De rol fan it Frysk as aktyf brûkte taal yn de Fryske identiteit

logo.ensafh

Yn de twadde helte fan 2023 haw ik foar myn bachelorskripsje sosjale geografy en planology oan de Universiteit fan Amsterdam ûndersyk dien nei it ferbân tusken in ‘regionale’ taal en regionale identiteit, yn de kasus fan Fryslân en it Frysk. Dêrby haw ik my yn it bysûnder konsintrearre op de mjitte fan aktyf taalgebrûk troch de persoan sels, en ek op de bleatstelling oan aktyf taalgebrûk troch oaren om dy persoan hinne. Dat ûndersyk hat opsmiten dat sawol it brûken fan it Frysk as it bleatsteld wurden oan it Frysk in positive ynfloed hawwe op de identifikaasje mei Fryslân. Fierders hawwe dyselde faktoaren gjin ynfloed, posityf of negatyf, op de identifikaasje mei Nederlân.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: De Verschrikkelijke Schoolmeester

logo.ensafh

We sitte midden in de Nationale Voorleesdagen dy’t nòch tòt en met saterdach 3 febrewary anstaande dure. Fan jongs ou an, ik durf wel te sêgen fanou de moederskoat bin ik overgoaten met foarlezen.
Ik hew ut dan nyt over ut foarlezen út’e Annie M.G. Schmidt har Jip & Janneke boeken, mar ut plechtech foarlezen út’e Bibel en de skeurkalenderboekjes met de fraaie titel ‘Kruimkens van ‘s Heeren tafel’. En dat allemaal in ‘e Tale Kanaäans. Dat gebeurde in ‘e jaren ’50 en ’60 fan’e twintechste eeuw op groate skaal in Protesaans Nederlaan.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Dichter en Gysbert-winner Jacobus Q. Smink (69) ferstoarn

logo.ensafh

Dichter Jacobus Quiryn Smink is ferstoarn. Yn 2013 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn bondel Sondelfal. Smink is 69 jier wurden.
Smink waard berne yn 1954 yn Sondel. Hy wie boeresoan en kaam út in húshâlding fan njoggen. Hy folge de stúdzje Nederlânsk oan de learare-oplieding yn Grins. Nei syn ôfstudearjen ferhuze er yn 1980 nei Brabân.
Sûnt 1983 wenne er yn Eindhoven dêr’t er wurke as dosint Nederlânsk.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Alde Fryske kroniken foar in part mei AI-technyk trochsykber makke

logo.ensafh

Tresoar hat tweintich âlde, Fryske kroniken online trochsykber meitsje litten. Dat is dien binnen it lanlike projekt ‘Chronicling Novelty’. Foar in part is dit automatysk dien mei AI-techniken.
In kronyk is in gronologysk ferhaal of in samling notysjes mei histoaryske feiten. In soarte deiboek dus, dêr’t de auteur yn opskreaun hat wat er wichtich fûn.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Blog Johan Veenstra: Weer op stap

logo.ensafh

Krek as vleden weke zaoterdag he’k weer mit Jarmo op stap west. We bin hier in Ni’jhooltpae west en in Et Vene. We hebben weer luncht in Lekkerz an de Dracht. Doe we naor die lunchroom kuierden, scheut een vrouw me an die me herkende van mien kollumfoto in de kraante. Ik kende heur niet. Ze vertelde dat ze mien kollums in de kraante altied in de biebeltheek las.

Lês fierder by Johan VeenstraLês fierder

Kollum Jan Schokker: Fanatike fûgels

logo.ensafh

Moai stikje yn de media oer Jeen van den Berg, in pear wike lyn. It gie oer fanatisme, oer it jinsels hielendal weisiferje kinnen, it opsykjen fan de boaiem fan jins krêft en úthâldingsfermogen en dêr dan noch ûndertroch te kinnen ‘mei it ferstân op nul en de eagen op ûneinich’. Dêr moat men karakter foar ha, oars wint men gjin Alvestêdetocht. Soks moat oanberne, wat sei, oererve wêze. Ik ha Van den Berg meimakke op It Hearrenfean as trainer by KV Blauw Wit en as learaar op skoalle. Fansels seagen we allegearre by ús held op, mar it wie ek in o sa sympatike man en dy kombinaasje is altyd wer in ferrassing.… Lês fierder