de yn 2018 ferskynde biografy fan Obe Postma op syn namme stean: ‘Dreaun fan ierde’. Van der Zwaag hat der as driuwende krêft û.o. foar soarge, dat der yn 2010 in bondel mei in seleksje gedichten fan Obe Postma útkaam mei oersettingen yn it Holllânsk en Russysk.… Lês fierder