Kollum Arjan Hut: It hûs boud op in saad

logo.ensafh

Thús’, dat is it tema fan de kommende wike fan de poëzy.“In hûs yn in gedicht is mear as inkeld bakstiennen”, seit it parseberjocht fan Poetry International oer de poëzywike dy’t tongersdei begjint. “Dichters bouwe huzen dy’t besteane út oantinkens, roken, kleuren.”

Thús hoecht net in hûs te wêzen, net iens in plak. Do kinst thús wêze yn in dream, in idee, in melody. Do kinst thús wêze yn de taal sels. Kinst thús wêze yn de poëzy. Soms slachst in bondel iepen en fielst dy hielendal wolkom. In gedicht docht de earms om dy hinne … no, sa kin it trouwens ek wol wer!… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Gehakballen fan Geert

logo.ensafh

Nasjonalisme gaat blykber deur de maach at ik de Groate PVV-Leider Geert Wilders love mut. Geert is gek op un gehakbal en hij maakt um sterk foar wat hij de Hollandse pot noemt.
At je foar de gehakbal binne, dan is dat futdaleks teugen halal. En at de Limburgse PVV’ers suurflees, ut strekgerecht fan peardeflees met soetsúre saus op ut menu sette, dan is dat un teken fan eigenheid sêge de súderlingen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Wêr is … keard?

logo.ensafh

In kollega op ’e Fryske Akademy frege my nei oanlieding fan de fynst fan in kacheltsje fan it Poptaslot fan Marsum oft ik de ûndertitel “mar wêr binne de oaren keard?” wol bêst genôch fûn. Ik hie der gjin problemen mei, mar bin fansels kleure troch de regio dêr’t ik opgroeide en de hast acht jier dat ik al yn de Fryske akademyske rûnten meidraai. Neffens rabbeltsjes yn ’e kuiergongen seach de korrektor fan ús provinsjale stjoerder wol swierrichheden, en it grutste part fan de online redaksje dêre lyksa. Jout fansels neat, mar it is wol deeglik geef Frysk. Dêr wol ik yn dit stikje efkes oer op ’e tekst.… Lês fierder

Teleks: Kursus berneproaza foar trochsetters

logo.ensafh

Hast in begjinkursus Proazaskriuwen foar bern folge? Lit it skriuwen fan in moai ferhaal of miskien in boek dy net los? Dan is de kursus Berneproaza foar trochsetters grif wat foar dy! De kursus wurdt jûn troch Hanneke de Jong.

Want skriuwen is trochsetten, om dat watst yn ‘e holle hast yn goede wurden en sinnen op it papier te setten. It helpt om dat earst mei oaren te dwaan en der begelieding by te hawwen.

Hoe sjocht dy kursus der dan út?
De seis lessen wurde yn twa stikken ferdield. Yn it earste oere geane wy mei-inoar oan ‘e slach en wurkje oan swierrichheden dy’t de kursisten opstjoerden yn harren wurk.… Lês fierder