Teleks: Advys Raad voor Cultuur: mear subsydzje nei kultuer yn de regio’s

logo.ensafh

Subsydzjes foar kultuer moatte better ferdield wurde oer it lân. Dat fynt de Raad voor Cultuur.
Op dit stuit krijt it westen de measte stipe en wurdt de rest fan it lân achtersteld, sa konstatearret de ried. Der moat ek ekstra jild nei kultuer: 200 miljoen euro.
“De cultureel sterke regio’s worden steeds sterker, terwijl in andere regio’s de kansen en voorzieningen juist afnemen”, skriuwt de ried yn in advys foar in nij subsydzjestelsel. Dat advys is makke op fersyk fan de ferantwurdlik steatssekretaris.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: RUG tinkt nei oer stúdzje Frysk op Campus Fryslân yn Ljouwert

logo.ensafh

Dekaan Thony Visser fan de Ryksuniversiteit Grins is wiis is mei it KNAW-rapport ‘De toekomst van de frisistiek’. Visser wol ûndersykje oft de stúdzje Frysk ek in plak krije kin op Campus Fryslan fan de RUG yn Ljouwert.
Se is hjiroer yn petear mei it ministearje fan Underwiis en de Fryske Akademy. “Mei de nedige finansiering en ekspertize is in soad mooglik en wurd ik ek entûsjast foar de frisistyk, want it is in moai fak. Net eltsenien leaut it, mar de universiteit fan it Noarden hat in waarm hert foar it Frysk.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Giny Bastiaans

In âlde kop

logo.ensafh

De Buienradar hie sein dat it net reine soe. Dus hie ik gjin paraplu meinommen, de stêd yn. Ik wie amperoan in kertier de stêd ynrûn of it eaze al wer. Ik dûkte gau it portyk fan in kapper yn om te skûljen. ‘Kom derby!’ sei in frou dy’t al earder de bui hingjen sjoen hie. Se siet djip yn ’e sjaal. Hie in fleurige pet derby op, en moai opmakke eagen.
‘Wy binne yn goed selskip,’ sei se en wiisde nei de grutte posters fan moaie froulju mei in prachtich bosk hier. ‘Ik stie my krekt te besauwen,’ sei se, ‘sa perfekt at dy froulju der útsjogge.… Lês fierder

Skôging Pier Boorsma: Autonomy of status aparte foar it Frysk?

logo.ensafh

De tradisjonele mienskip stiet ûnder druk troch de mondialisearring fan de ekonomy en kultuer. Sadwaande binne naasjesteaten hieltyd minder fan belang. De flugge stêdlike ûntwikkeling soarget dêrfoar dat de sosjale ferbannen losser wurde.

De liberalen sjogge dy ûntjouwing as in befrijing fan it yndividu, de kommunitaristen dêrfoaroer miene dat dit de sosjale koheezje ûnderstek docht.

Sa ûntstie der yn de njoggentiger jierren fan de foarige iuw in diskusje tusken liberalen en kommunitaristen oer wat de bêste maatskippijopfetting wie.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Hoe sit it no krekt: Frysk yn it spesjaal ûnderwiis

logo.ensafh

Op dit stuit wurdt wurke oan de nije Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer 2024-2028 (BFTK). De foarige edysje is jildich fan 2019 oant 2023 (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018). Neffens de ‘âlde’ BFTK is in útgongspunt dat it Ryk en Provinsje der tegearre op lange termyn foar soargje dat op alle ûnderwiisnivo’s en yn de lange learline – fan pjut oant promovendus – de goede rânebetingsten kreëarre wurde foar ûnderwiis fan it Frysk (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018). De ambysje foar 2030 is dat Frysk fanselssprekkend is as omgongstaal en ynstruksjetaal yn alle ûnderwiis (Ministerie van Binnenlandse Zaken en Koninkrijksrelaties & Provinsje Fryslân, 2018).… Lês fierder

Aginda 25-01-2024: Skriuwerskafee | Workshop Skriuw dyn eigen rap!

logo.ensafh

Hâldst fan taal en hast nocht om mei wurden en ritme te boartsjen? Doch dan op de Lanlike Gedichtedei mei en skriuw dyn eigen rap ûnder lieding fan KUÒ. As hiphopartyst stiet Kuo Weh Ho ûnder syn artystenamme KUÒ geregeld op festivals. Dit jier ferskynde syn album ‘Noorderlicht’ yn gearwurking mei Poelier.

KUÒ boartet op in filosofyske manier mei wurden en makket oneliners mei djipgong. Yn syn workshop krijst tips and tricks foar in pakkende tekst en hoe’tst dy oan it publyk oerbringst.

Lês fierder by TresoarLês fierder