In Memoriam dichter Jacobus Q. Smink (1954 – 2024)

logo.ensafh

Dichter Jacobus Q. Smink is 26 jannewaris ferstoarn. Smink wie in kleurryk mins mei in gouden pinne. Hy lit seis bern en in prachtich oeuvre nei. Syn biografe Marian Hulshof skreau in moai IM oer him foar de Moanne.

– – – – – – – –

Op 31 januari 1954 hangt op de kerk in Sondel de vlag uit. Jacobus Smink is geboren en prinses Beatrix is jarig. Jacobus is vierde van negen kinderen.

Hij bezoekt de School met den Bijbel in Sondel, gevolgd door de Christelijke Mulo in Balk en Havo ‘De Him’ in Sneek. Jacobus’ levendige fantasie blijkt als hij werkt op de Zondagschool in Sondel.… Lês fierder

Jelma Knol

Jacobus Quiryn Smink (31 jannewaris 1954 – 27 jannewaris 2024)

logo.ensafh

Krekt foar syn santichste jierdei ferstoar Jacobus Quiryn Smink, dichter, heit, oersetter en dosint. De lêste twa jierren wenne er net mear yn Eindhoven, dêr’t er jierrenlang foar de klasse stie, mar yn Sondel, yn in sjalet op it hiem fan syn leave suster Tiertsje.
 
Sondel die him goed: it wie in nije start yn syn libben en hy hie in soad ballêst fan him ôfsmiten. It wie krekt as krige Kobus in gruttere mentale romte. Hy koe wer frij en iepen oer himsels prate, hoegdest net mear te tinken: wat is no wier fan syn ferhalen of net? Nim no dy Q fan Quiryn yn syn namme.… Lês fierder

Ympresje Hein Jaap Hilarides fan de grutte gedichtejûn fan Ensafh: “It begjin dat foarút wol”

logo.ensafh

De grutte gedichtejûn fan Ensafh op 26 jannewaris 2024
Ympresje fan Hein Jaap Hilarides

Yn in razend tempo komme de dichters foarby. De iene nei de oare stiet achter de mikrofoan midden yn it kafee-restaurant Ferron. De grutte gedichtejûn fan Ensafh, edysje 2024, is diskear op It Fean oan de Lindegrêft. Carla van der Zwaag byt de spits derôf. Fan it earste Alexander Block, seit presintator Anne Feddema. Dat is in wurdspul fan de Gysbert Japicxpriiswinner, fansels.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Marrit Jellema nije Stedsdichter fan Ljouwert

logo.ensafh

Marrit Jellema is de nije Stedsdichter fan Ljouwert. Oant jannewaris 2026 skriuwt se oer Ljouwert en reflektearret se op wat der libbet. Hja jout wurden oan wichtige barrens yn ’e gemeente Ljouwert en oan it gefoel dêroer.

Kultuerwethâlder Hein Kuiken makke tiidsdeitejûn yn ’e Westertsjerke de namme fan de nije Stedsdichter buorkundich. Hja waard troch in fiifkoppige sjuery keazen. De sjuery wie it by einbeslút iens oer de kar, stiet yn it sjueryrapport: ‘Marrit joech in útfiering by de sollisitaasje dy’t in protte yndruk makke. Lykas in sjuerylid sei: “Hja azemet poëzy.”’ Dêrneist presintearre se in wiidweidich plan om wurdkeunst/poëzy tichter by ferskate doelgroepen yn ’e gemeente Ljouwert te bringen.… Lês fierder

Kollum Hein Jaap Hilarides: Sikehuusklompys

logo.ensafh

’n Stoere fint kwam op sikehuusklompys de kleedkamer fan ’t swimbad in. Witte tennissokken stakken ônder ’n donkerblauwe gymbroek met te korte boksen út. Binnen twee tellen ston hij in ’e bloate kont. Syn seuntsy ston op ’e bank tun de muur an.
‘Hat er moai swommen?’ froeg de man.
’t Jonky hoorde ’n soemend geluud. ’t Kwam achter de deur fan de kleedkamer weg.
‘In feechauto!’ riep ’t mantsy. ‘Wat docht dy hjir?’

Lês fierder by It NijsLês fierder