Aginda 28-03-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder

Petear mei Abe de Vries: ‘Sûnder les yn de eigen taal wurdst handicapt de wrâld yn skopt’

logo.ensafh

Sels hat er der gjin hekel oan en hy falt ek net flau: bloed ôfnimme. Troch bloedearmoed moast Abe de Vries it in skoftlang faak ûndergean. Syn nijste bondel Bloedprikke giet oer ôfskie nimmen.
Bloedprikke kaam yn novimber út. In hommels ûntstiene bloedearmoed mei in operaasje dy’t derachter weikaam, makke dat er twa jier ferlyn in pear moanne thús sitte moast.
Hy moast faak delkomme foar bloedkontrôle. Fan de sykte hat er geastlik in tik meikrige, mar it is no wer goed mei syn bloed.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder

Aginda 19-03-2024: Literatuer en rou, temajûn yn de Boekewike

logo.ensafh

Literatuer is fan grutte betsjutting by rou. It lêzen fan boeken en gedichten oer ferlies en fertriet kin treast biede. Ta gelegenheid fan de lanlike Boekewike organisearret Tresoar in jûn oer dit tema, yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân. Oanlieding is de FryslânDOK Winterzwanen. Twa Fryske skriuwers, Nynke Sietsma en Sytse Jansma, fertelle dêryn oer de krêft fan it skriuwen yn tiden fan rou. Sy binne te gast op tiisdei 19 maart yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar. Elkenien is fan herte wolkom!

Sjoernaliste Nynke Sietsma (1980) ferlear har soantsje Berend oan in slimme sykte, hy wie noch mar krekt fjouwer jier.… Lês fierder

Aginda 31-03-2024: Elmar Kuiper lêst foar út Frysktalich nij wurk

logo.ensafh

Elmar Kuiper lêst op 31 maart 2024 yn Jorwert foar út nij Frysktalich eigen wurk. Dêrneist wurde der trije koarte Frysktalige Poëzyfilms fertoand, mei Nederlânsktalige ûndertiteling.

Still út Minskewolf

Minskewolf is it twadde diel yn de rige byldfertellingen Rûzje Wyn (Fluister Wind), dy’t regisseur Ester Eva Damen makke tegearre mei Fryske dichters Tsead Bruinja, Nynke Laverman en Elmar Kuiper, hieltyd om in Frysk gedicht hinne.
In part fan har jeugd wenne Ester Eva yn Fryslân. Se kearde werom mei de kamera om oansluting te sykjen by in tiid dy’t se yn har libben apart set hie. It hearren fan de Fryske taal brocht har by fergetten gefoelens.… Lês fierder

Het Friese klinkersysteem versimpelt

logo.ensafh

De klinkers van het Fries zijn aan het verschuiven. Het is het de doorgewinterde Fries geheid opgevallen dat de jongerei woorden als wiet ‘nat’ en wiid ‘wijd’ hetzelfde uitspreekt. Ook setjes als hûd ‘huid’ en hoed ‘hoed’ klinken hetzelfde. De lange klinkers, die van wiid en hûd, worden steeds vaker vervangen door een tweeklank die eindigt op schwa (dus: [iˑə] en [uˑə]). Op termijn zou dit tot een versimpeling van het Friese klinkersysteem kunnen leiden.

Lês fierder by Martijn Kingma op Frisistyk… Lês fierder