Kollum Gerard de Jong: Ik sou wille dat d’r foor ôfdankte auto’s ’n opfang bestaat

logo.ensafh

Hij knipperde as ’n opwonnen puppy doe’t ik op ’t ‘op slot’-knoppy drukte. Dat nam mij altyd foor him in, dat kwispelen met de lampen. Dut waar de leste keer.

Bart had krekt ‘t frijwaringsbewiis klaar maakt: ’t bewiis dat wij útnander binne. Myn trouwe Peugeot 207 wacht nou in genade op ’t hiem fan gerazy Kuiken op ’n koper. Ans wort ‘t de sloper. ‘Mooi op tiid foor oud en nij, kin-y op de hoek fan St.-Anne in de brând,” grapte Bart. “Dink d’rom, hin?” saai ik spytgnizend. “Dat binne gyn grappen.”

Monteur Bart het jaren foor de auto, en mij as bestuurder, sorgd.… Lês fierder

Henk Nijp

Novimber

logo.ensafh

 

 

 

Wolken giselje troch neakene tûken
wyn tamtearret greiden ta sodzige sompen
reaget blêden op rudige rêgen

Protters boskje yn kloften
stekke as derwisjen dûnsjend
mei ‘t poalljocht de draak

Skrouske walen fermomje
geaen en fjilden yn nearzige iggen
dêr’t it bloed yn ieren ferklommet

It eazet derhinne, al wiken
diken en ekers strûpe derûnder
it stjonkt nei bedjer en ferrotting

Swammen welje as swolmen
absessen nimme besit fan it mosk,
‘t bosk himet as ‘n âld hynder

Buorrens en flekken ferflokke de kjeld
dy ‘t lûkt troch moarch en bonken
koalige stâlen ferwurde ta snottige stronken

De ierde ferstjert en fersûpt
yn weagen fan dampige dridze
smoart yn har smûgende longen

Hjir helpt gjin gjalp nei de himel
mei knibbels op in wreed kleed
of gesang mei gebed sûnder ein

It is no inkeld mar wachtsjen,
jachtsje nei sinnewyn of it hillige fjoer
is folslein om ‘e nocht

 

 … Lês fierder

Aginda 25-01-2024: ‘Receptie voor het gedicht’ yn Dokkum

logo.ensafh

Donderdag 25 januari is Dokkum één van de plaatsen in Nederland en Vlaanderen, waar de Nationale Gedichtendag zal worden gevierd.
De dag is een opmaat naar de landelijke poëzieweek en het thema van 2024 is ‘thuis’.
Op het Stadhuis in Dokkum, De Zijl 2, komt dit thema volop aan de orde tijdens een zogenaamde ‘Receptie voor het Gedicht’.
Deze receptie wordt gehouden van 16.30 – 17.30 uur (inloop vanaf 16.15 uur) en is voor iedereen vrij toegankelijk.
Onder het genot van een hapje en een drankje kunnen belangstellenden luisteren naar gedichten van Eelke Veltman, Inne Bilker en Pieter van der Zwaag.… Lês fierder

Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 7: Willem Schoorstra

logo.ensafh

De Jongfryske Mienskip hat in podcast-pilot makke wêryn’t wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, by de kuier of mei byldskerm derby noflik op ‘e bank: lit it ús witte fia de sosjals mei it stekje: #JFMpodcast.

Yn dizze (foarearst) lêste ôflevering is Willem Schoorstra te gast. Súksesfol Frysk skriuwer, winner fan ferskate literatuer- en poezyprizen en bekend fan ûnder oaren de boeken Erfskip, Rêdbâd en Swarte Ingels.

Lês en sjoch fierder by de Jongfryske MienskipLês fierder

Kollum Arjan Hut:

logo.ensafh

Omdat ik gjin rydbewiis ha, is it in hiel oe heden om op Twadde Krystdei fan Ljouwert nei Surhústerfean te kommen. Earst mei de trein nei Bûtenpost, en dan mei in Opstapper (minstens in oere yn it foaren skilje) it lêste stikje. Yn de trein kin ik wol moai lêze, ik ha Fol gas sudenop fan Jelle Kaspersma (1948-2019) mei. Al gau stopje ik it bondeltsje yn de rêchtas, benaud om it stasjon wer ris te missen.

Op it stasjon in frou dy’t nei Surhuzum moat en in heal Nederlânsk, heal Ingelsk pratende Afrikaan dy’t yn Koatstertille wurket. Hy is benaud dat er syn buske mist hat en syn telefoan is op.… Lês fierder