Anne Feddema

It kin oars

logo.ensafh

 

 

 

Fan dy fersen
Dy’t begjinne mei:
Doch dit
Doch dat
Fan dy tsien
Geboadenfersen
Sjoch hjir
Sjoch dêr
It is sa en sa
En sa en sa
Krite, stinne, kleie
Net te hurden
Dy waffelwurden
Opdolde kolder
Kwasy opropkrêft

Hâld ho
Stopje
Net mear lêze
Net mear skriuwe
Dát soart tsien
Geboadenfersen
Kleie, krite, stinne

Mei dy eamelerij
Sille jo jo
Fersen einigje

Jo moatte der
Nea mei begjinne.… Lês fierder

Teleks: 70ste Rely Jorritsma-priisfraach iepensteld

logo.ensafh

70ste Rely Jorritsma-priisfraach iepensteld

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en
gedichten 2024 is iepensteld. It is de 70ste kear dat de priisfraach
útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers
ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin
maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of
gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 1 maaie o.s.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint
bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de
bêste fiif gedichten en de beste fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder

Teleks: Nij Akademylid foardrage

logo.ensafh

As wittenskiplik ynstitút hat de Fryske Akademy al sûnt syn oprjochting leden. Akademyleden binne persoanen fan rûnom op ‘e wrâld, dy’t dy ûnderskieding wurdich binne op grûn fan fertsjinsten op it mêd fan de Fryske wittenskip, fertsjinsten foar de Fryske kultuer, of in grutte, oanhâldende niget oan de wittenskip of foar de Fryske kultuer yn it algemien.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Kollum Jan Schokker: Uleballen

logo.ensafh

Sneintemiddei soe ik it hûs yn om kofje te setten, doe’t ik myn âlde kunde fan twa ûlen útlitten sjongen hearde. Gewoanwei slûgje se wat stiifhollich op ien fan ’e pynbeamtûken yn ’e tún fan ús buorlju, mar no hiene dy beide wille as twa oerdwealske mosken yn it sân. As wiene se dronken, sa drok dy twa. Beide hiene in blauwyt sjaaltsje om ’e nekke knope. Dat koe dit wykein dus mar ien ding betsjutte: myn twa net mear sa frjemde fûgels hiene behoarlik karnaval fierd.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Blog Huub Mous: De Fryske spagaat yn Ensafh

logo.ensafh

In siel krijt by de berte in wenplak en in namme. Myn berte joech wat rebûlje yn de Fryske famylje doe’t bliken die dat ús mem de nije stamhâlder net Manus Durk neame woe, sa’t de famyljetradysje dat foarskreau. Us heit hjitte Durk Manus, ús pake Manus Durk en ús oerpake wer Durk Manus … ad infinitum. De wegering fan ús mem waard troch de Fryske famylje opfette as in revolte tsjin it skaai fan de Mousen.

Lês fierder by Huub MousLês fierder

Kollum Jaap Slager: Dy’t in grêf dolt foar in oar …

logo.ensafh

– De lieder fan Ruslân en syn plutokraten hiene in drôvich lyts bytsje respekt foar in minskelibben – alteast, as it om it gewoane folk gong … Ja, Douwe?

– Hat master it oer de oarloch fan 2022, master?

– No, nee. Ik haw it oer de Earste Wrâldoarloch fan 1914, mar … do hast gelyk, jonge, dat hie ik der efkes by sizze moatten … Ja, Hawa?

– Wat binne plutokraten, master?

Lês fierder by It NijsLês fierder